Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

16 07 2016

Lulk

Ik bin lulk.

Wethâlder Jan Dykstra fan Democraten Skiermuntseach stapt út it kolleezje. Dat mei. Mar wit jim troch wa at hy opfolge wurdt: troch de waarnimmend gemeentesiktaris. Presies, dy siet altyd al by it kolleezje. Ach dan hoecht der ek net in oaren by. Eilannedemokrasy. Bah.

Wethâlder Gerda Postma fan de PvdA stapte út it kolleezje fan Achtkarspelen. Dat mei net. De oarsaak is nammentlik dat kollega’s Marten van der Veen fan de FNP en Max de Haan fan Gemeentebelangen sûnder oerlis mei har (en sy is wethâlder fan sosiale saken) de 5 ton dy’t oerbleau yn dy sektor ynienen brûke wolle foar harren eigen tekoarten. Sûnder oerlis. Dus se wisten wol dat se fout sieten. It hiele kolleezje ôftreden. Mar Marten en Max ha fansels allang mei it CDA smoezele en gean dêrmei aanst fierder. En dat makket my noch lulker.

De gemeente Opsterlân seit ynienen: jim winkeliers kin no wol moai jim namme op de winkel sette, mar dat is reklame. Yn ús Buorren. Dus dêr wol we reklamejild foar ha. Wa betinkt soks?

De provinsje jout 70 miljoen út foar it oanlizzen fan snel ynternet. Op himsels goed. Mar dêrfoar wol se harsels wer ynkeapje yn Kabel Noord, 40 pct fan de oandielen. En se freegje de gemeenten ek mei te dwaan. Dus we ha yndertiid as oerheid dat bedriuw ferkocht en no moat we it foar folle mear jild wer werom keapje. Dêr doocht wat net.

It COA wol better draachflak yn Balk foar it AZC. Hoe? No sa’n Hollander, Gerrit de Lang, dy seit dan: ach lit de lju my mar efkes maile, ik bin wol beskikber. Dus at je gjin draachflak ha moat je jesels melde. Komselden sa’n swakke draachflakopkrikpoging sjoen.

It lânboumuseum giet by ferrassing út Earnewâld wei nei Ljouwert. Lânbou fan doarp nei de stêd. En de provinsje betellet de hiele ferhûzing ek noch. In oprop hjirby oan alle oare musea yn Fryslân, dy’t noait in sint krije: Net ferboue, mar ferhûzje jonges, dan betellet de provinsje wol. Betelje se ek mei oan it sykjen fan it Fryske Gea nei in nije hierder?

De jildsjitter fan de weduwe Joustra gie fallyt. Och heden, hiel Fryslân wie oeral; dit moat wé oplossie. No de ynfestearders streamden ta. Bêst. Us nasjonaal produkt beerenburg. En ik gun it Heleen ek wol.  Mar we ha hjir safolle bedriuwen dy’t op de beerenburgflesse geane fanwege in bûtenprovinsiale ynfesteerder dy’t om in luchje giet. En dan docht net ien de mûle iepen.

De kommunikaasjelogootsjes fan KH18 kin allegear fuortsmiten  wurde. We krije no oranje dingen. Want ING is no haadsponsor. Leaf. Al ha wy leaver dat in bank jild liend oan minsken dy’t in hûs keapje wolle. Of yn Joustra hannelje. Mar dat de Ljouwerter Krante foar in heal miljoen ek sponsor waard, is fansels net leaf. No krijt KH18 ûnevenredich folle posityf omtinken. Ik wurd no yn 2016 al lulk. Want no wurdt in man dy’t draakjes oplit op de Ofslútdyk oan ljochtjouwende toutsjes as in grutte keunstner delset. En ik wurd noch lulker at hy dan op 4 septimber dy dingen dêrre ophinget, omdat dan de dyk ôfsletten wurdt fanwege ien of oare run. We kin der no ommers al noait lâns. En wit jim dat se yn septimber ek sjen  sille hoe’t it mei it beton is fan de dyk. Ha se noch nea nei sjoen sûnt 1932. Wêrom septimber. Kin dat no net, jild en tiidfergriemers?

Krekt as mei it REC yn Harns. Dêr komt miskien wol in hegere pipe. Miskien. Ja we moat it earst nochris ûndersykje. We bin noch net wis. Undersykje, ûndersykje, ûndersykje. Wa nimt yn dizze provinsje ris in kear in beslissing.

De Ried fan Kommissarissen fan Caparis stap op. Prima. Mar dan sizze dy acht wethâlders, de eigentlike ferantwurdliken foar de idioate tastannen by Caparis, dat de kommissarissen noch mar efkes oan it wurk bliuwe moatte oant der nijen binne. Dus je litte de ferkearde sitewaasje, dat seit ek de rjochter, dochs noch mar efkes bestean. Efkes? Hoe lang is efkes. In moanne of in jier? De wurknimmers fan Caparis hiene rjocht hân dat der regaad hâlden wie.

Dat kin we yn Fryslân net. Fryslân hat hiel fersichtige bestjoerders. En in folk fan lulke minsken.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s