Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

03 08 2016

Bak

Ik gean alle dagen nei it it skûtsjesilen. Want at je tus wat nei de appkes sitten gean te sjen, no dêr doocht hielendal neat fan. De Ljouwerter Krante hat in liveblog. Dat kin ik op de tillefoan no ek fine.  It  liveblog sei moandei dat op de Feanhoop in nije sylformule tapast wie. Der waard finise yn it Grytmansrak en der waard net op tiid syld. Lit ik dy Ljouwerter Krante en alle minsken dy’t op har appkes ôfgeane  dan mar fertelle dat der fanôf 1948 frijwol altyd finise is yn it Grytmansrak. Dat de skûtsjes der al dy jierren ek gewoan laveare ha. Dat der pas yn 1972 en 1973 op tiid syld is. Doe wer in hiel skoft net. Mar de kommisje dy’t it skûtsjesilen dêr organiseart koe de lêste jierren faak net oars. Want se fine, en dat fine de skippers ek, dat je it Grytmansrak net mear yn kinne at der lavearre wurde moat. En dan moat je wol op tiid sile, want je starte wol fan de wâl. Inkel nij is en dat hat de SKS yn gearwurking mei de kommisje Feanhoop fan’t jier besletten dat at in wedstriid wol trochgiet mar at der dan net finise wurde kin yn it Grytmansrak, dat dy wedstriid dan net jild. Da’s goed. Mar set it Fryske folk net foar gek mei ynformaasje dy’t net doocht, en sis dêr by dan net dat se eartiids net doogden op de Feanhoop, want dat dienen se echt wol. Inkel kin de hjoeddeiske skippers net mear lavearje op fyftich meter breedte.

Mar dêr woe’k it net oer ha. Ik woe’t ha oer wat de jongens fan de Lemmer hieltyd tsjin my sizze: ast nije wike op de Lemmer komst dan sjochst ynienen in grutte bak yn de Iselmar lizzen. In bak? Ja in bak. It skynt dat se dêr in fjouwerkant damwand yn de Iselmar slein ha, fan 25 by 36 meter. Dat wurdt deryn hielendal droech makke, en dan dolle se ek noch. Want der leit noch in fleantúch út de Twadde Wrâldoarloch. In Vickers Wellington. Wylst rûnom yn de wrâld tûzenden fleantugen delkwakke yn woestinen, dolle wy dus ien op. En it is net samar wat, in hiele bak boppe wetter sizze se. Fansels in bedriuw earne oars wei dy’t it docht. Duorret in moanne en it kostet de gemeente Friese Meren sa’n 1 miljoen euro. No krij se it grutste part wol wer werom, mar ik krige al efkes in rilllinkje. In miljoen. Dêr koene we it sikenhûs yn Dokkum noch wol in pear jier fan yn stân hâlde. Mar nee, fleantúch. Der bin ferline jier stikken fan fûn, en se wolle it no der wei helje, want it leit yn it paad fan de sânwinning. Ik soe sizze je kin der wol om hinne it sân weihelje. Mar dat wol se net.

Juster wiene we mei it skûtsjesilen yn Earnewâld en doe tocht ik wer werom oan dat fleantuch wat der leit tusken Earnewâld en Warten, by de Nauwe Saiter. Dat is der delklapt. De measte jonges  bin der mei de parachute útkaam, ien man waard dea fûn, in oaren is net wer sjoen. Ingelsk fleantúch. Nei de oarloch hat de gemeente Ljouwert dat plak  brûkt as dwinger. Se ha dêr alle mooglike en ûnmooglike ôffal  delsmiten. Op dat fleantúch. Net ien hat der ea oer neitocht. Dat dienen je doe gewoan. Letter wat greide en boskjes der oer hinne, en je farre moai fâkânsjeprovinsje Fryslân yn, en komme dan de Alde Feanen yn fia de Nauwe Saiter. Wy sjogge dan noch efkes, dêr leit er, mar de measten witte it net. En no wol de gemeente dat ek boppe de grûn helje.

At je fierder sneupe wit je dat der noch 501 fleantúchwrakken út de Twadde Wrâldkriich nea wer tefoarskyn helle binne. Ja, emoasjoneel hat it wol wat, der moat ek noch 1085 liken lizze. It measte ek noch yn de Iselmar en de Waadsee. Mar nimmen wit wêr presies. Moat we se allegear omheech helje? Moat se dan ek noch in damwand yn dy âlde dwinger slaan? Al dy grutte izeren bakken dy’t it lânskip fan Fryslân fertuteazje. Lit alles mar rêstich lizze.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s