Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

11 06 2016

Sels

Dy Kamp dat is in hurdkoeter. Oeeh. Wat is dat in hurden. Sju, politisi  bûge altyd as de mearderheid fan it folk seit it moat sa en sa. Dan giet it ek sa en sa. Dat hjit demokrasy. Dus at je in goed minister fan ekonomyske saken binne yn ús demokrasy hâldt je op mei fergunningen te jaan om nei gas te boaren. Mar dy Kamp set alles gewoan troch. Want dy Kamp sliept net lekker. Dy is as minister fan ekonomyske saken ferantwurdlik foar it opheljen fan gas. Want we ha altyd ferlet fan jild, en gas hat in soad jild opbrocht. Watte, we ha yn Slochteren om de bel hinne dûnse. Inkel de Grinzers dûnsje dêr net mear, want dan donderje harren hûzen daliks hielendal yn elkoar. Hiel Nederlân  hat no begrutsjen mei Grins. Want dat hat ek noch ris neat fertsjinne oan dy boarderij. Dat jild kaam by Kamp yn’e ponge. En dêr wol Kamp noch mear jild yn ha, want hy is in VVD-er en dy bin sa opfieden. Boppedat tinkt hy, en miskien hat er dêr ek noch wol gelyk oan. Der is gjin oar gedoch as gas, wat Nederlân brûke kin om genôch jild te fertsjinjen.

Kamp hat trije jier lyn tasein dat proefboare mei by Skier. Ofspraak is ôfspraak. Soks soe Friezen wat sizze moatte. Mar ja, at hy dêrnei seit dat proefboaren net echt is en dat we dan mar wer sjen moatte, praat hy nonsens. At je net fan plan binne om te boaren, hat it gjin inkele sin om proef te boaren.

Wy rinne troch de greide yn Twellegea. Der komme aanst ek op Skier  neesizzende buordsjes, of dy bin der miskien al. Mar dat jout neat. Retze van der Honing hat gelyk. We moat mear dwaan. Mar hy seit ek net wat. Want dy minister Kamp kin in earsten hurdkoeter wêze, mar de lju dy’t it te sizzen ha yn dit lân, de minsken dy’t wy dêrfoar útkeazen ha, witte de oplossing ek net foar it somke wat Kamp hieltyd op tafel leit. Dus we kin Lutz wol noegje, en miskien hat dy noch wol in pear oare dwerslizzers yn dy partij, we krije Monasch bygelyks ek wol mei, mar dan seit it CDA wol fan boar mar raak. Want dy lju kin rekkkenje, o heden. Dus dêr fange we neat by. Temear net omt dy Keamerleden it stiekemwei wol bêst fine, oars komt de sinteraasje yn it laberet. Want ferjit net, de oerheid betellet de skea net, dat docht de NAM wol. Lekker maklik. Je hoege inkel mar sa dom mooglik tesizzen, it wurdt tiid dat de NAM docht wêr’t se ferantwurdlik foar binne. Nee ferdikke, dy Keamerleden bin ferantwurdlik hoe’t der yn de grûn omwrotten wurdt.

Dêrom hat it gjin inkele sin dat we as Fryslân lulk binne op Kamp. Wol ferwûndere dat er Skylge gewurde liet en no Skier net. Dat dy man dy’t oars wol aardich foldocht oan it etiket demokraat, sa dwers is as Top en Twel en Skier op sy buordsje lizze. Dat betsjut dat Kamp yn hannen fan de NAM is.  En dy witte as gjin oaren wat wol en net yn’e  grûn sit. En at Kamp dan ek noch leaut oan it flaue smoesje dat dy leechsteande gasbellen ûnder de grûn sa geskikt bine om der sikenhus en kearnôffal ôffal yn te stopjen, en dat je der dan nea wer lêst fan ha, ja dan is hy wat trochsetterich.

We moatte ús dus rjochtsje op syn partij. It is Friezen fan no ôf ferbean om op de VVD te stimmen. Ek net at jim Klaas Kielstra in aerdige man fine, net op stimme. Net earder wer as at se ophâlde mei boaren. Elke oare partij dy’t yn it regear sit en dy rochtsje harren rech net, presies gelyk. En dy bin dêr al benaud foar sa hat bliken dien.

Mar we moat sels ek wat dwaan. Ophâlde mei it geâldehoer tsjin wynmûnen. En der bin hjir noch tûzenden ko-estâllen wer’t prachtich miljoenen sinnepanielen op kinne. Sels alternatieven ûntwikkelje, sadat it genôch opsmyt. Dan kin je pas sizze dat we gjin gas mear nedich ha.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s