Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

08 10 2016

Fytse

Friezen  bin in frjemd folkje. Se ha in nije dyk yn it noardeasten,  dy’t dêrom ek ten ûnrjochte Sintrále As hyt. Hy wie al wiken klear, mar se ride der no pas op. Se giene der earst op kuierjen, draven, fytsen, skeelerjen, rommel ferkeapjen en tonielstikjes spyljen. Krekt as betroue se de dyk net en dogge it earst mar fersichtich oan. Deryn waarden se stipe troch de stikken yn de krante, dy’t de soarch útsprekke oer at dy dyk no wol rendeare sil. Ja ferdikke, wêrom is der oars oanlein.

Mar goed, it wie yn elk gefal ek foar oare plakken in seintsje om ris in kear om har hinne te sjen. Ljouwert ûntduts 1000, noch in kear goed sjen, nee net 100 mar 1000, oerstallige ferkearsbuorden. Tûzend!!! Logysk dat wy der net mear op sjogge. Mar wês gerêst, hiel gau bin der wer in soad by. Se sille ommers de Prins Hendrikbrêge fernije. En at je dan as fytser fan de iene kant fan de Willemskade nei de oare moatte, dan moat je omride. De buorden foar omridende fytsers sille dy tûzend wol gau wer te boppe gean.

Mar miskien kin dy tûzend âlde buorden fuortsmiten wurde en krij we Dick Bruna ferkearsbuorden, krekt as yn de rânnestêd. Fan dy moaie Bruna tekeninkjes. Dy’t je in kant útwize. Of sizze dast der net lâns meist. In sukses. Se ha sels in ekstra effekt. Auto’s ride gemiddeld fjouwer kilometer stadiger. Fjouwer kilometer!!! Logysk: “Wat is dat foar ding. Is dat Nijntje dêre? Ja, dat is Nijntje! Soenen dy boekjes der noch wêze, fan dy Bijma of Buma. Dy fûn ik as bêrn sa moai!”. It gefolch is boem, útsein at je fjouwer kilometer minder hurd ride.

By Aldeberkeap yn’e buert krij se in keunstwurk. Sân meter heech, op de rânne fan it bosk. Bep Mulder makket it, yn opdracht fan de stifting Bercoop. Dy’t mar ien eask hie. Dat keunstwurk moat goed te sjen wêze fanôf de provinsiale dyk. Sa fan: hjir leit Bercoop. No dat witte we wol. Mar at je op dy dyk ride en sjogge dat keunstwurk dan is it ek: wat is dat mo wer? No dan kin je likegoed wat mei jo mobyltsje yn de auto omtyskje. Like gefaarlik.

Se wolle dat mobyltsje boartsjen op de fyts ek net mear ha. Wit jim wat se betocht ha. Der komt in appke op jo tillefoan en dy jout oan hoefolle tiid at jo op de fyts bestege ha oan de tillefoan. Dy tiid kin je op je appke ôfleze. Wa’t de minste tiid bestege hat krijt in appeltaart of wit ik wat. Sa moat dat ferdwine. Mar at je op de fyts witte wolle hoefier at je fan de appeltaart ôfsitte, moat je de tillefoan oansette. Bin je tagelyk net mear smartphonefree.

At je op de fyts yn Appelskea sitte, hoege jo der net op in appke te sjen at der ek in buske sûnder sjauffeur oankomt. Oan it begjin fan it fytspaad stiet in man mei in oranje feiligheidsfestje, dy’t jo oanhâldt en seit: ”it kin wêze dat jim op it fytspaad in buske tsjinkomme. Dat is in hiel bysûnder buske. Buskes ride noait op it fytspaad mar dizzen wol. It is it earste buske yn de wrâld sûnder sjauffeur. In kompjoeter betsjoert dat ding. Mar dat buske sjocht der foar jo wat gefaarlik út. Want hy liket net oan de kant te gean. Dat docht er wol, mar syn digitale eagen ha jo frij let yn de rekken. Want jo ha in elektryske fyts, en dan bin je samar by dat ding. Hy giet wol oan de kant, tinke we, mar it is goed om dat mar net te riskeren. Dus gean jim dan mar wat oan de kant as dat buske der oan komt. En at dat ding krekt in fytser ynhellet, dan ha je mar ien kar: it gêrs of de modder yn. Want jo bin inkeld mar gast op in hillich buskespaad. Mocht it jo ûntkomme, hindert neat, der is noch net ien by dea rekke, want it ding riidt net hurd. En op 1 novimber hâldt er wer op. Dan ha wy hjir lang genôch stien op te passen”.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s