Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

17 09 2016
Autobrân

Woansdeitemiddei stie in auto yn‘e brân. Logysk, want de temperaturen wiene abnormaal. Dan sykje jo om skaad. En je meie gjin  kâld pilske drinke, want jo bin yn de auto. Op in gegeven stuit betink je dat alles om jo wol yn de hens fleane mei. En hupsakee, in auto folget jo bevelen tsjintwurdich automatysk. Der wie in lytse swierrichheid. De auto stie yn de parkeargaraazje ûnder it Saailân yn Ljouwert. Tsja. Blykber stie de auto net al te fier fan in skoarstien ôf. Ik ha foar it oare nea witten dat der skoarstiens yn in parkeargaraazje sitte, mar de reden dêrfan is no wol dúdlik: at der in auto yn‘e parkeargaraazje yn’e brân stiet, kin de smoarge reek fan de útbârnende auto yn ien kear moai nei bûten, want oars begjinne dy oare auto’s te hoastjen.

De foto ….. ja dat moat ik earst útlizze. Alles wat der bart yn’e wrâld  wurdt tsjintwurdich op de foto setten. Jo tillefoan wurdt net testen at er wol belje kin, nee hoe moai kin er foto’s meitsje. Plysjes, brânwarmannen, ambulânseminsken bin de meast op de foto setten lju, want by alle rampen bin der talleaze tillefoanearders dy’t alles op de foto sette. At der eartiids immen troch it iis dondere dan seinen we: we moat him helpe. Dat dogge we net mear, der moat earst in foto naam wurde. Ja bliuw noch efkes ûnder it iis, moaier foar de foto…..

Dy foto….. dy liet sjen dat der in grutte reekwolk út it Saailân omheech kaam. De foto wie sels sa moai dat je sjen koenen dat it in echte tsjokke roetwolk wie. Harrejassus.

De parkeargaraazje ûnder it Saailân is fan de gemeente Ljouwert. Teminsten dy krijt alle jild dat wy dêr yn it gleufke stopje. De gemeente is dus ek ferantwurdlik foar dy reekwolk. Nee, de eigner fan de auto net. Yn dit gefal in sy, hie dy auto yn de parkeargaraazje set. Krekt like goed as dat se dêr dan soargje moatte dat dy auto net stellen wurdt, bin se dus ek ferantwurdlik foar it al of net yn’e brân fleanen fan dy auto.

De minsken dy’t de reekplom fotografearden moasten hoastje. En de lju dy’t hun eigen auto hastich by de brânende weihelje woenen, ek. Se waarden allegear oppakt en nei it sikenhûs transporteard. Letter blykte dat soks ûnder it eigen risiko foel, dus dy minsken kleije no de ferantwurdlike en dat is de gemeente Ljouwert oan. Der is sels foar de minsken dy’t lêst hiene fan de reek en dus slachtoffers neamd waarden, in belangengroep oprjochte. Dêryn kin se net inkeld harren ferhaal kwyt oer de ramp, mar dêrtroch waard it jurydyske gedoch betelle. Dat moat, want abbekaten bin tige djoere lju. Der waard in crowdfundingaksje hâlden en doe wie de groep ”yn’e brân-út’e brân” oprjochte.

Dy groep wint nei twa jier dat jurydyske gedoch, ek al omt de hiele mienskip fia de sosiale media efter dizze groep stean giet. Dy groep giet dêrnei ek troch, want se ha in groepsapp en dêr moat je dochs wat mei dwaan. De gemeente Ljouwert sil dan troch dizze groep twong wurde om de skoarstiens yn de parkeargaraazje oan it Saailân, en dêrnei fan alle oare parkeargaraazjes ek, te foarsjen fan in feilich miljeuskjinmaksysteem. Sadat de reek fan eventuele bârnende auto’s net mear skealik wêze kin foar mei tillefoan omrinnende rampefotografearders. Dat winne se ek. Der skynt no al by de Twadde Keamer in mearderheid foar te wêzen. Harry van der Molen sit dêr dan ek yn en dy kin sizze yn de diskusjes dat hy de sitewaasje dêr persoanlik wol kin. En syn CDA komt aanst ek noch yn de regearing, dus dit giet hielendal troch. Sterker, de Twadde Keamer makket der in wet fan, sadat alle parkeargaraazjes yn Nederlân foarsjoen wurde moatte fan miljeuskoarstiens. Earst ien fan seis meter, en nei noch in kear hoastjen, in skoarstien dy’t heger as dy fan it REC.

It REC. De Harnser ôffaloune. Sjoch, it mei bêst dat Retze van der Honing fan Grien Links fynt dat dy ôffaloune yn Harns ticht moatte soe omdat se der neffens him in trochgeand probleem is. Gjin probleem. Mar miskien soe hy dochs earst efkes nei dit ferhaaltsje heare moatte.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s