Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

13 04 2015

Echte kriminelen

We sjogge optheden mei ynmoed nei de tillefyzje at de Belgyske en Franske plysjes aksjes dogge yn Molenbeek. Swiere kriminelen komme sa moai efter de traaljes. Chapeau, wat oars fersteane de plysjes yn België net. De Fryske plysje hie freedtenacht ek sa’n soarte aksje. Yn Doanjum. Doanjum? Ja Doanjum. In alderferskrikliste aksje, wêrby ek noch in ûnskuldige hûn om it libben kaam is. Dêrfoar sil freed in stille tocht hâlden wurde. Fjouwer lju bin meinaam nei it plysjeburo en sitte noch fêst. Twa manlju en twa froulju. Ik moat sizze dat ik heel nijsgjirrich waard. Der stiet inkel hoe âld at se binne, mar fierder neat. Yn harren hûzen waarden drugs en automatyske gewearen ûntdutsen. It bin dus ek swiere kriminelen. En se wiene dus ynwenner fan Doanjum. Mar bin it dan oerwaaide Amsterdammers? Fan miskien bûtenlânske ôfkomst? Of bin it Feijenoord of Harkema supporters mei in tribuneferbod? Of bin it gewoane Friezen.

Doanjum is in doarp fan 310 ynwenners. Ik kin mar ien Doanjumer, mar dy wie al dea doe’t de automatyske gewearen noch útfûn wurde moasten. Ealman Sicco van Gosliga. Hy wie fan 1688 oant 1731 grietman fan Frentsjeradiel, mar hy wie folle mear as boargemaster. Hy siet syn libben lang yn de Fryske steaten, mar wie ek yn tsjinst fan de totale Republiek der Nederlanden. Sterker, hy wie gedeputeerde ter velde. Dat besjutte dat hy in oerpake fan Churchill wat yn de stokken hâlde moast. Hy mocht sels de generaals fan it republiekijnse leger oan it wurk sette. Dat die hy ek en dat ha in soad lju net oerlibbe. Mar in libben wie doe minder wurdich. En hy hat wol alles  histoarysk ferantwurde opskreaun, hy wie fierder wol netsjes. Hy leit dus no ek rêstich yn de Doanjummer stjerke. Nei syn dea yn 1731 sliepte Doanjum ek yn. En hat noait wer wekker west. It skrok dat der sa no en dan ris de ôfrûne wike in plysjebuske troch hinne riidt. Mar dat ha se net tsjin de kriminelen sein. Se fielden wol: it doocht dêr net.

De Fryske plysje hat yngrepen, mar hat fansels folle mear te dwaan yn in sa’n ûnrêstige provinsje as Fryslân. Slûprûte ferkear oer Suderbuorren, te deale dat mei net. Ferbiede! De plysje hat de lêste dagen ek noch 84 lju dy’t yn Ljouwert yn it hillige fuotgongersgebiet fytsten oanhâlden en boetes jûn fan 95 euro de man.  84 kear 95 is hast 8000 euro. No, de plysje hat dêr wol efkes mei dwaande west en der sitte ek noch wol wat skriuwoeren by, miskien kin de plysje him sels op dy wize krekt wat yn stân hâlde. Mar dan moat dat ritsje nei Doanjum ek noch betelle wurde fansels. Se ha noch besocht dy kalasjnikovs yn de Ljouwerter ûnderwrâld te ferkeapjen, mar dy hienen al genôch fan dy rommel. Dus we moat Doanjum op in oare wize betelje.

Da’s hiel ienfâldich. Der bestiet in foarm fan yn’e sek naaien dy’t gewoan mei. En ek omraak dien wurdt. Dan ha je as bedriuw of organisaasje wurk út te besteegjen en dan kies je in bedriuw dat je sels ha, of op namme fan je relaasje stiet. Komt inkel yn de publisiteit krekt as yn Opsterlân, mei Marinus. Ja, it mei, mar it fielt absoluut net lekker. De slimste foarm dêrfan makke RTL fannewike dúdlik, tússoarchbedriuw Alliade op it Hearrenfean, al ûntstien út allegear ûnsichtbere fúzjes.  Alliade krige op in stuit minder jild foar de stipe fan klanten. Dus ha se as tússoarchoanbieder de klanten allegear earne oars ûnderbrocht, nei  bedriuwen dy’t de beide Alliade-direkteuren ek al yn hannen hien. Se bestegen it wurk út oan harsels. Sa ha se miljoenen fertsjinne oer de rêch fan minsken dy’t tússoarch sa nedich ha.

En dan as reden jaan: dy oare bedriuwen wurkje better as at we sels dwaan kinne. Mar dêr sitte se dus sels ek yn. Net te leauwen, krekt as   dy fjouwer swiere kriminelen yn krekt Doanjum. Ik bin hast safier dat we dy der dan mar op útstjoere moatte om dat jild werom te heljen. Dat kin de plysje dan moai krije. Want we ha miskien wol mear plakjes as Doanjum.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s