Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

 

10 08 2016

Dokkum

We bin fansels hielendal op de hobbel. At we net yn Turkije sitte mei fakânsje dan sitte we yn de sport. Earst tocht ik noch by it EK fuotbaljen en de Tour, dat de lju dy’t it alsmar hiene oer in sportgoarre, wat oerdreaun diene. Mar no’t we midden yn de Olympyske Spultsjes sitte én yn de Fryske hichtepunten dy’t we ek sport name en breedút oer de provinsje útwaaie litte, ja no is it in sportgoarre. Dy ûntstiet fansels yn de media. Dy soargje derfoar dat wy nearne oars mear omtinken foar ha. Wat ynteresseart it jim dat der noch diskusje oer wynmûnen is op guon plakken, at ús eigen giseljende mûne Epke Zonderland noch safolle dagen foar syn sûnder mis gouden rekoefening no mei Yuri yn de mage sit.

Wat kin it ús no skille dat Achtkarspelen noch lang gjin kolleezje hat, wylst we ek nijs krije kinne wat de mem fan Marrit Bouwmeester tinkt at Marrit fjirde stiet.

Lju dy’t har libben lang op Amelân yn in stakarafan stien ha, kin no gjin plak mear krije. Wat soe it. Der sit ommers yn it nasjonale frouljusvolleybalteam sûnder mis immen dy’t wolris yn Fryslân te silen west hat.

Ja fansels, at de provinsje seis ton bybetelje moat by de oardel miljoen dy’t se al joegen om yn Wanswert dochs in rûnwei te krijen (en elk doarp yn Fryslân hat rjocht op in rûnwei, Wanswert ek), mar omt de gemeente Ferwerteradiel de sinten net foar elkoar krije koe fanwege de fúzje mei Dokkum, dat is allegear wol slim, mar dat wol efkes net ien witte, want oooo wat moai, dy tút fan in Dokkumer jonge at in frommiske hurdfytsgoud wint. In Dokkumer jonge. Mei in tut. Oooh

Dokkum. Do neamdest Dokkum. Ja. Is dêr net wat mei it sikenhûs? Ja, en dat mei nét ten ûnder gean yn de sportgoarre. Sikenhûs de Sionsberg. Jierrenlang it mikpunt fan geâldehoer. It is troch minder goed belied en te hege kosten wat út elkoar skuord. Mar uteinlik is der wat útkaam. It waard sa regele dat it in soarte polykliniek wie mei in hiel soad ofdielingen. Yn soarchtaal: anderhalvelijnscentrum met polikinische zorg waarin de huisarts als hoofdbehandelaar centraal staat. Eins wie elk wat ûntefreden, net in folslein sikenhûs, mar alla, sa dan mar. En no hat de syktekostefersekering de Friesland ynienen  sein, we wolle it kontrakt mei Sionsberg wer ferbrekke. Want se sizze dat de ofdielingen net goed gearwurkje en dat de sûnenssoarch yn Noardeast Fryslân der ûnder te lijen hat. Dat mei se fine, mar je meie dan net daliks ûnder in noch mar krekt skreaun kontrakt útwâldzje. Of it is sa slim, mar dan moat der moarn wat barre, en net oer in pear moanne.

Mar der wie wat oars opmerkliks. De reaksjes. Ja fansels, it hiele Red Sionsbergkomité komt wer op de lappen, aksje aksje. Mar je heare ek lûden dat mei ús syktekostefersekering Friesland dochs net dwaan. Sels de polityk begûn him der al mei te bemoeien. Mar dan kom je op in wankel balkje fansels. Want wy ha neat te sizzen oer in soarchfersekeraar. Dy is sels baas. Sels sa folle baas dat se it lot fan sikenhûzen yn hannen ha. De provinsje is net baas oer de Friesland. Dy’t trouwens ek wol yn oare provinsjes wurket. Dat is it gebrûk wat wy der wer fan meitsje kinne. Dy moat je tsjin elkoar útspylje. Sionsberg moat gewoan mei in oare fersekering in kontrakt meitsje, en dan moat je tagelyk de hiele befolking fan Noardeast Fryslân oersette litte. Dan giet it wol weer in pear jier. Krekt as dat gedoch wat je ha mei de enerzjy lju, elk jier feroarje.

De Friesland lit it safier net komme. Der komme petearen en alles komt wer goed. It wie gewoan bedoeld om de prosessen wat te fersnellen. Want de soarch dy’t boppe de sportgoarre útgiet is dat at we Dokkum folweardich bestean litte wolle en we respekt foar de noardeast hoeke ha, dan is in sintrale as te min. Dokkum moat hoe dan ek yn elk gefal in anderhalfslijnscentrum oerhâlde, oars betsjut it allegear hielendal neat mear. En dan is de gouden medaille fan dokter Epke hielendal neat mear wurdich.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s