Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

22 06 2016

Burgerpanel

It is sneon 5 novimber, moarns healwei tsienen. Tûzend ynwenners fan Fryslân sitte yn de Betheltsjerke yn Drachten. Of yn it hynstesintrum, dat is noch net wis. Dy tûzend minsken wurde tasprutsen troch Annemarie Jorritsma. Sy is op 1 septimber waarnimmend kommissaris yn Fryslân wurden. Sy wol no ienris fan alle dingen yn it libben genietsje, en se hat noch nea kommissaris west. En de buordsjes Jorritsma hoege ek net feroare te wurden. Se bliuwt foar it oare wol in jier as twa, trije waarnimster. Want dy steateleden, dy’t wy dêrfoar keazen ha, bin sokke angsthazen, dy doare séls net in kommissaris te beneamen. Dy freegje ús om harren te stypjen. En soks kinne wy net. De gemeente Súdwest-Fryslân noege koartlyn de boargers út om harren te helpen te besunigjen. Wit jim wat der útkaam, fan de  boargers: de ûnreplikguodbelêsting omheech. No ja, dêr rinne de steateleden aanst ek tsjin oan. Fyn mar ris twa boargers dy’t deselde namme neame as kommissaris. Dat duorret tiden.

Annemarie Jorritsma fertelt de tûzend oanwêzigen, dat se útlotte binne. Dat wisten se al. Se wienen earst noch mei syn tsientûzenen, en dêr waarden de tûzend útlotte. Annemarie dielt de minsken dan yn. Hûndert groepkes fan tsien lju. Dy haffelje dan in hiele dei oer it plattelân fn Fryslân. Ha jim der in foarstelling fan? Ja fansels, alles wurdt goed regele, dat kin se wol by de provinsje. Middeis in goed miel, tsjin de jûn twa buorrels en  hapkes. Tuskentroch eineleaze kannen kofje en tee. Plus amers fol wetter. Want se prate alegear troch elkoar hinne  Oan it ein fan dei besiket ien in totale konkluzje te lûken. Dan sil bliken dwaan dat elkenien it der oer iens is dat it plattelân yn Fryslân bestean bliuwe moat.

 

 

Ik âldehoer. Ik bin in jonkje dat opgroeide yn de 60-er jierren. Dan bin je der automatysk foar dat elkenien meiprate kin oer de meast ferskillende saken. Ik bedoel je moat roppe kinne: soademieterje op mei de fleanbasis, wynmûnen, REC, ensafuorthinne.

Prate oer it plattelân, dêr moat je wol sinne oan ha. Oars is it rinnen fan Lemmer nei Dokkum en dat is in hiel ein. It betsjut dat de lju dy’t neat mei it plattelân ha net iens meilotte ha. Sokken  prate net iens mei. Bewenners fan Ljouwert, Drachten, Snits en Hearrenfean ek net. Krekt as komme dy noait oer de eigen rûnwei hinne. As hienen se gjin miening oer it plattelân. Boppedat, der bin tûzend lju, mar hûndert dêrfan bin ûndernimmer. Net seure, wy sitte no ienris yn in VVD mienskip, dy lju ha alles oer ús te sizzen. Der bin fan de tûzend ek hûndert amtners. Trije, fjouwer fan elke gemeente. Dy sizze fansels yn sa’n dikskusje neat oars as: dat kin net, wy ha oare rigels. Mar it betsjut wol dat der dan noch mar achthûndert gewoane lju oer binne. At safolle meidwaan wolle.

Se wurde lotte fanút de Burgerregistraasje fan de gemeenten. Ik wit net at alle asylsikers wol yn de Burgerregistraasje sitte. At dat net sa is, lotsje sy dus net mei. En krekt asylsikers wurde safier mooglik it plattelân op húsfeste en soene der dus bêst oer meiprate kinne. En sitte de platttelânsarsjitekten, de boeren, by de ûndernimmers of bin dy ek wol apart. Ach, ik nim oan dat je it allegear dwaan kinne mei de kompjoeter, sadat it miskien sa earlik mooglik is. Je moat der it bêste mar fan hoopje en posityf wêze oer sa’n ynitiatyf.

Wat sa’n dei hiel wichtich is, en Annemarie is nei in heal oerke ek wer fuort, is dat je politisi útslúte. Dy prate alles yn en nei de dize. Mar dat je ek de hiele dei wach wêze moatte dat der gjin minsken binne dy’t yn sa’n groepke of it gehiel stiekem de lieding nimme. De hiele dei krekt efkes earder as wa dan ek de grutte bek deryn blaffe. Wêr’t oaren nei twa kear net mear tsjin yn geane. Of wêrfan oaren folchsum sizze, ik hâld my stil. Je ha fan dy minsken dy’t hiel handich sa’n diskusje stjoere kinne. En ek it einoardiel bepale. Eeeh, ik krij der suver sinne oan. Hee provinsje: ik wol ek graach ynlotte wurde.

 

 

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s