Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

17 08 2016

Publyk

Alle dagen hat de Ljouwerter Krante in kommentaar op de twadde pagina. Yngreven. Meastal oer Assad of Poetin, soksoarten. Desneeds oer Wilders. Mar sneon skreau haadredakteur Hans Snijder dêr ynienen in kritysk kommintaar oer skûtsjesilen en keatsen. Mar fan de saken ticht by hûs ha’t hy blykber gjin lover ferstân. Dat blykte teminsten út de lulke reaksjes op twitter. Want Snijder skreau dat PC en SKS té tradysjoneel binne, se moatte har oanpasse moatte oan it publyk. Oars sil dat fuortgean en bliuwe.

Sa soe de SKS de rûtes fan de skûtsjes folle mear deun lâns it publyk stjoere moatte. Silen Hans is wedstriid-sile, net sjo-sile. Foar de sjo komme op den duer yndied net folle minsken. Wedstriid-sile, doarp tsjin stêd, Earnewâld tsjin Snits. Dat wol minsken mei belibje. Sjoch je fannewike ek by de IFKS, elk skûtsje hat support. We wolle ek meisile mei ús golden Marrit Bouwmeester. Mar dêr krij we sa no en dan mar in hiel fierôf byldsje fan. En dan bin je op de Olympyske Spelen, en dat is it plak wêr’t dochs de measte kamera’s fan de wrâld sammele binne. Dy kamera’s kinne silen ek net goed sjen litte. Se wurkje ek dêrre mei track en trace, krekt as by de SKS, sadat je fia de kompjoeter of jo tillefoan sjen kinne wa’t wêr leit.  Yn it lyts is giet ek sa by de SKS. It is al moai dat Omrop Fryslân de minsken middeis wat sjen lit, mar it is hap/snap, en at je tus sitte begryp je it net. En seker net yn de Buorren fan Langwar, wêr’t sa’n grut skerm stie, sa’t Snijder dat ha wol. Tusken it dronken feestfolk, dat folle mear belangstelling hie foar de bar dernjonken. Moat we dêrfoar no skytdjoere drones de loft ynstjoere?

Sile Snijder, is in krúsrek sile, leafst sa lang mooglik. Oars syl je inkeld wat efter elkoar oan. Dan kin alle skûtsjes like hurd. Soms is de wyn sa dat se dat sa lang mooglike krúsrek in eintsje fan it plak ôf ha wêr’t de minsken steane, mar de ûnderste of boppeste tonne leit altyd redelik ticht by.

By it keatsen hoege gjin drones, mar it moat al feroarje. Seit Snijder, mar hy seit net hoe. Dat wit net ien. Miskien in grutter fjild en gruttere partoeren tsjin elkoar. Mar at it Sjûkelân foar trije miljoen omboud wurde moat, wit ik it kommintaar fan de Ljouwerter Krante al. Sinleas jild. Jou dy keatsminsken dan ris in goede oplossing. Se sjogge al jierren dat it publyk werom rint. De hope is fansels de PC fan dit jier. Elkenien dy’t der west hat seit  dat it in goede partij wie. Mar ik tink dat soks noch net genôch is. It moat wer wat levendiger wurde. De Ljouwerter Krante hie in ynterfjoe mei PC-kening Hans Wassenaar. Dy soe  better keatse no’t hy wat kalmer yn it fjild wie, net sa emosjoneel. Ja en ik tink dat Hans wer gewoan himsels wurde moat. Dus noch emosjoneler. Dat lûkt publyk. Ik hie in diskusje mei Feark Smink oer it skûtsjesilen. Hy fynt de skûtsjes prachtich, histoarysk ferantwurde, ensafuorthinne. Mar hy wol kamera’s en mikrofoans op elk skip, sadat it publyk hearre kin hoe’t se op elkoar skelle. Ik soe der net sa lokkich mei wêze, mar toe dan mar. At dat it sa libben makket dat it publyk wer komt.

Hoewol, dat publyk is net fuort. Komt inkeld sa no en dan wat letter. Sifers út de LC: Op de PC sit 8000 lju te sjen nei Hans Wassenaar en dêrnei komme der noch 15.000 yn de Bogt of oare kroegen. Ik ha de skipkes by it skûtsjesilen yn Grou telt lâns de kant. En 7 man gemiddeld per skip rekkene. Ik kaam út op 20.000 minsken. En dêrnei komme der nochris 10.000 yn Grou. Feest. Langwar pûle de Buorren út. Feest. Hielpen op de earste IFKS dei, koenen je net troch komme, de auto’s stiene oant Warkum en Koudum ta. Ek al ha se dêr by de IFKS no in  skiedsrjochter dy’t allerhande frjemde beslissings nimt, sadat nimmen der mear wat fan snapt. . Kin ús neat skele. Nei Hylpen. Nei it feest yn Fryslân. Tradysjoneel. Mei ek noch de OS de hiele dei op de tillefyzje as tsjinstander. Feest. Ach. Kom dêr ek ris Hans.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s