Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

09 04 2016

Tradysje

De FNP hat my net ferteld wat ik hjoed stimme moat. De FNP is wol tsjin permaninte grinsbewaking yn Europa. De FNP fynt it dus goed dat alle flechtelingen samar yn Fryslân komme kinne. Wylst krekt dizze provinsje sa alderheislikst oan it griemen is mei dy flechtelingen. Nim fannewike. Yn Harns ynienen in AZC. Der waard binnen in dei al in klankboergroep oprjochte. Gewoan in oare namme foar in tsjingroep. Yn Snits wienen se fergetten dat at je in AZC ha wolle, dat der dan ek heipeallen yn’e grûn moatte. Alles seis wike letter dêrre. Krekt as dat Marrelân ynienen in taseine steiger yn Lemmer net op’e tekening setten hie. Ach, dan wurdt it in jier letter. Dat is gewoan  narjen. At ik Lemster wie woe’k nei Súdwest-Fryslân ferhûzje. No, dêr kom ik wer werom fanwege de AZC’s. Wytmarsum. Allegear kompleminten hân fan de boargemaster. Sa’n netsjese enkête. Elk hie meidien. Sa’n behearste diskusje. Mar alles wat Wytmarsum leaver net woe, giet dochs gewoan troch, 200 lju yn it kleaster. Begryp my goed, prima, mar ik wenje net yn Wytmarsum. Der wie dochs sein dat der rekken hâlden wurde soe mei it tinken fan de befolking. Sis dat dan net. No en yn Ljouwert hat WTC hotelkening Harry Westers nota bene in rjochtsaak tsjin de opfang yn Heliconstate. Omt hy it gjin gesicht fynt dat dy lju foar syn doar lâns rinne. No Harry, dy lju protesteare omt se sok min iten krije, en dêr kinsto wol wat oan dwaan. Doch dy doar mar iepen, kin se by dy moai efkes goed ite.

Mar om ditsoarte saken is de FNP net tsjin de permaninte grinsbewaking. Nee, de FNP fynt dat Euopa it flechtelingeprobleem mienskiplik regelje moat. Lannen moat net op eigen manneboet oan de slach. Da’s dochs de omkearde wrâld dat krekt de FNP, dé tradysje  fan eigen Frysk foech, net wol dat oare lannen op eigen manneboet wat dogge. It moaiste is noch dat se sizze dat grinskontrôles in soad fertraging opsmite en dat soe skealik wêze foar Fryslân yn wurk en toerisme. No dan wit de FNP dus gjin soademiter fan de ekonomyske posysje fan Fryslân, dat mei de eksport krekt in soad gebieten bûten Europa brûkt. En at dy toerist yn Roemenië efkes wachtsje moat hindert neat, dan kin se fêst wenne oan  Koarnwertersân. En oare bregen.

Mar ik begryp it wol, ek de FNP hat it dreech mei de nije tiden. Dy sitte noch sa yn dat âlde kneukelige hokje fan de Europeeske Frije Alliansje, dat se net witte dat de wrâld feroaret. Fertize yn eigen tradysje.

Feroarje. Nije wegen. Soms krij je macht. Amerikaanske F16’ns yn Ljouwert, sadat dat it earste mikpunt fan Poetin wurdt aanst. Of onmacht. Minsken dyt’t oeren yn de rige stean moatte yn it sikenhûs MCL en mar fuort geane omt de kompoeterjonkjes der in nij systeemke ynfiere woene. Mar je kin ek wille ha fan feroaringen. Ik lies dat de fuotbalklub fan Lippenhúzen in keunststofgêrsfjild krijt. Moai. Hoewol, de man dy’t dy fuotbalklub eartiids oprjochte hat, Thor, tot heil onzer ribbenkast, net sa ynnaam is mei  keunststof. Want dat is Foppe de Haan.

Mar, wer werom nei Súdwest-Fryslân, Snits begrypt dat net alle tradysjes oerein bliuwe kinne. Sûnt 1814 wie de iepening fan de Snitswike yn de gemeentehûstún, mar dy stiet dan tsjintwurdich sa fol kommersiële drokte, dat se dat tenei mar yn teater Snits dogge. No, in pear fan dy âlde Snitswike mannen draaie har flokkend yn it grêf om, dit is tsjin alle tradysje. Mar mannen, de Snitswike is ek allang gjin silen mear, it is inkel sûpen.

Yn Dokkum sûpe se freed de drank net op, mar smite de flesse tsjin in skûtsje. De Stad Dockum. Moai, de IFKS krijt hieltiid mear plakken dy’t tsjin elkoar sile, der krij je publyk fan. Inkel dy flesse freed. Der sit ik wol wat mei. It skip is fan 1913, it wie de Goede Verwachting, letter de Jonge Blom. Klear. Je feroarje de namme, sette der stiekem in oar boeisel op. Dat kin. Mar hérdope? Dat is tradysjoneel hielendal ferkeard, dat bringt bringt ûngelok yn de skipfeart. At it skip fan’t simmer efteryn einigt wit jim wer’t dat fan kaam is.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s