Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

10 09 2016

It Dokkumer lokaaltsje

Yn de ôfskiedssearemony’s fan John Jorritsma kaam sa no en dan  de namme fan de ferstoarne deputearre Anita Andriesen nei foaren. Har ferstjerren hat Jorritsma en ús ek ôfgryslik sear dien. Anita Andriesen is ferstoarn op 3 desimber 2008. Noch gjin 8 jier lyn. En dochs bin we har al hast wer fergetten. Yn PvdA kringen wie se populêr. Se hat der  foar soarge dat dy partij hjir langer stân hâlde as yn oare streken. No ha guon fan dy nei efteren skode Fryske PvdA-ers sein, dat der wer libben komme moat yn de Anita Andriesen priis. Dy’t yndertiid troch de provinsje as earbetoon oan de mem fan Fryslân ynsteld is.

De Anita Andriesen priis is in oevre priis foar romtelike kwaliteit. Dat je je hiele wurk inte ha op it ferbetterjen fan hoe’t je mei de romte omgeane en wat je wol en wat je net delsette, mei as betingst it yn stân hâlden fan de wearde fan it Fryske lânskip. No is soks in breed begryp fansels. Doe’t de priis foar it earst útrikt waard yn 2010 wie dat ek wol dúdlik. De gemeente Ferwerteradiel krige him foar al it wurk wat se jierren dien hienen om guon doarpen te ferbetterjen. Hjir in hoekje sus, dêr in hoekje sa. Moai wurk, mar it hat net holpen, Hallum hie al wer in needkreet oer de krimp.

 

Elke twa jier soe de priis útjûn wurde, mar it duorre oant 2013 foardat se der wer oan ta kamen. Doe gie de priis nei de Stifting Doarp en Bedriuw, dy’t him krige foar harren kultuerhistoarysk projekt: de van Aerdenplaats yn Anita har eigen Ouwesyl. Herstrukturering en transformatie wiene de biedwurden werûnder dizze oevrepriis foel.

Dêrnei bleau it stil. It is no al wer mear as trije jier lyn en der bin noch net iens kriteria stelt weroan dizkear de priis foldwaan moatte soe. Der sit gjin beweging yn, je krij der lânskipspine fan. De PvdA hat hjir no in punt fan makke. It moat no ek hurd, oars soe de priis oan krêft ferlieze. Dus ik moat mar efkes stypje. De priis is foar foarbyld, ambysje, nij, stimulâns. Datsoarte wurden. Dêr foldocht in  stifting oan. De stifting Noard Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij, koartsein it Dokkumer Lokaaltsje. Dy wolle dy âlde tram/treinrûte wer nij libben ynblaze. Stasjons wer optúgje. Mei fytsweintsje oer it spoar. Toeristysk fytspaad. Firtuele stoamtreinen. Gean  mar troch. Fan Jelsum nei Ternaard, dan nei Dokkum en dan wer troch nei Esonstad. It docht wat rekreasje-eftich oan, mar it soe de hiele noardwesthoeke fan Fryslân in daverjende ympuls jaan kinne, want foar it oare falt dêr net sa hiel folle te belibjen.

Der is lykwols in hobbeltsje. De Stifting NFLS hat spul mei de gemeente Ljouwerteradiel. Der bin al saken foar de rjochtbank en de Ried fan Steate oan’e gong. It sit tige yngewikkeld yn elkoar, mar rûchwei kin je sizze dat de stifting NFLS moai op wei wie mei it âlde kolleezje en dat no’t der wer oare wethâlders sitte, de bongel der yn smiten is. Dan spylje neffen de NFLS-minsken de fleksibiliteit fan in boargemaster en de grutte hân fan de takomstige eigner fan Ljouwerteradielster romte, te witten Ljouwert, ek in rol yn it gehiel.

Anita Andriessen soe der wol om gnize kinne. En ek gol akkoart gien wêze mei de beneaming fan NFLS as priiswinner. Dat je in priis krije foar wurk wat hieltyd troch regelemintejongens en formalisten oan de kant skood wurdt, en noch midden yn it gebongel sit. Dus eins kin it noch gjin oeuvrepriis wêze, mar dat makket neat. Da’s noch better as Anita en de priis deaswije. It soe goed wêze dat de oerheid ris in kear dúdlik en konkreet is oer it gefoel foar romte en wat je dêr wol of net mei dwaan kinne. Nee is nee. Ja is ja. Net altyd alles heal. En sa’n stifting mar oan’e gong litte en tinke dat wurdt lekker dochs neat. Of sa’n stifting dat gefoel jaan. Anita Andriesen soe wol sizze: wete jim noch wel dat je froeger in dat treintsje in lietsje songen. Wat wie it dêr smûk as ik siet yn de hoek fan it Dokkumer lokaaltsje.

Plaats een reactie