Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

13 07 2016

Nije útfinings

We libje yn in nije tiid en dêr kin we fan profiteare. Der wurde bygelyks allerhande nije dingen útfûn, dêr kin we in soad wille fan ha. Sa hat de gemeente Menameradiel in útfining dien: in nije wize fan ûnkrûd tusken de tegels weiheljen. It is gjin wjudzjen, dat doch je yn in tún. It is sis mar ûnkrûd bestride. De nije Menameradielse metoade soe o sa goed wêze foar it miljeu. Gjin Round Up mear. Dan bin je nijjsgjirrich, want wat soenen se dan yn Menameradiel útfûn hat om dán dat ferrekte grien tusken de tegels en strjitstiennen wei te heljen. Eeeh, no ja, it is in kombinaasje fan hite lucht, boarstelje, fege en hânmjittich ferwiderje. Ik stie ferstomd. Dat we dêr net earder oan tocht hienen. Tsjonge jonge, wat bin wy in steltsje  kloaten. Sterker, ik tocht by it earste lêzen dat se in masjientsje útfûn hiene dat alles docht. Mar dat it dêrnei dan hânmjittich ôfmakke wurdt. Earst mei de biezum en dan mei de klauwen. Echt wol knap betochjt hear.

Hoewol, it is wol trije kear sa djoer as fergif spuitsjen. Benammen omt je no nochal wat langer wurk ha om dat ûnkrûd tusken de tegels wei te krijen. Mar se wurkje dêrre net hurder of langer. Oeral bliuwt dus ûnkrûd sitten yn Menameradiel. Inkeld omt in nije metoade útfûn is. Of eins in âlde metoade, der sit niks nijs yn. We ha’t allegear op dy wize besocht. En it is nea wat wurden. Hânmjittich bin ik ek al mei ophâlden, it ûnkrûd waachst je ommers ûnder de hannen wei omheech. Ik doch no struisâlt. Al stiet it idioat midden yn’e simmer wintersk struisâlt op de tegeltsjes te smiten, mar it wurket wol. Ja, nee, it is fansels net goed foar it miljeu. Sâlt is foar ús net goed, hoe soe’t dan wol goed wêze foar de tún. Dus Menameradiel gjin sâlt, mar dus gewoan ûnkrûd. Inkeld at der ynienen  in soad misdiedigers binne mei wat taakstraffen, dan wurdt der twa dagen mei hite lucht wat op ompielt, dan efkes boarstele mei de trekker fan de iisbaan. En dy straften sitte dêrnei op harren gemak it ûnkrûd wat te aaien.

In nije útfining is ek by it wetterskip Fryslân dien. In ûnder wetter drone. Ik ha altyd miend dat in drone in fleantuchje sûnder piloat wie. Ik ha tagelyk ek leard dat in fleantúch net ûnder wetter fleane kin, dan fersûpt it fleantúchje. In ûnder wetter drone is dus gewoan in dûkboatsje wêr’t net ien yn sit en wat se op ôfstân betsjinje kinne. Deryn allegear apperatuur om te sjen hoe hyt at it wetter op 1.70 fan de wâl yn de Tynje is en oft dat wêzentlik ferskilt fan 2.10 út de wâl yn de Naue Saiter. En miskien begjint dat ding mei in reade alarmknop te blazen at it in bever sjocht, want dy meie Fryslân net yn fan it wetterskip.  Neffens my swimt dy bever hiel hurd fuort foar dy dûkboat. Mar dat ding hat allerhande sensoaren, kin net inkeld sjen at der in fisk fertize sit yn de fûken fan de fisker, mar it is fansels benammen bedoeld foar ûndersyk fan de kwaliteit fan it wetter. Eartiids namen je in klompe fol út de feart en dronken dat op en dan hiene je in oardiel. Tsjintwurdich rop je dy drone op, en dy seit jo kin dit wetter wol drinke, mar it wurdt smoarch yn dy klompen fan jo, want jo ha grouwélige switpoaten.

Guon lju ha útfûn dat je by it rydbewiis heljen ek leare moatte soenen wat je dwaan moatte at je mei de auto it wetter ynride. Eartiids moasten je sitten bliuwe, mar no sizze se dat je der sa gau mooglik út moatte. At we rydeksamen dogge moatte we dus mei de lesauto it wetter ynride en sjen litte dat we der daliks útkomme kinne. It kostet hiel wat autoark. Ik ha in hiel simpele oplossing. At ik mei de auto it wetter ynrydt dan pak ik myn mobiele tilefoan en belje ik mei it wetterskip at se dy drone op my ôfstjoere wolle. Dan wachtsje ik geduldich oant dy komt. Je moat yn de moderne tiid meigean no.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s