Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

07 09 2016

Dach Jorritsma

Moarn skodzje we him de hân en sizze: dach Jorritsma. Dan is hy fuort. En oer twa moanne ha we it net mear oer him. Hy hat de ôfrûne dagen netsjes oeral in ôfskiedsynterfjoe hân, mar ik ha it gefoel dat it dêrmei ek wol oer is. En da’s wol frjemd. Want it wie in kommissaris dy’t syn rykswurk tige goed die. Hy hie de steaten  goed yn  hannen. Hy bemoeide him der iepenbier ynhâldelik net mei, mar it rûn allegear goed. En je kin him net ferwite hoe’t it kolleezje fan deputeare steaten tinkt. Ik sil dêr no gjin meidielings oer dwaan, oare kear wer. Want ik ha’t no oer kommissaris fan de kening John Jorritsma. Persoanlik in tige aardige man, dy’t hiel hurd wurke hat, en altyd yn juny mei fakânsje moast omt hy yn july en augustus úthingboerd wie foar de Fryske spultsjes.

In kommissaris fan de kening moat ek lobbywurk dwaan. Yn de ynterfjoes hie hy it der oer dat Fryslân Dubai wurden wie, at al syn lobbywurk slagge wie. Hy hie ek sizze kinnen: ik bin troch Fryslân te faak op kansleaze missy’s útstjoerd. Wat we dêr fan leare is: je moatte deryn folle selektiver te wurk gean. Sizze hjir sette we op yn, it oare is kânsleas. Bygelyks sa’t it mei kulturele haadstêd gie: earne massaal op ynsette. Mar at der mar ien of twa yn leauwe, net dwaan. Want dan wurdt sa’n Jorritsma yn Den Haach neat oars as : och, dêr ha je him ek wer te seuren. En dan wurdt Fryslân net Dubai, mar Timboektoe, want dan krij je neat. Sjoch, Hermans en Nijpels diene altyd krekt as kamen se foar wat oars, se hienen ek in soad oars, en dan der noch efkes efteroan o ja we ha yn Fryslân ek noch ferlet fan huppeldepup. Dan wurdt it je net persoanlik oanrekkene.

De grutste misser yn Jorritsma syn lobbywurk wie fansels dat hy it akwadukt by Skarsterbrêge yn de A6 net werom prate kinnen hat. Lobbye is ek ministers fan eigen partij op missers wize. Wól moai is fansels it Thialf ferhaal. Hy seurt noch wer op de ryksoerheid dat se net meibetelle ha, en dat gedoch mei Almere en Zoetermeer trochgean lieten. Mar hy hie yn dy ynterfjoes sizze moatten dat it de KNSB hieltyd dwers lei. Omt se dêr it wurd Thialf net mear hearre koenen. Sterker, ik soe graach wolle dat se aanst de boargemaster fan Eindhoven noegje om it nije Thialfstadion te iepenjen. Ik ha’t fannewike besjoen: in geweldich gehiel, je fiele je suver yn Dubai wenjen. En dat Jorritsma dan by  de iepening sizze mei: de KNSB krijt it wurd hjoed net. Dy haffelje der altyd yn om, mar dat hat Fryslân noch nea fertuten dien.

Yn de ôfskiedsynterfjoes siet noch ien foarbetocht ferhaal fansels. Oer dy kloaterige te lytse gemeenten. Dy’t it ferdomme om te fusearen, wylst dat it ienige is om oerein bliuwe te kinnen. Ald-deputearre Jan Ploeg gie mei Nijpels stiekem by de gemeenten  lâns en hat hiel wat klearkrigen, mar de lêste kolleezjes ha it net foar elkoar lulle kinnen. Jorritsma ek net, hy hat him de bek skeef praat, mar Harns bliuwt Harns en Dantumadiel bliuwt de Westerein. Jorritsma syn lêste lobbywurk is de ryksoerheid freegje om in grutter foech foar de provinsje op dit mêd. At je no dizzer dagen sjogge nei it gestumper yn Achtkarspelen, wêr’t de FNP fraksje derút rint at der in nij kolleezje komt, wylst hun eigen Marten van der Veen dêr skuldich oan wie. Bêrn, gean nei hûs.

John Jorritsma giet ek nei  hûs. En bliuwt dêr ek. Hy is der foar frege. En dat betsjut dat yn elk gefal syn partij, de VVD, murken hat, dat Jorritsma in folhâlder is, immen dy’t wol wat kin. En dat je dus sa no en dan wol ien nei Fryslân smite kinne om him of har op te lieden foar wat echt wichtichs. Wy? Ach wy sjoch wol wat om ús hinne. Der is miskien noch wolris ien dy’t sa’n oplieding ha wol. At wy it dêr mei dan mar wat oars dogge.

En wy stekke moarn earst noch de hân út. En sizze: dach Jorritsma

 

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s