Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

31 03 2016

Lêze

De Peaske wie kloatewaar, sels de ljipaaien waaiden út de nêsten. Dus jo jouwe jo tús del, stofsûgje miskien in kear ekstra en sjogge twifeljend nochris nei bûten. Ach nee, de tún dochs mar efkes gewurde litte. Dan gean je langút op de bank lizzen. Jo lêze. Ik hie’t wol efkes hân mei dat drege boek fan Femke Halsema, dus ik skeakele oer nei in boekje fan Theunis Piersma. Nee, net fan dy nije wethâlder fan Dantumadiel, ik bedoel de natoerperfesser. Fan Gaast. “Waarom nonnetjes samen klaarkomen”. It is fan 2006, mar ik hie’t noch nea lêzen. Syn ûndersyk nei klearkommende skelpen. Moai. Mar tsjintwurdich binne wy lui, twa boeken is tefolle. Dus jo pakke dan de appkes. Nijs. Oan de Poastwei yn de Sweach (eartiids wie dat de huweliksmarkt foar de jongerein út de fiere omjouwing) ha natuerlju allegear lytse skermkes oplutsen. Dy skermkes twinge de podden om op ien plak oer te stekken. Want dy podden bin like idioat as einen en hazzen, at se wip yn de angel ha, dan moat se oerstekke. Dy ein kin we noch om hinne,  mar dy podden dogge it mei syn hûnderten tagelyk, der ha we wol oan. Se wurde no oerlitten, mar Opsterlân wie alle stopljochten kwyt, mar dy komme fansels no wer werom dêr an de Poastwei. We leare dy podden gewoan op it knopke te drukken en ho. Dat je dêr dan de hiele nacht steane is ek wol dúdlik. Mar dan sykje je mar in oar skelpke en dogge der leuke dingen mei.

As je wol trochride, dan bin je favoriet fan kritikus Huub Mous. Dy wol nammentlik dat KH18 in killer krijt. Lies ik ek op de tillefoan. Ferwûnderlik. Huub Mous hat altyd hiel bot tsjin west op KH18 en dy wol no ynienen  de oplossing biede omt KH18 minder jild krijt at se wol tocht hiene, sadat it wol trochgean kin. No moat dy killer dus gjin podden dearide, mar jild sammelje. Ik prate in pear wike lyn mei Jan van Erve dy’t dat jild binnenhelje moat en dy wie o sa tefreden. Hy is en hoegde gjin killer. Betizing, It folk fan Fryslân soe wol rjocht ha op in dúdlike  útliz en diskusje oer ien en oar. Mar ja, al dyjingen dy’t dat sa moai objektief organiseare kinne soenen, sitte mei hannen en fuotten yn KH18 om te griemen en wolle de boel net sear dwaan. Mar ik hear hjir en dêr dochs wol wat langstme nei de wize werop Jannewietske de Vries it yndertiid op preammen set hat.

Dus lies ik ek mar efkes wat Bertus Mulder, de âlde wize fan de Fryske PvdA, allegear sein hie, mar dat gie net oer KH18. Dat gie oer dat yn de PvdA allegear ferkearde lju en technokraten sitte, dat der inkel yn de tiid fan Troelstra noch goed neitocht waard yn de PvdA en dat der oarloch kommendewei is oan de rânne fan Europa. No, dêr koe ik it allegear wol mei iens wêze en ik soe al tefreden nei it folgjende appke, doe lies ik dat Mulder ek sein hie dat Henk Deinum in idioat is, want dy wol Fryslân ta ien gemeente meitsje. En Mulder fynt sels in gemeente as Súdwest-Fryslân al te grut, ûnfoldwaande omtinken foar it lytse. De wurden fan Mulder glieden as in fette iel yn de mûle fan de âlderlingen fan de SGP yn Dantumadiel. Ik wit dat se oerwoegen ha om Mulder nije wike de preek fersoargje te litten, mar se wiene  dochs te benaud dat er it dan noch efkes oer Troelstra ha soe, en dy leit noch altyd net goed by de Westereinder SGP-ers.

Ii siz mei opsetsin Westereinders, alhoewol der ek gâns oare doarpslju yn sitte. Mar it is it Westereinder gefoel, dat dy fúzje mei Dongeradiel en sa net trochgiet. Westerein wie eartiids altyd in frij doarp, die syn eigen dingen. Ald boargemaster Aalberts is der wol tsjin yngien, mar moast belies jaan. Mar no bin de Westereinders  benaud dat se wer sa´n gevecht oangean moatte mei Waalkens en it gruttere Dokkum. Dêr ha se gjin sinne oan. Dus wolle se no net fuseare. Dus rinne se fuort mei SGP. En mei Bertus Mulder. Hé, dy wennet dochs ek yn Dantumadiel?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s