Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

24 09 2016

Dûbeltsje molke

It wurd lânbou stie net yn de troanrede. Dat komt omt de regearing net wit wat se der mei moatte. Se hoopje dat Europa ynkoarten mei fiergeande maatregels komt. Mar dan hienen se wol yn it keninklik ferhaal sette kinnen dat se de boeren oan Europa útleverje, mar dat ús boeren safolle foarsprong ha op oare Europeeske boeren dat se de earste fjirtich jier minder fertsjinje sille as in Portugeeske geitehoeder. We moat it dus sels dwaan. En sju, dêr is Friesland Campina al, de fabryk dy’t de boeren optheden in te lege molkpriis jout. Dy wol no foar net-levere molke in dûbeltsje de mingel jaan. Europa docht der dan 14 sinten by. Dus elke net levere mingel molke levert de boer 24 sinten op. Hoe mjit je soks? Wat is in mingel net levere molke? Kin we dy efter de buorkerij stiekem opsûpe. Molke dy’t de boer leverje kinne soe, sjoen it tal kij? Hoe mjit je al dy dûbeltsjes?

Ik lês al dy dramatyske ferhalen fan boerefamyljes dy’t ophâlde moatte ek wol. Ik skriem mei. Maaaar, dat ferhaal fan de Rabo is al hiel âld. Sa’n 20 jier lyn liede ik ris in foarum oer lânbou, en doe sei in man fan dyselde Rabo ek al: fan elke 4 boeren dy’t hjir sitte moat ien no ophâlde. Dy oare trije moat ynfesteare, mar ek dêr bliuwt mar ien fan oer. Dus ikke freegje: wa hâldt op? 300 boeren yn de seal: net ien. Wa sil ynfesteare? Allegear stutsen se twa earms omheech.

Mei it ophâlden fan de superheffing ha de boeren ynfesteard. Se ynfestearden as krigen se 35 sinten de mingel. Mar se krije no in dûbeltsje minder. En se kinne de stront net kwyt, en dat moat wol fan Dijksma. En no moat de fabryk dy’t dus in dûbeltsje minder  betellet as at se tochten, harren rêdde. Se jouwe dus in dûbeltsje minder foar levere molke, en dat jouwe se dan wer werom foar net levere molke. Ik begryp der neat fan.

 

 

Noch wat oer de boeren: De Bildtboeren seine fannewike dat de Bildtdiken gjin beskerme doarpsgesicht bliuwe moatte, want dan kin se net alles op har grûn dwaan. It alâlde ferhaal. Bert Middel, ea boargemaster fan Smellingerlân sei as dykgraaf fan wetterskip Noorderzijlvest fannewike dat it wetter yn en om de Lauwersmar net in millimeter heger komme mei, want oars komme se oan de boeren. De boeren ha yndertiid krekt dien as joegen se ta oan de sucht fan natoerleafhawwers. Romhertich skoden se lânbougrûn nei natoer. Mar oan de oare kant fan de dyk ha de boeren alle natoer út de grûn en it lânskip weiramt. We libje hjir yn Fryslân mei moaie natoergebieten, mar oan de oare kant is ús skitterende libbene fleurige boerelânskip, wêr’t we altyd sa grutsk op wienen, wat we de boeren alhiel fersoargje lieten, nei de kloaten holpen. We ha no lânskipspine, mar de boeren lykje gjin streekje tajaan te wollen om dy pine te ferhelpen. Lokkich kaam de provinsje Fryslân juster yn de begrutting mei jild foar de natoerynklusieve lânbou. Dat is miskien de omkearing fan it proses.

Want oerheden, lânbou-organisaasjes, natoerorganisaasjes, wy allegear, ha net genôch foarút sjoen. En no sykje we allegear ús eigen paad. In soad Fryske boeren wolle bioboer wurde. Rûchwei is dat in net keunstmest brûkende boer. Mar je moat ek je wurkwize oanpasse, en it lân komt wat mear yn de sfear fan ús eardere grutskens, al hoege der noch gjin bûterblommen yn te stean. Je krije wol in hegere molkepriis. Mar dan komt de tiid fan hjoeddedei. It duorret twa jier, twa jier, foardat jo it brevet bioboer krije kinne. En natoerynklusieve lânbou ek, dat besjut yn elk gefal noch mear amtners as oars op it hiem, om te fertellen wat en hoe’t jo it dwaan  moatte. At je dan witte dat de boeren yndertiid boer wurden binne om folsleine frijheid yn hanneljen en beslúten te hawwen , dan wit je hoe swier at dat der ynhinget. Boppedat, der wolle no sa’n soad boeren bioboer wurde, dat dêr ek al wer in stop opsit. Krekt as aanst by de Friesland Campina barre sil, at dy tefolle dûbeltsjes betelje moatte foar net besteande molke.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s