Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

13 08 2016

Sielich

Suver hurd gie’t mei de auto. Oars moat je hjir yn Fryslân altyd stadich op dy lytse dykjes fanwege de fytsers. Mar dy wienen der no net. Want it reinde. En dan skine sels elektryske fytsen it net mear te dwaan.

Se hiene wol komme kinnen want foar de winkel stiet in rychje fytsestanders. Singelier, fytsstanders wurde yn Fryslân nea brûkt as fytsestander. We bin leau’k gjin rychje minsken. Elkenien klapt de fyts altyd tsjin de winkel oan. It ienigste wêr’t se foar brûkt wurde is dat se der in hûntsje oan fêstbine. Want hûntsjes meie de winkel net yn. Tongersdei siet der ek sa’n hûntsje. It ras wie my ûndudlik, it like wol at der tsien reuen gear west hienen oer it teefke. Wat oerbleau wie sa’n lyts oanhinklik kefhûntsje, twa klompen grut. Mar hy of sy kefte no net. Yn de winkel wie’t smoardrok omt it reinde. En doe’t ik bûten kaam siet hy der noch. Komselden, echt selden ha’k ik hûntsje sa tryst sitten sjoen. Fêstbûn oan in fytsstander is al net moai. Mar sa ferkriklik wiet. Echt sielich.

Efkes fierder soene fiif minsken te silen, seach ik. Spul wat droech bliuwe moast, krekt as beurzen en kondooms, dat siet allegear moai yn de grutte plastik sylpot, dy’t se meisjouden. Mar se hiene safolle reinklean oan dat se oan dy kondooms net takomme soene. Se rûnen net iens hastich. Wierskynlik in sylboatsje hierd, net op tiid wer ôfsein. No moasten se wol. Sile yn Fryslân, al reinde it as de see. Komselden sa’n tryst ploechje minsken sjoen, mei safolle ûnnocht oer in freeslik wiete dei op in lege mar. Like tryst as it hûntsje.

Efkes fierder draeiden de kij har ek om. Se stutsen it skytgat yn de rein. Koe it moai wat skjinspiele. Se hiene gjin inkele fidusje mear yn in sprankje sinne. Of waarmte. De radio hie it juster noch oer dat dizze simmer in hiele waarmen wie omt it ‘s nachts sa waarm west hie. No de nacht hjirfoar hie’t sawat fêrzen. En donderen alle rekords wer yn de reinwetterbak. Ien ko skarrele mei de sturt del nei de tillefoan. Hy belle de boer en sei: we wolle dy sint foar elke mingel  molke dysto no fan de Campina krijst sels wol  betelje, at we mar gewoan  nei de stâl werom meie en net yn dizze wiete tryste greide te pronk stean moatte foar lju dy’t dochs net lâns komme.

Tillefoantsje. Immen wurket yn it Jopie Huisman Museum yn Warkum. Kom net, we ha’t smoarende drok. Musea dêr gean je simmers dochs net hinne? Mar der rinne optheden allegear ferdwaalde minsken yn reinjassen en ûnder paraplus yn Fryslân om, en dy ha alle kroegen no wol in kear bedronken. Dy gean út ellinde mar nei in museum.

It wie’t ienigste fleurige lûd. Op de rotonde tusken Wyckel en Sondel  stean in stik as wat, no ja, wol sa’n tsien grutte buorden mei oanplakbiljetten. In wûnder dat it mei, dat se dy dingen dêr delhingje, ik tink dat efter de hage in man wennet dy’t dy grûn hat en wol wat sinten brûke kin. It stiet lillik. En no drupten se ek noch fan it reinwetter dat ik moast trije kear de rotonde omride om te sjen wat der op stie. It bin allegear entosjaste oproppen om nei eveneminten yn Fryslân ta te kommen. Alles moast noch barre. Ik soe hjir of dêr wol hinne wolle, mar at it dit waar is, kom ik der net. It Is sneu foar de lju dy’t it allegear organiseare, mar sa wurdt it neat fansels.

Want doe kaam ik by it skûtsjesilen. Yn Lemmer. Dêr ha se in Sudersee fol wetter en der wiene de skûtsjes op oan  it knokken. Douwe waard al kampioen. Mar der wie net ien dy’t it seach, want doe begûn it pas echt te reinen. In see fan reinwetter dus ek noch, de skûtsjes wienen net iens mear te sjen. En Douwe wuifde nei in lege dyk.

Gau werom nei de auto. Ik kaam in man tsjin. Hy dielde my noch by de Omrop yn. Dus hy seach my lytsachtsjend oan. En sei doe: neam it mar hjerstmis yn Fryslân.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s