Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

23 07 2016

Oanklampe

At je âlder wurde kom je ris wat faker yn in krematoarium. Ik moat dus sa no en dan ek nei Goutum. Dat krige foar it oare fanwege dat krematoarium de earenamme Stoke City. Wat in humor ha wy Friezen dochs. At ik dêr hinne moat, dan riidt ik nei Wergea en dan sla ik ôf nei de âlde dyk nei Ljouwert, de Wergeasterdyk, rjochting Goutum. It hat ek in tiidsje myn slûprûte  west omt se dêr oan de súdkant fan Ljouwert no al tweintich jier mei fan alles oan it prutsen binne. Mar op it lêst dan waarden je tsjinhâlden troch de plysje. Nei it krematoarium mei noch wol. Dus fan de dyk ôf, de Wergeasterdyk op. Dan moat je op in stuit oer in brechje en dan gean je dus oer de Wirdumerfeart. Dy rint fan Wirdum troch Goutum, sels troch it van Harinxmakanaal, Ljouwert yn. Dat sjocht net in mins mear. Foar harren is it gewoan in amer wetter. Yn de hoeke fan dyk en feart, dus by dat brechje, ryd ik aanst at ik nei dat krematorium moat net mear krekt as no tusken de freonlike boskjes troch, mar troch in doarp. In nij doarp. De Klamp.

Al stiet der noch net in pealtsje yn’e grûn, de Klamp is it 423ste doarp fan Fryslân. We hienen altyd 419 doarpen, sa hat Peter Karstkarel telt. Doe waard Ezumasyl makke, dat opprikte spultsje by Eastmahorn. Dat wie 420. Zuidlanden wie 421, Techum 422 en de Klamp wurdt dus 423. Moaie namme, fyn jim ek net. In klamp is in ekstra latsje of houtsje dat je hjir of dêrre op slagge om wat mear wissens te hawwen dat it allegear goed sitten bliuwt. En we wolle dochs net dat in wylde Wirdumerfeart aanst in doarpke fuortspield. Dus fêstspikerje. De Klamp.

Ljouwer seit dat Goutum Sud, Techum en aanst ek de Klamp bij de Zuidlanden heart. Mar de Klamp moat dochs jusjes oars wurde. Dêrom krijt de Klamp de foarm en oansjen fan Kimswert. Of Arum. Dat kin ek. Wêrom? No dat bin ek doarpen dy’t  bout binne op in plak wêr’t in dyk oer de feart giet. Ja ik wit net wat jim dêr ornaris yn Ljouwert dogge, mar elk doarp yn Fryslân hat in dyk en in feart. Dêrfoar hoech je net nei de Klamp.

Miskien wol omt it op in echt doarp lykje sil, sizze se yn Ljouwert. Dêr jouwe se dus ta dat Techum en Goutum Sud fierstente steriele plakken binne. Dat moat oars. In ienfâldige foardoar, krekt as yn Techum, is ferbean. Der moat in tierelantijntsje by. Lykas in lampke boppe de doar. Of in wurkje yn de doar. Der mei net in foardoar gelyk wêze. Yn it metselwurk moat ek wat ferskaat komme. Dat is yn elk doarp, útsein Techum en Goutum Súd, ek sa. Dus hjir en dêr moat der in oarskleurich stientsje tuskenyn metsele wurde. Ferplicht. De bouwer die altyd neat oars as sa gau mooglik allegear gelikeze hûzen bouwe, dan krije de minsken gjin spul. Mar yn de Klamp moat we spul ha, de bou moat boartlik wurde.

Safolle boartlikens dat der aanst inkel mar roomske lju yn de Klamp komme te wenjen . Want der is mar ien skoalle pland, en dat is in roomske. Yn it midden fan dat wat se in buertskip neame, mar wat trije kear grutter is as de measte doarpen yn Fryslân en dêrom neame we it ek in doarp, yn dy kearn fan de Klamp moat in soartement kroech komme. Nee, nee, net in echten, mear een paviljoentsje, dat tagelyk wykgebou boartet. En dy man fan it paviljoen soe ek noch moai kano’s ferhiere kinne.

Dus alles is al regele. De hûzen fleane aanst fuort krekt as dy fan  Techum diene. It is frjemd dat yn Fryslân yn de échte doarpen  gjin minsken mear komme. En dat se hjir by Ljouwert al begjinne kinne yn wûnderjier 2018 mei it bouen fan de Klamp. Alles is al regele. Sels de strjitnammen. Frysktalich. Greidefûgels. We wenje op Hoarnskrobber 17 yn de Klamp. Moai. It kloppet ek noch. Want de skriezen dy’t dêr eartiids sieten, bin al fuort. Mar dat hat dy hoarnskrobber net dien.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s