Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

22-10-2016

Monopoly

Hjerstfakânsje. Tongersdeitemoarn. It reint. De lju wolle manmachtich nei wrâlderfguod it Woudagemaal. Mar it  parkearterrein stiet grôtfol, dat at je nei it gemaal rinne bin je ek oan de sek ta wiet. It reinde wol faker fannewike. At der eartiids reinerige hjerstfakânsjes wiene, dan sieten wy mei bern út de buert de hiele dei monopoly te spyljen. Monoppelie, monopoolje, sa’t jim mar wolle. Yn Ingelân ûntstien, fanút Amerika hjir hinne waait.

Je koenen der as bern in soad fan leare. Mei jild omgean bygelyks. Da’s no ek in soarch fan ús regear. Se wienen fannewike al fier: at je nea read stean by de bank, mar se ha jo yndertiid wol dy gelegenheid jûn, dan stean jo no al op de swarte list fan it bureau krediet register, bkr. It is miskien handiger om de lju dy’t op dy list stean monopoly spylje te litten. Dan sjoch je dat at je read steane, dan gean je op de bek. No moat ik earlik wêze, eartiids wie dat net sa slim; yn ús jeugd wiene de biljetten fan monopoly ien gûne, tientsjes. Hondert gûne wie al in bliksems soad. Tsjintwurdich stean der bedragen op dy’t je net leauwe kinne, krekt as sit je by de Postkoadelotterij. Boppedat waagde it der eartiids ek wol yn. By ús leit fan it hiele âlde  monopolyspul de Blaak noch yn twaen. Twa dielnimmers sieten op de tafel om’t se beide fûnen dat sy dêr rjocht op hienen.

Jo learden dus rjocht. Jo learden ek topografie. Dat krij je ek op de basisskoalle, mar in oar spultsje, Triviant, wiist út dat we dêr net in hout fan ûnthâlde. Mar at ik letter op it Spui yn Den Haach of de Coolsingel yn Rotterdam stie, wie’k wer oan it monopolyen. Je wisten ek dat at je yn de finzenis sieten, dan koenen je net ferstjinje. Wat je ek leare wie dat je gemiddelden keapje moasten. Ik ha mei Utrecht altyd wûn. Mei Amsterdam nea.

Ferjit net: monopoly is makke om jo anti-kommunist te meitsjen. It is puur kapitalisme. Jo ha in strjitte, en jo krije jild at in oar der op komt. En at je dan dat jild ynfesteare yn hûzen of hotels, dan krij je noch mear. Tensij at de dobbelstienen fan it libben de oare kant út donderje. Dan bin je faillyt, en sitte sneu yn in hoekje en sjogge mei ôfgeunst nei de oaren dy’t spylje mei jo jild. No ja, sa sit de echte wrâld ek yn elkoar. Der bin fansels yn de wrâld tûzenen Monopoly’s makke. Sels yn it Frysk, weryn de djoerste strjitte, de Kalverstraat, feroare is yn de Ljouwerter Bûterhoeke, de alâlde hoerebuert. Mar ja, ek dat koste jild.

Ferline wike is de Skylger fersy útkaam. Dy koe fuortendaliks beneamd wurde as de bêste mar ek ienige minwaarakkommodaasje fan it eilân. Je kin him no noch inkel op ynternet bestelle, earne fanút Ierlân. Boekhannler Rosenberg fan Midslân, dy’t it allegear opset hie, wie al gau útferkocht. Ideaal foar in reinerige fakânsje. En Skylge is fansels de meast ideale oarde foar Monopoly. At se no earne witte dat je fan jild jild meitsje kinne, dan is it op Skylge. En by dit spultsje mei je oeral ynfesteare, wylst dat yn it echt net mear mei. Ik fyn ek dat je it gele hoekje Dellewal út it Skylger spul knippe moatte. Dêr moat je gjin hotels boue kinne. Oan de oare kant soe de Skylger bank  mear jild ha moatte: om oan te jaan dat hûzen dêr net te beteljen binne. Realiteit, dêr leare we it meast fan .

Likegoed reitsje we ek mei Skylger Monopoly faillyt of ha in geweldige soad waardeloaze papieren sinten. Dan ha we wol topografie en kapitalisme leard. Mar noch net dat lju mei sa’n oerfolle doaze jildbryfkes tsjinstber wêze moatte foar de minsken dy’t in bytsje ha. Dêryn ynfesteare. It mei dochs net barre dat at je fan de boat fan Skylge komme en sjogge it alderearste restaurant Zeezicht de hiele simmer leechstean. De pacht is heger as wat je fertsjinje kinne. It buordsje seitdan ek: Wegens rijkdom gesloten. At we sa’n tsjinstberensrigel no ynfiere, dan sie it moai wêze in toernooi Skylger Monopoly te organisearen. By de weriepening fan Zeezicht miskien?

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s