Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

26 03 2016

Literêre triller

Ik sit woansdeis ynklimd tusken de tiisdei, Willem Schoorstra, en de tongersdei, Ferdinand de Jong. Jonges dy’t har spoaren fertsjinne ha yn de literatuer. Ik wol eins ek wol op dat nivo komme. Dan moat ik ek in literêr wurk skriuwe. Jawis, ik ha wolris boekjes skreaun. It lêste kaam út yn septimber. De moaisten fan trije en in heal jier elke dei in each fan eelke, dat is noch wol te krijen. Ik ha eartiids in boek skreaun oer de polityk yn Fryslân, mei as konklúzje dat se dêr net sa folle fan makken.

Sil ik wer in polityk ferhaal skriuwe? Mei wat histoarje? Sju, der hat in  tiid west, doe koenen de kolleezjes fan de provinsje en de gemeente Ljouwert amper mei elkoar prate. Se sieten elkoar altyd en ivich yn it paad. Ljouwert fûn it net nedich dat de provinsje bestie, en de provinsje die altyd krekt wat oars as Ljouwert woe. Konstante oarloch. Benammen doe’t Wiegel sokke fratsen út as it heareakkoart úthelle. Och heden, alle stoppen sloegen troch. It hat wol sa west dat se nettstjinsteande alles in ôfspraak makke hienen, mar at boargemaster te Loo dan ien menuut te let wie, wie Wiegel al wer fuort.

Yn dy perioade krige it doarp Reduzum in wynmûne. Dertroch ûntstie Fryske oarloch tusken de Grien Linksers dy’t wynernerzjy hillich fûnen en de lju dy´t op foarhân al lêst hienen fan slachskaad en naaimasjinelûden. Yn de jierren dêrnei hat de provinsje neat dien, benaud at se binne foar oarloch. Dêrtroch bin we no op de kofje kaam en moat we de Iselmar foar de helte ynleverje foar grouwélige wynmûnen. Dan komt de spannning yn it boek. Reduzum wol no in hegere mûne. En Reduzum leit no yn Ljouwert. It blykt dat de provinsje sit te klauwen oan it kulturele haadstêdjild. Dus sei Ljouwert toe mar Reduzum, in wynmûne fan 45 meter boue, kin jim noch mear fertsjinje want dat hâldt no net oer. Hege beammen fange it measte jild. In dei letter lei de provinsje al dwers, ûnder lieding fan VVD en FNP. Dy rinne mei mei it kolleezjeprogramma te wapperjen. It CDA twifelt, wol ek wol wat ekstra jild foar glêsfezel en de SP fynt diskusieare moaier as ôfsprutsen belied útfiere. Chaos.

Mar at je soks beskriuwe, miskien wol wat visionair fanút de holle fan Sybren Posthumus, FNP-steatelid mar ek Reduzumer, dan beskriuw je it gewoane kloaterige Fryske polityke libben. En ik moat eins ek ris krekt as dy mannen in roman skriuwe, of miskien in literêre triller. Dêr hâldt ik sels it measte fan. En ynienen krige ik dêr tongersdei twa ûnderwerpen foar.

Dat ferhaal fan sakeman Koen Everink dy’t fermoarde yn syn went fûn waard. In pear dagen letter wurdt Mark de Jong, de coach fan beropstennisser Robin Haase oanhâlden. Dy soe it dien ha. Wat kin je dêr in soad kanten mei út. Mar it is wol in typysk ferhaal fan in groep hollânske tennis- en sakepatsers dy’t elkoar allegear kinne. Sok folk ha we yn Fryslân net. En at ik it no oerset nei in Fryske sportkootsj. Jillert Anema of sa. Mar nee, Jillert praat soms inkel as in idioat, hy is it net. Dat wurdt neat.

Doe lies ik dat de 81 jierrige man dy´t yn Dokkum mei syn auto in 80 jierrige fytser oanriden hie, oppakt wie. Earst beskuldige fan deaslach, mar letter sei de plysje: dat hat dy 81 jierrige man miskien wol mei opset dien. Ja, hielendal mis tsjinoer famylje en neibesteanden, mar ik koe der echt neat oan dwaan, myn fantasij gie folslein mei my op de rin. Wat ik allegear net betocht. Fan dat twa âlde mannen yn it bejaardehûs beide in 70 jierrige buorfrou efternei sieten en dat dy fan 80 wûn en dat dy fan 81 dat net ha koe. Oant dat in fete fan 70 jier lyn op de legere skoalle no efkes útfochten waard. En alles der tusken yn siet.

Mar as je de dagen dêrnei lêze dat it gefoel dêroer ek noch wier blykt te wêzen, dan is it al wer oer. It echte libben is wreder as at je ea betinke kinne.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s