Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

20 08 2018

Kommissaris

Minsken, minsken, it wurdt no wolris tiid hear. Fakânsjes hast wer oer, der bin no wer wichtige saken. De kommende wike moat jim bygelyks de enkête ynfulle fan de provinsje. Oer wat jim fine wat de nije Kommmissaris fan de Kening yn Fryslân foar kwaliteiten ha moat. Dat moat de provinsje foar 1 septimber witte. De FNP skood ús de hiele tiid op twitter dy enkête al ûnder de kont. Sa fan: dan kin jim moai ynfulle dat ús kommissaris in Fries wêze moat. No dat is folstrekte nonsens. Dermei soenen je al dy lju dy’t folle mear kwaliteiten ha yn it jiskefet kwakke. Dus fraach twa kin wol út de enkête, hoege jim net yn te fullen. Aan fan de Fryske taal en kultuer hoecht de nije kommissaris net, dat hat Sietske Poepjes wol yn hannen. Seit se.

Jim moat witte dat it eins hielendal gjin sin hat om dy enkête yn te fullen, want de kommissaris is in ryksfiguer. Plasterk beneamd him, neidat Rutte sein hat dat it goed is. In kommissaris moat ynearsten  soargje for in goede gearwurking tusken ryk en provinsje. No, at hy of sy dat goed dwaan soe, kin it oare wurk wol fuortdondere wurde. Salang at earst it ryk, dan de gemeente, dan de provinsje en dêrnei noch rykswettersteat of it wetterskip in richeltjse njonken ús diken iepen en ticht smite at se der wat yndien ha, salang hat in kommissaris it net oan tiid in earste ljipaai te lotterjen.

Want, en dêrom soe’t miskien dochs goed wêze dat we dat efkes dúdlik yn dy enkête sette, dat úthingboerdgedoch hoecht foar ús net.  Ofsjoen fan dat it net nedich is, betsjut it ek dat in soad lju net kommissaris yn Fryslân wurde wolle. Hjir moat je nammentlik 365 dagen yn it jier nei eveneminten, iepeningen, huldigingen en soksoarte gedoch en de kommissaris stiet sa ticht by de minsken, dy moat dêr altyd hinne. Ophâlde. Dat kin wol in wethâlder of sa dwaan, oars bin dy nea yn it spier. Inkel at de kening komt, moat syn kommissaris dus oan de bak, mar we ha hjir lokkich nea olympyske spelen.

It lieden fan de steatefergaderingen is ek in waaxen noas. No ja, hy hat de opdracht dat der besluten naam wurde moatte. Mar dat wol by 12 partijen fansels net daverjend. En der wurdt toch dien wat deputeare steaten  beslisse, dus it makket neat út. De gearkomsten fan deputearre steaten moat ek wat útkomme, mar dy bin efter sletten doarren, dêr freget de enkête net nei. Ja we witte wol dat Jorritsma algedurich op de tafel slacht en ropt “doch no ris wat”, mar offissieel is dat net bekind.

O ja hy beneamd ek noch boargemasters. Mar Jorritsma hat wat útfûn. Hy beneamd inkeld waarnimmers. Dan ha we gjin lêst fan ellenlange prosedures. We merke it ferskil ek net, inkeld wennet in boargemaster net mear yn syn eigen gemeente. No en.

Bemiddelje tusken fjochtsjende gemeenten is dus it ienigste wat oerbliuwt om te dwaan  foar in kommissaris. Dat is dus ek wer gewoan in rykstaak. Want de steaten kin it noait in hout skele dat de gemeenten yn tsjok waar mei elkoar libje, want dy komme sels ek út allegear ferskillende gemeenten. Op deselde wize as al dy ryks en provinsiale dingen yn elkoar stekke, soe de nije kommissaris him ek dwaande hâlde moatte mei dat at gemeenten dan net fuseare wolle, dat dan yn elk gefal noch wol gearwurke wurdt. De ferhalen dy’t je konstant hearre oer wy dogge it sa en hjir dogge se it sa en sa litte we it mar, moatte de wrâld út. Pak de gemeenten by de strôt, skodzje se efkes en lit se dan yn de grûn sakje.

Ik ful de enkête dochs yn. Us nije kommissaris moat in moaie mar ek wat strenge frou wurde, mei in soad erfaring yn ombudswurk. Se mei gjin úthingboerd wêze, en net de hiele dei âldehoeren âldehoere litte. En se moat, en dêrom moat se moai wêze, stille ynfloed yn Den Haach ha. Dêr kin Fryslân fan profiteare.

Klear. Ja, doe moast ik noch in spamfraach ynfulle by de enkête. Myn spamfraach wie, hoefolle is 7+6. Foar wat foar minsken is dy enkête eins?

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s