Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

18 06 2016

Takomst

Oannimmersmaatskippij BAM hâldt op mei it bouen fan hûzen yn Fryslân. Se bedoele dat se hjir net mear ynfesteare wolle. Dat is soarchlik. BAM kin nammentlik rekkenje. It betsjut dat it net mear út kin. Ik hie tocht dat Aldeboarnster Jorrit Bergsma, dy’t de flagge fan BAM sa mei ynmoed droegen hat, harren wol oertsjûgje kinnen hie dat dy 419 doarpen yn Fryslân rjocht ha om te bestean, mar dat is net slagge. Gewoan it safolste signaal dat de befolking fan Fryslân net sa bot waachse sil dat hjir noch in oerdreaun tal hûzen bout wurde sil. We moat der fan útgean dat Fryslân der útsjen sil sa’t it no is. De dei fan hjoed is ek de takomst.

Mar dan kin je dus ek goed de diskusje oangean mei de provinsje oer hoe’t ús wenomjouwing derút sjen moat yn dy takomst. Dy diskusjes wurde rûnom hâlden, mar ik ha gjin tiid nei oar folk te harkjen. Ik stjoer dizze kollum wol efkes nei de provinsje.

Alle tsjerken bliuwe bestean. Moaie rjochtingspunten yn ús skitterjende lânskip. De ferlitten boerepleatsen bliuwe ek stean. Inkeld dy’t lillik yn it lânskip binne, moat opromme wurde. Peter Karstkarel bepaalt hielendal allinne wat moai en wat lillik is. Lege tsjerken en pleatsen moat wat yn barre. ICT bedriuwen benammen, mar ek lytse groepkes yn de sûnenssoarch. Prostitusje is ferbean, miskien kin der noch ien tsjerke geskikt foar makke wurde.

Der moat dus sa gau mooglik oeral glêsfezel wêze. Oeral. Oant elke pleats ta. Brede groppen dolle. Want alle boeren krije in direkte molklieding nei de suvelfabriken, dy kin moai tagelyk yn de fezelgroppe. Sa kin we dy idioat grutte molkweinen nei it skroat bringe. Moters wurde yn Fryslân ferbearn.

Alle boeren yn Fryslân wurde bioboer. Mei krûdich blomryk lân. Fan dat gêrs wêr’t de ljip in orgasme fan krijt en de goes seit, no ik ha’t wol ris better hân. Dy goes wurdt deporteard nei Grinslân. Trekkers breder as trije en in heale meter meie net mear brûkt wurde.

Der wurde skitterjende opnames makke fan it Waadgebiet. Dy binne daagliks op You tube. Dan hoege der gjin toeristen mear hinne en kin de garnalen en moksels it bêste ta rykdom komme. Fiskers mei inkeld de metoaden fan foar de oarloch brûke.

It noarden fan Fryslân wurdt it streekje foar de pensionado’s. Rêst.  Wat in rêst. Moaie fytspaden. Lytse sleatsjes wer’t sloepkes moai driuwe kinne. Kuierpaden troch de lannen. Hjir en dêr in moai stikje bou, mar der moat ek wat blombollen by foar de fleur. Dat fytsen mei fierder ek dien wurde yn de Stellingwerven. Foar it easten is der fierder net safolle te dwaan, mar dat is logysk want dan gean  je rjochting Grins, dan kin je fêst wenne.

De sudwesthoeke is ús rekreaasjegebiet mei de wettersport. We smite alles fan Lemmer oant de Jouwer en dan nei de Ofslútdyk, bestjoerlik ek, by elkoar en we meitsje der ien grut ekonomysk gebiet fan. Snits is in sintrale punt, it gesellige sintrum. En oeral rûnom bin de wâllen by de wetterkant foarsjoen fan foldwaande kroegen en ytdingen, sadat je twa kear safolle toeristen behannelje kinne. Fansels wurde alle lege pleatsen en tsjerken bêd en beerenburgjes. Der komme noch sa’n fyftjin jachthavens by. Yn de doarpen. Ja dan moat der hûzen ferskood wurde, mar dat kin wol. Miskien wol BAM  dat dan wol wer dwaan.

Yn it sudwesten is dus wurk sat. Krekt as op de eilannen dy’t hiele simmers fan rûnom de provinsje folk ha hat de sudwesthoeke dat ek. Foar de rest bliuwe we MKB koprinner mei allerhande lytse bedriuwen, benammen by Ljouwert en Drachten. Hearrenfean hâlde we no mei op, en dêr meitsje we in poerbêste rekreatieve sportstêd fan mei alle foarsjenningen op dat mêd.

 

Ale skoallen en doarpshuzen bliuwe bestean. Dy ha in funksje. Dan kostet soks mar wat, mar je moatte dy lêste minsken hjir nochal wat yn Fryslân hâlde.

De fleanbasis, it Sumarder stjonkfabryk en de ferbrâningsoene yn Harns wurde opheven. En….. tsja, ik moat mar op hâlde leau’k Want at ik dit sa oplês tink ik dat it better is dit mar net op te stjoeren. Se soene it ek  nochris útfiere kinne.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s