Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

27 04 2016

Keningsdrama

It is hjoed Keningsdei en dus ha we it oer ús Keningsdrama. Caparis dus. Je krije in fize smaak yn de mûle at je it wurd útsprekke, mar dat hat, sis ik mei klam, hielendal neat te krijen mei de minsken dy’t dêr wurkje. Caparis is nammentlik gjin gewoan bedriuw. Dêr wurkje lju mei in ferstannelike of fysieke beheining. Fia Caparis kin se no  folweardich meidwaan yn de mienskip. Caparis is in mienskiplike regeling yn sosiaal wurk en wurdt droegen troch acht gemeenten dy’t wat oan de eastkant fan de provinsje sitte: Achtkarspelen, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel, Opsterlân, de beide Stellingwerven, Ljouwert en Hearrenfean. Dy bin oandielhâlder. Dy bin dus ek ferantwurdlik.

Mar dat besteegje se as sa faak út. Oan de iene kant wol goed, dêr moat in gemeente net mei belêstige wurde. Dat moat in hast ûnôfhinklike organisaasje dwaan. Dy’t tagelyk it wetlike part ek útfierd. Mar, en dat is de oare kant, at it yn dy organisaasje ferkeard giet, moat je as oandielhâlder op tiid yngripe. Mar dan stiet sa’n  organisaasje wer wat fier fuort, en dan is der dat fage, lange tiidrek fan ferwiten oer en wer. En foar je it witte is it in grutte rotsoai. Sa fier bin we no mei Caparis.

Soks hat fansels al jierren suddere. Mei sa no en dan in klappende doar, mar de lûden fan Caparis klinke net sa fier. Ien kear yn de safolle jier komt der wat nei bûten. Benammen at it mei de fertsjinsten wat minder giet, want dan begjnne de gemeenten te pypjen. Wylst se wol witte kinne soene dat sosiaal wurk nea in fêst bedrach is. Tsjintwurdich skynt it wol aardich te gean wat dat oanbelanget, we hearre gjin gepiip.

Bestjoerlik is it in bende. Der waarden ferline jier twa direkteuren fuortstjûrd. Hienen dy twa elkoar no fêst beneamd sûnder it te fertellen oan de Ried fan Kommissarissen? Dat seit de direkteur fan no teminsten. Der hat noch in ynterim tusken sitten, mar dy moast  maart dach sizze. Dêroer is no in rjochtsaaak oan’e gong. In fiis ferhaal wêrby sein wurdt dat hy op de skipiste hearde dat hy ûntslein wie. Mar de hjoeddeiske ynterim seit wol dat hy in soad jild ynbrocht. Direkteuren by Caparis moat nammentlik wurk sykje wat dien wurde kin troch de wurknimmers fan Caparis en dat giet frij fier. Mar at dy yntermin wol jild ynbrocht, wêrom moast dy dan fuort. Aah, ûnregelmjittichheden. Wa beoardield dat dan?. De Ried fan Kommissarissen.

Eeh, wêrom bin yn de maaitiid fan 2015 fjouwer fan de fiif kommissarissen opstapt. Doe bin der mei in soad muoite mar twa nijen beneamd.  Gaueftich, septimber ferline jier. Dat wiene Siem Jansen, direkteur fan de NOM, âld CDA-deputearre. En Harry van Woerden, âld direkteur fan bibelfirma Jongbloed. Ik moat earlik sizze dat ik noch al skrok te lêzen dat de bibels fan Jongbloed ynpakt wurde troch Caparis minsken. Miskien is soks folslein tafal, ik wit it net.

No stiet op de webside fan Caparis, dat dy twa kommissarissen ek al wer fuort binne. Teminsten der stiet mar ien namme mear ûnder de Ried fan Kommissarissen en dat is dy fan foarsitter Robert Veenstra. Presies, dat is de man dy’t foarsitter fan SC Hearrenfean wie. Dy’t op de dei dat hy by Caparis kaam daliks soarge dat Caparis tenei it stadion fan Hearrenfean skjin makke. Sa wurket dat yn de kringen. Ek by  Hearrenfean waard praat oer in angstkultuer, werby pas nei jierren iepenbier waard hoe’t soks stâl krige. It is itselde wurd wat de ûndernimmingsried fan Caparis ek brûkt. Heel tafallich allegear, mar sa’k sei, je witte it net. Want se meie dêr fan alles sizze, mar it wurd transparant mei se net brûke.

Want wý witte wol dat dy op skipiste ûntsleine ynterim Tjerk Sinnema wie. Mar de Ljouwerter Krante skriuwt it ferhaal  oer dy rjochtsaak ûntrochsichtich en neamt net iens Sinnema syn namme. Of mei se dy net neame?

 

It wurdt tiid dat lju as de grutstêdse wethâlders Andries Ekhart, Jos van der Horst en Coby van der Laan harren ferantwurding nimme en yngripe. Keihurd. Ek al stean de angstkultuerferoarsakers formeel yn harren rjocht. Dan noch doge se net. Hielendal net yn in organisaasje as Caparis.

 

 

 

 

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s