Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

06 07 2016

Praatsje op de brêge

Nederlân moat oppasse. Wy Friezen bin oan de ein fan ús geduld. Nee, ik ha it net oer dy tritich lêste sosiaal demokraten dy’t hjir noch tusken de normale lju trochrinne. Dy ha dit wykein mei Diederik Samsom yn in âld kristlik ûnderkommen yn St Anne sitten. It wie net iens iepenbier. Mar der wiene wol foto’s fan. Se stiene mei de fûst omheech. Ien frege sels wêr’t Domela Nieuwenhuis bleau. Dy âlde lju bin ferjitten dat Ferdinand net in sosiaal-demokraat wie, mar in anarchist. At myn oerpake út Beets rôp fan “O Ferlosser, kom”, dan kaam Domela. Mar at Lutz ropt komt hy net mear. Dus dêr woe’k it ek mar net mear oer ha. Der is wat slimmers oan de hân. Minsken kin Fryslân net mear ynkomme. De Hollanders dy’t we yn 1345 de see wer yn joegen ha, wolle der no ek net mear yn. Dy ha stiekem de brêge en de slûs yn Koarnwertersân fernield. Allegedurigen stiet it ferkear op de Ofslútdyk stil. Trije oere fertraging, hear je de fileman dan op de radio sizzen; hy kin suver it gnizen net litte.

It is nóch folle slimmer. Dy Hollanders ha no ek de brêge yn de A6 fernield, dy by Scharsterbrêge. Je wolle dêr eins al noait lâns fanwege dat geskuor by de sowieso al net te nimmen Jouster rotonde. Se ha no trije webcams ynstalleard, kin je op sjen dat it noch wol 3 jier duorret foardat it klear is. Mar no ha se de brêge ek noch sa skansearre dat it dêr ek geregeld stil stiet. Ik sil jim wat fertelle. Tusken Amsterdam en Bremen sit noch ien stopljocht. Dat stiet yn Grins op de ôfslach nei Assen. Dat wurdt foar 160 miljoen sa ferbettere dat der aanst gjin stopljocht mear stiet. Dan is de ienige obstruksje foar it ferkear tusken Amsterdam en Bremen noch de brêge oer de Scharsterrien. At dêr twa âlde minskjes mei har boatsje farre, mei in lyts mêstje derop, en dan bin se krekt oer de 3.56: ja dan moat dy brêge iepen. Want de Fryske gastfrijens seit dat dy lju nei de Tsjûkemar kinne moatte. Mar no ha dy Hollanders de brêge sa kapot makke, dat at er iepen giet, dan wol der net mear ticht. Yn Hilversum sitte se al wer te gnizen, seis oeren fertraging. De monteur wennet leau’k yn Breda. Hy sei ik ha der in pompstikje yn set hjer, klear. Dat wie’t net, twa dagen letter al wer malheur. Jim witte it, monteurs dy’t sizze dat it klear is, soargje der foar dat se minstens noch tsien kear oan de bak kinne, want wy kloaten betelje wol troch. En by in brêge moat we wol.

Dy monteurs ha gelyk. De flaters bin nammentlik yn it ferline makke troch politisi. Wy prate nammentlik wolris mei rykswettersteatslju. Dus witte wy al jierren dat dy brêgen en slûzen op de Ofslútdyk net doge. Wettersteat hat al jierren lyn sein, kin we dan no net goed meitsje. Nee, it moast wachtsje oant dat we der oer út binne wat we allegear mei dy Ofslútdyk wolle. Fryslân foarop. Tweintich miljoen komt der no foar allerhande projekten. Brêgen?  Nee, gjin brêgen. De fisken kin aanst moai fan Waad nei Iselmar swimme en sjen nei stilsteande auto’s en stillizzende skippen.

Doe’t de plannen foar it ombouen fan de Jouster rotonde, kamen, waard tasein dat de brêge der tichtby in akwadukt wurde soe. Sa’t dat heart yn dy ferbining Amsterdam-Bremen. Mar de minister fûn it tefolle jild foar Fryslân. Lit dy brêge mar lizze sei se. Ik wit noch dat deputearre Piet Adema ferskuorrende lulk wie. De ChristenUnie man hat sels flokt. Sels dêr skrokken se yn Den Haach net fan. Sterker, Keamerlid Sander de Rouwe hie wat dramt oer dat akwadukt, en doe’t it CDA wer út it regear wie ha se gau Skarsterbrêge skrast. En no is it dochs wol skandalich dat krekt at Sander deputearre is, dy brêge ek noch stikken giet. Skandaaaaalich.

Deputearre Sietske Poepjes hat har nocht. Net ien kin Fryslân mear yn. Unrjocht. En ek noch it CDA narje. Se hat de fûst oprôlle en him nei Den Haach omheech stutsen. At jim dy brêgen net daliks meitsje dan….  Ja wat dan Sietske?

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s