Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

11 05 2016

Fryslân bestiet net

Bestiet Fryslân eins noch wol? It is wat in retoaryske fraach. Fryslân hat yn elk gefal noch nea bestien en sil ek nea bestean as in iendrachtlige mienskip. We dogge hjir nammentlik alles ferskillend. Meast simpele foarbyld wie fannewike. Kollumerlân hat 53.000 euro te folle útjaan moatten om asylsikers in pear dagen of wiken ûnder te bringen yn in sporthal of sa. No is Kollumerlân de gemeente dy’t yn Nederlân yn ferhâlding it measte opbringt by kollektes. Mar dit is dochs grau jild. 53.000 oer de begrutting. Mar no is it frjemde dat guon oare gemeenten yn Fryslân der oan oerhâlden  ha. Dy ha dus  tsjin it COA sein: lit dy asylsikers hjjr mar komme. Doe ha se de hân ophâlden by it ryksregear. Doe’t se it jid hienen bin se daliks begûn te kleijen dat it allegear sa lang duorre en dat dy earme asylsikers sa gau mooglik holpen wurde moasten. En doe’t dat slagge ha de boargemasters se hast sels noch wer yn in bus treaun. Dan koste it net safolle. Sa hâlden se jild oer. It is in foarm fan fertsjinjen dy’t ynfestearders yn de asylsikerij ek tapasse. Yn Achtkarspelen blykte fannewike dat mar leafst op tolve plakken terreinen en gebouen te keap of te hier oanbean wurde foar in asylsikerssintrum. In kamping dy’t oergiet op asylsikers hoecht trije, fjouwer jier net ôf te hingjen fan it waar en it belied fan Merk Fryslân. Dan kin it rom út.

Mar we hienen it oer gemeenten dy’t jild bylizze moasten en guon dy’t oerhâlden. Der is net ien gemeente dy’t Bearn Bilker opbellet en seit: “ju, wat wy oerhâlden ha, dat krij jim. It wie ommers jild om de asylsikers sa gau mooglik in goed plakje te jaan”. Net ien. Tseard van der Zwan,  foarsitter fan de Fryske gemeenten hat it net as foarstel foar de komende gearkomste delset. Se propje it jild yn‘e bûse, hoopje dat it regear it net neisjocht en sjogge Bilker meilydsum glimkjend oan. Dat koenen wy wol  berikke en do net jonkje. Do moast hiel wat lêzinkjes  oer it keningshûs hâlde wolst dat wer lyk lûke. Ik sei it: Fryslan bestiet net as ienheid.

Foar it oare bestiet hiel Fryslân ek net. Wy Friezen, wy swetse altyd oer it Waad. Us Waad. Wy hoedzje en noedzje dat sa alderferskuorrendst, net ien kin tsjin ús op. De Waadferiening bestiet al mear as fyftich jier. Oprjocnte doe’t wat idioate Friezen in dyk nei it Amelân ha woenen. We ha no wol 20 ynstellings dy’t har allegear op deselde wize mei dat selde Waad dwaande hâlde. O wat kostet dat in knoarre oerheidsjild. En wy hâlde ek minstens fyftjin sympoasia per jier om elkoar te fertellen dat we der o sa sunich op dat Waad wêze moatte. We prate no al tsien jier om de Waadfisk troch de ôfslútdyk nei de Iselmar te krijen, sa hâlde we fan dy waadfisk.

Mar no ha allerhande ynternasjonale ynstellings dy’t har mei it waad bemoeie sein dat it Fryske belied net doocht. Dat fan Dútslân en Denemarken trouwens ek net. Sju, dat Waad is yndertiid oanlein foar de fûgels. Dy’t dêr har fretten weikrigen. En aaien leine op dy moaie sâltsompen. Mar ha dy ynternasjonals sjoen, der bin optheden fiersten temin fan dy leechsteande bûtendykse lannen. Jim moatte soargje dat soks werom komt. Feehâlde, wat wie der no earder fûgels as fee. Fiskje, dat ha we net ôfpraat yndertiid doe’t we dy fûgels hjir loslieten. Fargeulen nei de eilannen, wêrfoar? Yn dat ferdielde Fryslân ha we it oer de geul nei Amelân wer’t de boat hieltyd fêstrint. Der moat mear wetter komme. Bakken fol sân wurde der aanst wer útskept en it lêste stikje sintrale as sil der wol fan oanlein wurde. En nei Skylge wurdt it ek trije menuten koarter at we wer troch it Stortemelk kinne, dat soe dochs fantastysk moai wêze. No se frette dat sân mar op. De ynternationals ha sein dat it Waad himsels wol rêdt. Gjin baggerspul der mear yn te wrotten. It wetter moat wer leger.

En seinen se, it is net jim waad mar ús waad. En fan Fryslân ha we noch noait heard.

 

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s