Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

23 03 2015

Grinzer SER

Freeslike tastannen juster yn Belgie. It betsjutte dat justermoarn yn it saneamde krisisoerlis yn Den Haach de sifers foar de kommende septimberbegrutting al feroare binne. By definsje wurdt ferwachte dat it mei miljarden stige sil, al tink ik dat dy ûnderseeboaten  yn Molenbeek net safolle dwaan kinne. Mar ek de plysje sil der miljoenen by ha moatte. Se ha’t no hieltyd al oer ekstra maatregelen, it kostet no dus ek al folle mear jild as at begrutte wie. It falt te ferwachtsjen dat Nederlân politiek nije karren, keuzes, meitsje moatte sil. En ik moat earlik sizze, yn sa’n perioade sjoch ik altyd hiel erchtinkend nei alles wat der om ús hinne bard.

Sa kaam der moandeitejûn in berjocht binnen fan de SER Noord Nederland. Dat moat ik miskien efkes útlizze. Wy ha in nasjonale SER. Sociaal-Economische Raad. Dêr sitte ûndernimmers en fakbûnsljmu yn, en ek noch in pear hiele wize lju, leafst wat âlde politisi. Nijpels sit der fansels yn, mar ik koe Hermans net fine. Se prate polderjend om dêrnei adfyzen op ekonomysk mêd jaan te kinnen, mei yn achtnimming fan sosiale grinzen. Adfyzen oer wurk en jild. Se ha in tal jierren lyn ek in Noard Nederlanske SER oprjochte. Dy docht it selde, mar by Swolle hâlde se op. At de grutte SER net noardeliker sjocht, wit ik net. Yn de grutte SER sitte allegear fan dy jonges en famkes dy’t ik wolris yn fora of sprekbeurten sjoen en heard ha. Mar dy noardelike SER, dêr koe’k net ien fan. Inkel sjoen dat Renate Westdijk fan it MKB in Fryske adviseur is. Fierder bin it in pear Drinten en mear as tweintich Grinzers. Mar dat hiene je witte kinnen, alles wêr’t Noord yn stiet is ommers fan Grins.

Se ha in rapport makke. Ondergrond, kansen voor Noord Nederland. Se melde dêryn dat se pilots starte wolle. Ja, da’s echte ûndernimmerstaal. Pilots. Dy´t soargje moatte foar in oandiel yn de sirkulaire ekonomy. Da´s al in swier wurd. Nimmen rookt mear of lêst in krante, mar sirkulaire ekonomy is it draaien fan sjekjes mei krantepapier. Pilots. Eksperiminten. No ja, we witte wol hoe’t it moat, mar it is net te beteljen.  Geothermie. Waarmte út it djipste fan de ierde weihelje. Algenteelt, mar de goede alg is noch net iens ûntwikkele. Vervening, ja dat dogge we hjir al automatysk. Mar, en dan komt it, se wolle ek sjen nei it opslaan ûnder de grûn. Fan waarmte (werom helje we dat der dan earst wei), fan wetterstof (werom moat we dat opslaan, it begjint echt wol wer te reinen), fan perslucht (en dan gatsjes yn de grûn slaan sa dat it spuitet as in geiser en dan ha we krekt as Iislân der wille mei it toerisme fan) en sju, dan bin we der, fan CO2, in stof dy’t sa linkendewei deselde betsjutting hat as IS.

Se neame gas en sâlt net. Mar se begjinne wol mei in sintsje dat it hiele rapport wer ta jisketonnefoer makket. “We realiseren ons dat de ontwikkelingen met de gaswinning de kansen en mogelijkheden negatief beïnvloeden”.

Presies. We ha hjir hielendal gjin goed gefoel mear at de lju hjir yn de grûn oan it dollen binne. En we ha der hielendal gjin goed gefoel oer  dat we de gatten yn ús ûndergrûn folstopje wolle mei ôffal wat se earne oars net ha wolle. Mar foar it regear en oaren dy’t ek witte dat der no 17 miljoen lju yn Nederlân tahâlde, is Fryslân noch in redelik rom en frij lân, wat in moai ein fan Den Haach ôfleit. Se wolle dat spul hjir wol yn de grûn ha. Nee, net yn Grins, dat is al fersakke, dêr kin se te min kwyt.

We ha ús hjir yn Fryslân al grouwélich fersettten tsjin elke foarm fan opslach. Dus sjoch ik no hiel erchtinkend dat in echelon benammen hollânske lju yn de noardelike SER no de opdracht van it regear krige hat pilots op gong te bringen. Dy’t aanst miskien wol in goede útkomst ha. En dan sizze se “dan kin dy kearnôffal en oare rommel dêr de grûn ek wol yn”.

Erchtinkend. Gjin risiko. It rapport no daliks mar fuortdonderje.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s