Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

06 08 2016

Wettersport

It hiele foarjier en begjin fan de simmer siet ik wat mei in ûnbestimd gefoel oer de mar te sjen. Oan de iene kant wol moai, want der is hast net in boatsje te sjen; oan de oare kant ken ik in hiel soad lju dy’t boatsjes bouwe, meitsje, ferhiere of ferkeapje. En dy ha dus minder te dwaan. De grutten falle fuort net om, mar de lytskes ha der wol lêst fan.

Wettersport is wat feroare. Eartiids hienen je grutte kloften bern dy’t nei de sylskoalle giene. En dan hâld je altyd in persintaazje oer wat de wettersport letter ek belibjen giet. Wy waarden yn ús jeugd meinaam op de boat fan heit en mem, en stapten dan ek hiel maklik ús eigen wettersportbelibbing yn. Mar blykber hat ús generaasje it dochs wat lizze litten op dat mêd, want ús bern gienen net mear mei, der wiene in hiel soad oare dingen te belibjen.

Boppedat alles feroaret. Ik kin hast gjin minsken mear dy’t foar in dei in bm-erke of polyfalkje hiere. It is yn dizze hastige tiid blykber te folle gedoch. Dêr komt by dat we in soad jierren hân ha mei min waar. Of nee, net min waar, oar waar. De buien kletse deryn. Der wurdt je as wettersporter foar in dei silen wat skruten fan. En dan ek noch dagen dat der hielendal gjin wyn is, of in hiel lyts bytsje. No ja de SKS skûtsjes ha de earste trije dagen sjen litten dat je dan wûndere avontoeren belibje kinne. Dan is der neat oan. En at der tefolle wyn is, ha je it net mear yn de hân.

Ek de massale ferkeap fan elektryske fytsen bringt de minsken ek op in oar paad. Je kin yn it wettergebiet fan Fryslân fantastysk fytse, en dan oer dat lege wetter útsjen. En der komt by dat fjirtjin dagen Turkije aardich goedkeaper binne as it hieren fan in boat yn in wykein.

Sa sil der noch wol wat mear saken wurkje. En dan wit je ek dat de Fryske wettersportûndernimmers optheden de finger omheech stekke: jonges we moat wat dwaan. Se bin foar it oare noch  posityf hear, want harren stribjen is: hoe krije we de minsken wer yn in boat. Je kin ek ophâlde. Of mobiele tillefoans ferkeapjen gean. Nee. se sizze  at wy de holle boppe wetter hâlde wolle, dan moat we minsken op dat wetter krije. En se ha mei syn allen besluten dat Martin Cnossen dat regelje moat. Je moat minsken nei Fryslân lûke dan komt der fansels ek in part fan op it wetter  En dat moat Merk Fryslân fan Cnossen dus dwaan.

En ferdomd se ha gelyk. We lêze ynienen dat de Tsjechen de grutste ynkommers binne op de boatemerk. In merk dy’t wat feroaret, fan tusken heakjes âlderwetse lytse sylboatsjes, nei grouwélich grutte krusers, dy’t troch trije gesinnen tagelyk hierd wurde. Of troch seis Dutse manlje en in frou. Of troch twa netsjese jonkjes, dy farre dan om de hoeke, dêr stean 18 maten mei fyftich kratten bier. Mar dy Tsjechjen, dêr hiene we hielendal gjin rekken mei hâlden. Neffens my hat Fryslân himsels presinteard oant yn Chinsa en Japan ta, mar ha se Tsjechië altyd oerslein. En dy ferslane no de Belgen. En de eigen Nederlanders. At we de Nederlanders wer werom krigen; de Dutsers bin hjir toch net wei te krijen;  we hâlde de Tsjechen en we meitsje noch wat reklame yn België en Japan (al sjoch ik nea in Japanner of in Sjinees yn in boatsje, dy stean âlde dingen yn Ljouwert te fotograferen) mar at we dy oaren ha, dan bliuwt de wettersport wol op peil.

Want dy hat noch neat ferlern hear. In hiel soad bedriuwen sizze ek wol: wy rêde ús wol. Dy ferkeapje wat fan hun spul, en keapje wat grutters en luxers yn. En de jeugd fart deryn of mei allegear grouwélige monsters, alde selsopboude fertoaningen; no ja, der moat altyd moters yn of by.

Ien andert ha‘k noch net. Hoe krije we de Nederlander of better de Fries wer yn syn eigen boatsje. Dy ha’t skipke wat se hienen ynruile foar in elektryske fyts. Dan moat  dat mar in wetterfyts wurde.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s