Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

09 07 2016

Ofbliuwe

De Dutch Solar Challenge wie fannewike. Oan de namme te hearren in echt Frysk evenemint. Kloppet. We ha it hjir betocht. We ha no ienris in kwak wetter werop dy dingen farre kinne en dan hoege se ek net net benaud te wêzen dat se ôfdriuwe at se gjin sinne-enerzjy mear ha, de wâl is oeral ticht by. Dy boatsjes farre fol sinne-eleminten en sûnder kajapoetieoalje. En wy binne in o sa duorsume provinsje. Wat bin wy ferskriklik duorsum. It is hast safier at ien earne yn de wrâld it wurd enerzjy murmelt, dan stiet der daliks in Fries njonken en dy seit, come to ús, wy are duorsum. Watte, ik ha begrepen dat Crone de kroegen ‘s nachts ticht dwaan wol yn  Ljouwert, omt soks enerzjysuniger wêze sil. En de lêste protestearder tsjin wynmûnen wurdt nije wike oppakt en yn de Blokhúspoarte smiten om foar straf te kurkjebreidzjen yn kulturele haadstêd ferbân. Sorry, mar dat moast der efkes út.

Dy Dutch Solar Challenge, it Fryske evenemint is fan it jier begûn yn Amsterdam. En dêr kaam dus ek alle publisiteit wei. Al dy krante- en radiomantsjes hoegden no net nei Fryslân te fytsen. Se koenen gewoan yn Amsterdam bliuwe. The Dutch Solar Challenge Boates giene in dei letter pas nei Fryslân. Doe kaam der in knoarre wyn en dan moatte dy dinkjes net farre. Mar se wiene yn elk gefal ferstandiger as dy Belgyske skipper, mei iepen lûken en wynkrêft 7 oer de Iselmar. No dus yn’e grûn by Starum.

Bin’k wer fan de Dutch Solar Challenge ôftoutere. Ik bedoel, der komt  aanst dochs in winner yn de Ljouwerter Prinsetún oan en dan stiet inkel omrop Fryslân dêr mei in tillefoantsje wat fotootsjes te meitsjen. De Ljouwerter Krante docht it fierder tillefoanysk ôf. Der is ús wer in evenemint ôfnaam. De oare media ha yn Amsterdam west.

We ha alris hân dat Tryater in wike lang alle Tryaterstikken yn datselde Amsterdam opfierd hat. Dat hat Tryater noch nea yn har eigen Fryslân dien. Wy krigen inkel in lange jubileumfoarstelling dy’t sa dreech wie dat we nei ien fan de trije parten al oer de meuch wiene.

De IFKS hâld yn juny mei in grut tal skûtsjes ta yn Rotterdam. Dêr krije dy skippers noch al wat jild foar, lit my it mar fersichtich sizze. Mar at je dy minsken dêr hearre is it skûtsjesilen tenei altyd yn Rotterdam. O ja, simmers skine dy dingen ek noch in slachje yn Fryslân te dwaan.

In evenemint is inkel in evenemint wêr’t it evenemint ûntstien is. Oars is it ûnsin. De Vuelta yn Belgie, de tour yn Utert, de Giro yn Nijmegen. En dan de kuierfjouwerdaagse fan Nijmegen wer begjinne  mei in ekstra etappe yn Ljouwert. Aanst is de earste ronde fan Wimbeldon yn Timboektoe, en  de start fan de Formule Ien fan Monaco yn Grins.

No ja lit se. Mar wy moatte de Fryske eveneminten yn stân hâlde. Inkeld dat ferhipte jild. Ik ha begrepen dat der al jild bean is troch Enkhuzen om de alvestêddetocht dêr te starten, dan oerstekke nei Starum, en dan de normale rûte. De finish dus yn Sleat, dan hoege we ek net mear oer de Luts. At Sleat net genôch betellet dan wol Lelystêd de finish wol ha. Net dwaan Wiebe, net dwaan. Ek al kinst dan 100.000 man starte litte, net dwaan. De alvestêddetocht is fan ús. It keatsbûn hat in bod fan 3 miljoen krigen om de PC yn Hellevoetssluis te hâlden. Ik wit wol, der komt gjin hûn mear nei Frentsjer, mar lit ús âlde tradysjonalisten dochs moai yn de Bogt fan Guné slommerje. Ek net dat wrâldkampioenskip reedriden yn 2018 yn Amsterdam hâlde op keunststof platen. Dat heart yn it nije Thialf, seker yn it jier dat we kulturele haadstêd binne.

Dêroer sprutsen. Net elkenien is dêr sa heul bot oer út de skroeven. Mar at dan Grinzer politisi fannewike sizze dat se ek meidwaan wolle, want dy Dutsers ride yn 2018 dochs troch Grins nei Ljouwert, en dan kin we it ek wol noardelik neame, dan stean we yn ien klap wer efter ús KH18. En at dat al ôfbrutsen wurde moat, dan kin we dat rêstich oan Sander en Sietske oerlitte.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s