Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

23 04 2016

Laitsje en gûle

De wike is noch amper begûn en dochs ha’k al gûld en lake. Earst lake, watte, ik ha my in breuk lake. Der bin juster in nammentlik pear Fryske wethâlders nei Den Haach reizge. Ja, dat bart wol faker, mar meast wol se dêr gjin praat fan ha. Want it smyt eins nea wat op en dan stiet it sa súterich dat je der in hiele dei oan ferkloate ha. Wêrfan miskien fiif menuten mei de minister praten, mar meast inkel mei wat amtners. No, en dat smyt dus neat op. Dan dy lange reis wer nei hûs. Yn´e trein noch wol. Want de kiezer riidt der sels mei de auto hinne, mar hy ferplichtet de politisi om mei de trein te gean.

Mar goed, wat wethâlders, en der wie sels ek in deputearre mei, juster allegear nei Den Haach. Under lieding fan Isabel Diks. Ljouwert hat ommers altyd de lieding. En oars hie dat ek wol sa west, want at Isabel Diks yn in groepke stiet, nimt se daliks de lieding. En de oare sokkeboljende wethâlders litte dat graach gewurde, se kin net tsjin sa’n frommis op.

De wethâlders en de deputearre hiene in koker by harren. It wie noch in frij grutte koker. Ik tink dat Isabel dy koker sels ûnder de earms hie,  oars hie ien fan dy oare sliepkoppen him miskien wol lizze litten yn de trein nei Amsterdam. En sy moasten dei Den Haach. Mei in koker dus.  O wat in wichtige koker. Yn dy koker siet nammentlik in manifest. Ja ik wit, normaal litte wethâlders harren amtners in nota skriuwe. Of se maile sels efkes, want se rinne allegear de hiele dei mei sa’n tabletsje yn’e hannen. Mar dit wie dochs wat mear. Isabel hie it noch sein: dit is sa spesiaal jongens. Kop derby. Wy ha hjir no in manifest.

In manifest is in wichtich skriuwen. No ja it neamt himsels wichtich, want it kaam faak út de keunsthoeke. Dan ûnstie der wer in nije streaming, dan setten se de verve net rjochts/links op it doek, mar oarsom, en dêr skriuw se dan in manifest oer. At je dy ferjitte, dan bliuwe der eins mar twa echte manifesten oer. Ien, it kommunistyske, yn 1848 fan Engels en Marx. Dat hat de wrâld aardich yn ûnstjoer brocht, al kaam dat omt de measten it manifest nea goed lêzen ha. En fansels de 96 stellingen dy’t Luther op de tsjerkedoar yn Wittenberg spikere hat en wêrfan we no pas witte dat se bedoeld wiene om de joaden te misledigjen. Mar jim begripe: in manifest hat ynhâld.

It Fryske manifest? Tsja. Der stiet yn dat der in fûns komme moat foar de skea oan gebouen nei gaswinning. Tsja. Grins hat tsien jier fochten tsjin regear en NAM en krijt linkendewei in bytsje risseltaat. En wy? Wy skriuwe in manifest. Ik laitsje noch. En yn  Den Haach moasten se twa ministeries in dei frij jaan, se koene net wurkje omt se sa laitsje moasten doe’t dat manifest dêr op de doar plakt waard.

Yn Wytmarsum gie de healstok flagge wer omheech. Der komt gjin AZC yn it kleaster. Nettsjinsteande dat de Wytmarsumers rêstich seine dat soks ek net koe, woe de gemeente dat dochs trochsette. No blykt pas dat se dat diene omt se yn de skjirre sieten fan sakeman Tom Genee. Dy hie dus al lang in oerienkomst mei it COA, en dêr koe de gemeente blykber net ûnderút. Eins moat ik sizze it kolleezje, want de ried moast der noch oer te set. Mar soks waard wol hiel gau wer ôflast, doe’t Tom Genee murk dat hy der te min oan fertsjinje koe, omt  hy gjin coa’s ûnderbinge mocht yn it âlde gemeentehûs. It kolleezje wie bliid, no kin se wer wiken studeare op in nije lokaasje.   Wytmarsum ek bliid. Mar ik ha sitten te janken. It giet allegear om it ûnderbringen fan troch in jierrenlange oarloch ferdreaune  flechtelingen. En dan hinget it dus allegear ôf fan de ynhâld fan de ponge fan in ynfestearder. Gemeentebestjoerders, COAlju , ynwenners fan Wytmarsum, se moasten krûpe foar dy iene man. Dêr sil ik in manifest tsjin skriuwe. Mar dat giet dan net nei Den Haach. Dat giet nei jim. Want jim moat yn aksje komme tsjin ditsoarte net te leauwen, ûnfryske, wat fizige tastannen.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s