Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

25 05 2015

Lantearnepealpraat

Gemeentepolityk. Jûn yn de gemeenteried fan Smellingerlân, sis mar Drachten, stiet it fersyk fan de Eerste Lokale Partij, de ELP, op de aginda om no ek yn Drachten in keapsnein te krijen. Dat is yn de rest fan de wrâld al regele, útsein Urk en Staphorst. Lykwols oan it begjin fan de gearkomste sil der in ferklearring útsprutsen wurde troch de kolleezjepartijen PvdA, D66, CU en SP dat se net meigean sille yn it fersyk fan de ELP. Sterker, dat diskusje dus gjin inkel doel hat. Sjoch, yndertiid by de foarming fan in kolleezje hiene se de ChristenUnie nedich. En dy mompele “gjin keapsnein”. De SP fûn dat eins ek wol goed. De wurknimmers yn de winkels, dat bin dus SP oanhingers, ha it leafste dat de winkels op sneon ek noch ticht binne. En foardat PvdA en D66 it goed yn’e rekken hiene, stie yn it oannommen kolleezjeprogramma dat der yn Drachten gjin keapsnein komme sil.  Nimmen krimmenearde.

De rest fan de wrâld waard lykwols gauer moderner as at se tochten. Dus ha se twa jier letter de ûndernimmers ek noch marris wat frege. En ferdikkeme, 99 persint fan dy ûndernimmers woe wol in keapsnein. Dus de ELP die wat se dwaan moasten, keapsnein. Fersichtich seagen PvdA en D66 ris nei benammen de CU. Dy seit dat se de leden (hoefolle bin dat noch) efkes frege ha. Dy twa leden ha né sein, dus seit de CU ek nee. De SP bliuwt ek nee sizzen, want dy wolle graach oan har eigen motifearingen hâlden wurde. Mar dat de PvdA en D66 no ek nee sizzen bliuwe, tsjin har eigen wrotten yn om fan Drachten no einlik ris in wat libben plak te meitsjen, seker op de sneinen at je wol in kanon troch de buorren ôfsjitte kinne. Nimmen hie dat ferwachte.  De ELP sjocht yntusken al ôfgeunstich nei Tytjerkesteradiel, eins in noch folle kristliker gemeente as Smelingerlân. Dêr wurdt Burgum klearmakke foar de keapsnein. No, da’s fanút Drachten wol te beriden. En ik tink dat de ELP mar in fiskkream begjinne moat sneins by de Betheltsjerke yn de Haven. Yn elts gefal  stean ús skitterjende debatten te wachtsjen

Gemeentepolitiyk. CDA en FNP foarmje it kolleezje fan Marrelân. Dêr leit St Nyk ek yn. Yn St Nyk stiet sûnt jier en dei de bensinepomp fan Harry Nota, it CDA gewisse fan it âlde Skarsterlân. Hat noch genôch prikken yn it spul tink ik sa. Ronnie de Vries, in FNP-er fan Skarsterlân, wennet ek yn St Nyk. Hy wol mei syn soan Per Anton in ûnbemand  bensinestasjon ha oan de Tsjûkemarwei. At dat dêr komme soe, hat Harry fansels dikke skea, want dan hoech je dy rotonde net ôf. En betelje wierskynlik minder. Mar no is de fraach komt it der wol. Want De Vries moat eins jusjes mear swaairomte ha foar de frachtweinen, as at hy grûn hat. En dan krij je it âlde bestimmingsferhaal. Provinsje en gemeente (Skarsterlân wie dat noch) woenen net dat der net-lokale bedriuwen oan de Tsjûkemarwei kamen. It stiet der grôtfol fan, mar oeral ha se wol in idioate ferklearring foar. Mar in ûnbenand bensinestasjon, ik wit net. Boppedat moat de ried der no oer te set. Tsja. Nota hat syn CDA kompanen echt wol wekker skodde. En de Vries wurdt fansels stipe troch syn âlde FNP maten dy’t fia Marrelân no ek yn it kolleezje sitte. Der moat efter alle de doarren geweldige moaie diskusjes oan’e gong wêze. Spitich dat it net yn it publyk   útfochten wurdt. De provinsje hat yn elts gefal de hannen omheech dien en sein: ”jim fechte it dêr mar út”. No ja en dan is it aanst safier hokker partij helpt it CDA, sis mar Nota en hokker partij stipet de FNP sis mar de Vries. Der stean ús skitterjende debatten te wachtsjen.

Tsja. Gemeenten moatte tsjintwurdich ús sûnenssoarch regelje. Gemeenten moatte asylsikers te plak bringe, mear as at se oankinne en betelje. Gemeenten moatte harren wegen better fersoargje, en dêr ha se ek gjin jild foar. Gemeenten binne in wichtige ferbining tusken de grutte Europeesk tinkende oerheid en ús. Soenen dy gemeenten dan no net ris ophâlde mei dat domme lantearnepealgeâldehoer?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s