Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

01 06 2016

Formalisme

Juster. It is in moaie moarn yn Wâldsein. Sintsje skynt. De wyn efkes fuort. Suver bliid riidt je nei de loswâl. Dêr sil wol in smite boatsjes lizze. Mar dy lizze der net. Neuh, want dêr is in kraanwein oan it wurk. Der leit ek noch allegearre hout en stien op de wâl. Op de dei dat de simmer begjint, begjinne se midden yn Wâldsein mei de oanlis fan in passantehaven. Dy passanten lizze oars altyd oan de steiger oan de bûtenkant fan de gewoane jachthaven. En oan de loswâl. Mar dêr kin se no net lizze, omt der in haven foar har makke wurdt. Midden yn de simmer. Je gean ek net oan dy steiger lizzen, it is allegearre sân, modder en geskuor en geraas fan moters. Want yn Fryslân wit nimmen mear wat in skeppe is.

No seit de oannimmer, mar we hâlde wol rekken mei dy boatsjes hear. We dogge it yn twa perioades: ien foar en ien nei de boufak. Ja, krokeledokus, de boufak ha jim sels ek fakânsje, da’s makkelik lullen. Foarsitter fan Doarpsbelang Loek Hogenhout hat as direkteur by Merk Fryslân wurke, dus je soenen tinke dat dy wol in bytsje wit hoe’t je gasten yn Fryslân ûntfange moatte soenen. Mar hy seit inkeld dat it wurk yn 2016 útfierd wurde moat, “oars krij we gjin subsydzje fan Europa”. Skriemend bin de ûndernimmers en Wâldseiners fuortrûn. Rigeltsjes ha gjin inkelde ferbining mei it gewoane libben.

De brêge yn Twellegea oer it Prinses Margrietkanaal is de hiele simmer net te brûken foar skippen mei lange mêsten, sis mar aken,  skûtsjes en sok guod. En der ha we hir noch al wat fan. Dy skippen farre ‘s winters net. Simmers wol. No dus. Langere mêsten oant alve meter kin ûnder de Noarderbêge yn Langwar troch, dat is al in ferhipt ein omfarren oer Snitsermar en Goingarypster Puollen. En de oaren? Dy  moatte oer Snits, Drylts en Oasingahuzen. In dei farren mei al dy brêgen. Ik ha net iens mear frege werom at dit nó moat en net yn de betide maitiid of lette hjerst, as der gjin mesten mear yn Fryslân farre.

Rein de Wolff fan de Doarpskoöperaasje yn Jirnsum wit it andert wol. Yn harren striid om yn Jirnsum 25 hûskes te behâlden, op te knappen en aanst wer te ferhieren, is hy oprûn tsjin wentekoöperaasjes. Yn dit gefal Elkien, dat earst net iens prate woe. Se kamen by de provinsje. Elke kear in oare amtner, en dy seine allegear wat oars. De inspeksje hat der earst ek net nei sjoen. It wie wat nijs, wat soe’t. Dat it no dochs klear kaam is, is dus inkel te tankjen oan it doarp sels. It paad fan de Wolff lei stiiffol oerstallich papier.

Ik moat earlik sizze dat alle gemeenten en wetekoörperaasjes no sizze dat se Fryslân as ien en net as in ferdielde wenregio ha wolle, dat is in segen. De earste oerwinning fan de Fryske mienskip. No moat Blok noch om, en dat kostet wer in hiel soad muoite en papier.

Amtners. Se gean mei syn seisen soms nei de boer ta. En dy seit: ach ien kin noch wol, mar at der twa oeren letter wer ien komt en dy freget itselde, wurdt ik lulkich. En dan bin der noch fjouwer dagen. En at der dan in amtner is dy’t in stik greide archeologysk as terp oanwiisd, dan seit dy boer dat is ferdomme gjin terp, dat is myn  alderleechst lizzende stikje lân. Mar hoe krije je dat út de kompjoeter fan dy amtner.

Jim ha it allegearre wol omraak meimakke. Formalisme. Ik sil amtners dêrfan net alle skuld jaan, dy wurde ek mar stjoerd troch minsken  dy’t formalisme as biedwurd foarop stean ha yn it poesiealbum. Formalisme is it maklikste. Net ien hoecht mear ferantwurding te hawwen. Heechút op it lêst in politikus, dy’t amper wit wêr t se it allegearre oer ha en dus de skouders ophellet.

Passantehaven fan Wâldsein. Ja, dy soe dochs makke wurde. Ja dat soe yn 2016. Hinder? Ja mar dat is myn pakky-an net. Moat je myn kollega ha. Né dy is der net. Mei fakânsje. Yn Enkhuzen. Dêr is de loswâl frij.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s