Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

14 09 2016

Polityke ûnmacht

Lannelike polityk wurdt hieltyd aardiger. Politisi ha it oer saken dy’t se net begripe, en dan sizze se: pleurt op. Of at se in pear omhingers by ús Geke Faber net oankinne, dan ha se it oer tuig van de richel. Dêr kin je as sjoernalist wat mei. En at Hillary Clinton ferkâlden is dan falt de hiele wrâld der oerhinne. Hearlik. Dan ha wy hjir yn de gemeentelike polityk mar te krijen mei suertsjes. Wol lekkere suertsjes hear. Efkes op sobje, en dan is der samar wer in oare kleur. En moai is ek wol om te sjen dat at je lannelike taktieken brûke yn de lokale polityk, dat dan blykt dat no ek in gemeente hielendal noait mear wat kinne sil.

Nim Fryske Marren. De Jouwer. De bestjoerders en amtners fan dizze gemeente bin statige lju. Se sitte yn states. De upper ten yn Herema State, de wurkers yn Woudstate. De states bin likernoch in lytse kilometer fan elkoar ferwidere. Mar neffens de upper ten is dat wol tsientallen kilometers te fier. Se moatte allegear by elkoar yn ien state. Dy fan Herema. Dy’t dan wol efkes foar 11 miljoen ferkloft wurde moat. Eartiids waard der efkes hammere by sa’n soarte beslút, mar tsjintwurdich giet dat oars. De partijtsjes ha allegear in mûle en in appke. Dan is de tendins, ek al soe it better wêze dy amtners by elkoar te setten, dat soks net trochgiet. Omt de kiezers dat ek net wolle. Teminsten net salang at it gêrs tusken de tegels noch omheech kommen bliuwt.

En is it echt wol better dat alle amtners by elkoar sitte, ek al sit se dan ûnder direkt bewâld fan sjefs en wethâlders? Yn dizze tiid fan sms en appkes?  Hielendal net fansels. At je soks mar effektyf brûke. Fansels moat der foar elk oerlis no in kilometerke fytst wurde, mar dat is dochs net slim. En at it al slim wêze soe, omt it aanst ek wer in kear reint, dan lulle jim teminsten inkel noch mei elkoar at it echt nedich is. Dit foarstel hat trouwens yn in oare foarm al earder op tafel lein, en doe en ek no ha de polityke partijen alle romte krigen om de lju yn de gemeente der tsjin yn op te naaien. Yn Lemmer fine se elke sint dy’t yn en om de Jouwer útjûn wurdt tefolle. En yn Balk ha se de lege units fan it azc al oan de gemeente oanbean. Kin je dêr moai amtners ynsette, mocht dy Woudstate te djoer wêze.

It Fryske plattelân wurdt optheden ûntkrimpt, meidat we sizze: we kin ek wol tús wurkje, of in lyts kantoarke yn in pleats smite. Wêrom seit dan in oare oerheid dat je alle amtners by elkoar sette moatte, ek al kostet dat safolle jild. Perfesser ter Veld, efkes minister west, sei altyd: ach, stiekem wat kopieën meitsje, paperklips mei nei hûs nimme, desneeds in laptopke ûnder it himd meinimme, dat is allegear net sa kostber as deis twa kear tsien menuten lulle by de kofjeautomaat. Hâldt alle amtners sa fier mooglik by elkoar wei. Dat fynt elk no. Spitich Veenstra, mar jim kin nea wer tsjin de stream ynroeie.

Hoewol. Opsterlân. No’t se yn Grins neat mear boare meie nei gas, komme se hieltyd faker nei Fryslân. No Nij Beets. Yn de Ripen, onder de Domela Nieuwenhuiswei, wêr’t it Damshûs, it turfgraversmuseum, stiet. Om de âlde ellinde sjen te litten. Turf wurdt gas. Flak by it Ald Djip soe it proefboarjen barre moatte. Boargemaster en wethâlders dienen it earst hiel moai. De  gemeenteried haffelje litte, sûnder foarstel. Mar de hiele ried, útsein dat hjir de VVD ynienen hiel stil wie, sei pleurt op mei dat gas. Wethâlder Piet van Dijk kaam noch mei: no ja, it is net yn ús hannen, de regering beslist. Ja mar Piet, dat mei sa wêze, mar de minsken yn Opsterlân wolle dat jim nee sizze. En úteinlik diene se dat ek. Wol wat flau, want it gie ynienen oer natoer en sa, sa bysûnder bin De Ripen no ek wer net. Mar goed. No fase twa jonges. Gryp Kamp by de bealch en fecht jim dea. Dan wurdt ûnmacht miskien in bytsje macht.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s