Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

03 08 2016

Lân fan Meartaligens

Fansels, ik begryp bêst dat it wichtigste nijs fannewike wie dat Doutzen Kroes tenei yn Dútske ûnderbroeken, dy’t ta Nederlânsk product naturaliseard binne, rûnrint. Ik wit ek dat jim allegear mei wip yn de angel de byhearende adfertinsjes besjoen ha. Mar ik soe dochs jim omtinken freegje wolle foar eat wat Doutzen sels ek folle wichtiger fynt, want se tutet jim ommers altyd al mei Fryske Afûklippen. Hoewol, it gie juster net mear inkeld oer it Frysk, nee we wreidzje no út ta meartaligens. Sûnt der op guon basisskoallen njonken Nederlânsk en Frysk ek Ingelsk jûn wurdt, prate we net mear oer twataligers, mar oer meartaligens. En mei de komst fan noch mear asylsikers is dat fansels hartstikkene goed.

Meartaligens. Juster ha sân ynstansjes yn Dokkum in konvenant tekene. Koen Eekma fan de Afûk wie der fansels by, want sy fertsjinje it meast oan de Fryske úteringen fan de provinsje, dus aanst ek oan de  meartaligens. Ik bin Tomke. Ik ben Tom. I am Tommy.

Hanno Brand wie der ek. Hy is de baas fan de Fryske Akademy, want dêr dogge se  Europeeske ûndersiken nei meartaligens. Brand wol net dat in oar dêr yn omhaffelje kin sûnder dat hy der by sit. Boppedat sit hy der yn omt Bert Looper fan Tresoar der ek yn sit. Lit my it mar hiel fersichtich formuleare: der bin wol ris wat oerlaapjende wurkfjilden by Tresoar en de Akademy. Dan  hoech ik teminsten net te sizzen dat se elkoar swier bekonkureare.

Jouke de Vries wie der ek. De man dy’t de Fryske universiteit as fasal fan Grins op poaten sette moat. Miskien is dat meartaligens wol wat foar him. Jan Koster fan Omrop Fryslân siet der ek, mar dy hie de holle der net hielendal by, dy sit wat mei steatsiktaris Dekker en al dy oare regionale omroppen dy’t fertelle wolle wat Omrop Fryslân útstjoerd en dat is echt gjin meartaligens.  Tryater wie der fansels ek. Saaklik lieder Valantijn Flik naam waar foar Ira Judkovskaja, want dy hat eangstige wylde dreamen at se it wurd Frysk heart. It hie no wol kinnen, want meartaligens is krekt wat foar it Tryater fan Ira, dy’t succesvol wie yn de meartalige streken Amsterdam en Mouskou. We krije ynkoarten in ingelsk stik. The truth of Wylgeragea.

En dan wie it Historisch Centrum Leeuwarden (let op de Nedelanske titel) der ek noch. Geart de Vries. Dy’t fansels gol bliid is mei in konvenant oer meartaligens, dan kin Ljouwert teminsten ek meidwaan. At it Ljouwerters al in taal is fansels, oars moat hy yn de dialektebak. Dêr sitte trouwens frjemd genôch it Stellingwerfsk, it Bidtsk, it Snitsers, it Harnsers, it Hylpers en it Aasters ek al yn. Soenen dy no ek net in konvenant foar meartaligens ûnderskriuwe moatte.

Nee. Sjoch. Koen, Bert, Hanno en Geart sitte dêr allegear om de âlde hoerebuert fan Ljouwert hinne, tsjintwurdich it âldehouster tsjerkhôf. Der rint Jouke ek faak om. Der komt in gebou, weryn we as Fryslân it lân fan taal ta útdrukking bringe moatte. Moai gebou, kostet in kwak sinten, want it is yn it ramt fan KH2018. Sit in trbune op. No kin Geart, Hanno, Bert, Jouke en Koen der wol sitten gean, mar dan moat der ek wat barre. Dat moat Ira útfiere, want sy sit op alle akteurs. En at je it oer taal ha, dan moat je akteurs ha, want dat kin net echt wêze, da’s net oerdreaun genôch. Jan moat it opnimme, sadat it hiele Fryske folk yn 2018 in skitterjende foarstelling krijt oer it lân fan taal. Meartalige taal. Inkeld dêrtroch kin Fryslân Europeeske haadstêd wurde, want der haffelje se ek altyd yn gâns talen yn elkoar om. At de iene ja seit, seit de oare nee. Europa begrypt himsels net.

Fryslân wol. Mar moat je no in konvenant slute om soks foar elkoar te krijen. Dat moat dochs fansels gean. Wittenskip is gjin taalfoarstelling. Behâld fan Fryslâns erfskip ek net. Ach, it wie ek gewoan efkes gesellich by elkoar sitte juster, en freegje how are you. Mar ik miste de ûnderwiissektor. Dêr is de útfiering fan meartaligens betocht, mar by it sweeslaan yn Dokkum mochten se juster net wêze.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s