Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

02 04 2016

Timboektoe

Us mem hat yn har libben nea yn it bûtenlân west. Ik gie foar it wurk nei Japan. En de bern sjogge op de vliegwinkelside dat je foar in euro nei Londen kinne en hupstee, se binne dêr al. En dan sit se wer yn Australië en skype efkes mei pake, dy’t it allegear ûnbegryplik fynt. Hy wit net dat de wrâld folle lytser wurden is. Wy wol. Stel, ik wenje yn Timboektoe. Net dat ik wit wer’t it leit, mar de fraach bliuwt. Soe ik dêr sá op de hichte brocht wurde fan de wûnders fan it skoandere lânskip fan Frysân, de rike kultuerhistoarje en de goarre oan eveneminten, dat ik dan fan Timboektoe op fakânsje nei Fryslân ta gean? Dat is nammentlik  wat we freegje fan Martin Cnossen, de nije en safolste baas fan Merk Fryslân. De organisaasje dy’t ek ûnder in grut tal oare nammen al jierren it selde wurk besiket te dwaan: set Fryslân op ‘e kaart. In kaart, dy’t ek troch bûtenlanders lêzen wurdt. Fryslân sichtber meitsje. Want dy bern út Timboektoe dy moatte net inkel nei Londen, né dy moat ek nei Aldehaske. At je Cnossen hearre, dan moat de lju yn Amsterdam oankomme en dan nei Fryslân ta treaun wurde, at je teminsten by Koarnwertersân lâns kinne en dan ek noch de boat nei Amelân nimme, at dy teminsten net fêst rint yn de wûnders fan dy o sa fûl oanpriizge Waadsee.

Sju, en dan bin we der. Cnossen seit fersichtich dat hý de lju nei Fryslân besiket te krijen en dat de ûndernimmers dan klear stean moatte om de lju ek goed te ûntfangen. Dat is sa linkendenwei aardich better wurden, dat mei hinnebruie. Ja, je kin altyd wol seure, mar Cnossen seit terjochte dat ûndernimmers net allegear op de earste rige sitte kinne. Dat hat wer mei jild of ynfestearings te krijen. Mar Cnossen hâldt him wol stil oer de oerheid. Logysk, want dy betellet him. Dy yndomme sliepende oerheid. It wie fannewike wer te sjen. De sinne komt hjoed ús lân yn en ja hear, nije wike is der op alle grutte en lytse diken yn Fryslân omlieding en/of oponthâld. It Fryske lân is werkenber. It stiet grôtfol giele buorden, alle tomtoms bin yn betizing. Gemeenten hâlde gjin rekken mei de provinsje, de provinsje net mei ryk en gemeenten. De gemeenten net mei elkoar.  Dy gemeenten, we ha noch in stik as 25, ha allegear ferskillende hichten fan toeristebelêsting. Krekt as at se yndertiid ferskil yn brêgejild hienen en hjir en dêr noch wol jild ut de boaten fan de bûtenlanders fiskje. Watte, yn de Lemmer krije se no parkearmeters foar de boaten dy’t dêr yn it doarp lizze. Der komt net iens mear in fleurige havenmeester lâns dy’t al dy frjemden ek noch fertelle kin hokker kroech at se it bêste hinne gean kinne. Boateparkearmeters. Technokraten.

Gemeenten ha foarsjenningen net op tiid klear. Gemeenten lizze ûndernimmers sokke hobbels op, dat se feroardield binne ta rige trije of fjouwer. Gemeenten litte te brede boereark en ridende súvelfabrieken ta op harren dykjes, sadat dy ôfbrokkelje en sels dy man út Timboektoe dêr frjemd nei sjocht. Tsunami hân freget hy dan. We slúte prachtige stikken lânskip ôf, dêr mei net in mins komme fanwege de siësta fan de hillige skries. Meitsje dan in pear rûtes dat it wol kin. Mei syn allen. Mear gemeenten mei elkoar. At wy yn it bûtenlân binne  gean we alderearst nei it VVV en it stiet dêr grôtfol. En wy smite it fuort. Dêr betelje we net oan mei as ûndernimmer, we ha genôch minsken op de kamping. Dy’t foar it oare oer twa jier fanwege rykdom slúten  wurdt.

Likegoed sit elkenien fannemiddei wer op it terras. De earste Dútsers hienen dêr al in pear dagen de brede bierpullen yn hannen. De evenementen gean ek los, alles wat twa wike lyn fanwege de rein net koe, is no ek. It is my wol goed. Martin Cnossen lokkigernôch net, want toerisme is ommers Fryslâns  ynkommen en wurkgelegenheid. Dus hy sjocht fierder. Mar dêr oan de ein wurdt it dochs wat dizenich. Je sjogge Mali net iens lizzen. En dat is wol wêr’t Timboektoe leit.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s