Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

28 05 2016

Ús

At je altyd de polityk mei in soad ynmoed folge ha, dan harkje je no noch altyd nei guon âld en âlde politisi. Ut gewoante, mar soms bin it  lju mei wiisheden. Wis, wis. Net elk. Fannewike is Berend Udink ferstoarn. Doe moast ik wol hiel bot neitinke. Ja, dy siet letter by Ogem, sokken ferlies je út it each. Mar der bin oaren. De Hoop Scheffer folgje ik bygelyks noch wol wat. De âlde minister fan definsje dy’t alle nije ministers fan definsje altyd bakken fol jild jaan wol, dan kin se tenminsten it meast ôfskrikwekkende oarlochsark oanskaffe. Hy moat ek op de spottersbulte by Marssum stien ha fannewike. Mar je hoe hoege it net mei elk iens te wêzen. Bin ik altyd wol, en dat is wat gefaarlik, mei Frans Weisglas. In hear. Dy’t sa no en dan syn VVD trawanten wer ris rjochting PvdA opskopt: dat ha jim dochs ôfpraat dan moat jim dat ek dwaan. Dêrom wie ik fannewike fernuvere dat hy sa lokkich wie mei de rede fan kening Willem Alexander yn it Europeeske Parlemint. Wêrom tink je dan, dy kening seit it selde as Rutte en Dijsselbloem. Net bysûnder. Mar ja, Weisglas seit it, en dan moat je tinken dus oarsom. Dus doe moast ik fannewike wol efkes sjen by dy beide oare Oranjes dy’t fannewike nei Fryslân werom kamen, nei it lân fan harren oerbeppe Marijke en pake Friso.

Constantijn kaam as earste. Hy iepene yn Wetsus WaterTechFest. Ja jonges, it is net oars, de wrâld sit tsjintwurdich taalkundich as ôfkoarte ingelsk yn elkoar, ik wit net wat foar feest at it wie. Mar wol wêr’t dy Constantijn it oer hie. Start-ups. Doe’t de lju derút rûnen doe tochten se ynienen, oooo hy bedoeld nije bedriuwkes. Ja, dat bedoelde hy ek. En dy moat jild ha. Ek fan Fryslân, ek al komme se hjir net wei. Want Fryslân kin wol o sa oer wetter swetse, der binne ek oaren dy’t mei wetter omgrieme. Hy sei it net lûdop, mar syn memmelân doocht net wat dat oanbelanget. Altyd mar wer  ús, ús. Wy ha’t oer ús lânskip, ús kij, ús wetter, ús taal, ús Abe, ús alvestêdetocht, ús Fryske hynder, ús wetsus, ús slachtemaraton, ús rede fan Fryslân.

Dêr hienen it provinsjehûs wer foar himmele. De rede fan Fryslân. Foar de fiifde kear. It bekende ritueel, immen dy trapet in al hiel wiid iepensteande doar yn. En dêrfoar kaam de twadde Oranje nei ús ta, Carlos. Hy fleach fansels ek troch de iepensteande doar deryn: hy sei dat Fryslân noch folle faker ús sizze moat. Neffens him bin wy de geweldichste yn de wrâld fan de sirkulêre ekonomy. Ja, dat is ek wer sa’n nij wurd. We smite wat plestyk rotsoai op in bult, we drukke dat bultsje stiif yn elkoar, en dan snije we it oan yn lytse pealtsjes om al dy boaten dy’t yn Fryslân komme oan fêst te binen. Sirkulêr is dat de persmasjine op sinnepanielen draeit. It kostet in soad jild om de start up te krijen, mar oer 25 jier ha je miskien gjin marpealtsjes mear nedich, mar hie’t wol út kinnen. Sok wurk, dêr skine wy neffens Carlos wol hiel goed yn te wêzen. Mar dat wite we net. Hy sei jim moat hieltyd roppe ús sirkulêre ekonomy. Mar de sinten dy’t we der oer 26 jier mei fertsjinje moat we neffens  Willem Alexander oan Griekenlân en Ingelân jaan; neffens Contsantijn oan noch mear nije wetterstart ups en Carlos wol dat we dat wer yn kennis fan stekke, sadat we wite wat sirkulêr is. Dus hat Jorritsma al in sympoaisum tasein. En dûnset hy mei Grins en Drinte yn de kriich om safolle mooglik mei nije enerzjy en duorsumens om te griemen.

Mar ik fyn dat wy de Oranjes wol wat mear eare moatte. Der moat in start-up foar de sirkulêre ekenomy komme. Ik stel foar: we skite as Friezen tenei op ien bulte. En dan komt der in Sjinees dy begjint dan in fabryk yn Hearrenfean. Hy hat in grut plat dak, der sitte sinnepanielen op, en trije mânske wynmûnen dogge de rest. En dan makket dy Sjinees fan ús stront sirkulêre kauwgom.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s