Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

29 10 2016

Us

Wat hienen wý in soad leare kinnen fan Grinzers. Hienen we dêr mar wat better nei harke. De lju út Grinzer Pein sizze: ús bern gean yn Surhústerfean op skoalle, kin wy net nei de gemeente Achtkarspelen. Dat is pas taal. De minsken yn Balk hienen eartiids ek sizze moatten: ús bern gean yn Snits nei skoalle, wy gean nei Súdwest-Fryslân. En yn Lemmer dogge se de bern nei Emmeloard, no dan mar by de polder. Dan hiene se op de Jouwer no net sa’n grutte bek hân en hienen we in logysker weryndieling hân. En Grinzers, dy’t nei Fryslân emigreare wolle, geweldich. En se bin yn it haadplak Grins net iens oerstjoer hear. De bieb yn Grinzer Pein gie ticht, en doe seine se dêr: och, jim kin ek wol nei Surhústerfean om te lêzen.

We moatte no daliks in grut ûndersyk dwaan yn mear Grinzer doarpen. Of net iens. We moatte fuort in kampagne begjinne. Dêr wennet allegear wâldfolk, dat heart by ús. Ferdikke, wy hiene eartiids by ús yn Drachten op it Lyceum in jonge en dy kaam elke dei út Súdwolde fytsen. Bouke Mollema wenne dêr ek. Dy hie hjir ek wol nei skoalle kinnen, syn âlders wiene ommers ek Frysk. Hie hy noch hurder fytst. Sa bin der folle mear Grinzer doarpen dy’t leaver nei dat fantastysk moaie Fryslân wolle, dat lân fol kij en beerenburg. En dan bin je ek daliks fan de ierdbevings ôf. Dy bin yn Fryslân net.

De lju yn Striebosk bin al fantefoaren, yn 1993, nei har Fryslân gien, dy wiene betiid ferstandich. Lauwerseach is al fan ús. Ja, it is offisieel Grinzer grûn, mar dy lju sjoch je dêr nea. De hiele Lauwersmar ynklusief alle hoarnsskrobbers wolle we ek wol oernimme. No far je fan de iene kant nei de oare en dan blykt dat de ljip ynienen in beskerme fûgel wurden is. Sâltkampers ha altyd yn de fiskerij al oplutsen mei de Fryske jongens, meitsje we ek Frysk. Munnikesyl, Pietersyl, och heare: we ha oeral al  Fryske nammen foar. Hoe kin jo no in plakje yn Grinslân Eibersburen neame, dat is dochs gewoan Eibertsbuorren. En dan ek noch dat hiele nearzige gebiet om Grinzer Pein hinne. Set it folle Fryske flaggen, fervje dy reade kije swart/wyt en alles libbet wer.

Hoe kom je oan de namme Grinzer Pein. No ja wy hienen Opeinde. Dan neamden we de Pein. Yn Grins wie’t Opende. Logysk, want wy ha in ein en sy ha in end. Mar Opende waard wol Grinzer Pein. Sa graach woene se al, sûnt de tsjerke dêr yn 1749 bout waard, by Fryslân hearre. Derfoar hjitte it Antorp. Grinzer Antorp dus foar ús. Want doe hearde it gebiet by ús. Grins wie sa Frysk as de pest. Mar ja, 1628 doe kamen de Saksen en dy ha dat grutte machtige romrofte Fryske folk splitst. Mei geweld. Sadanich geweldich, dat de boaijum der yn Grins no noch fan neitrillet. En dy Grinzers prate der noch frjemd fan.

Fannewike sei de ried fan Dongeradiel  dat der mar gjin gas by Ternaard út’e grûn weihelle wurde moat. Mar at it regear dat der wol weihellet, dan wol se mear sinten fan de opbringst ha. Sa is eartiids it kopertried ek útfûn. Twa Grinzers fochten om in sint. Dat wol Dongeradiel ek. Jild. Wat kin it har skele dat der yn Ternaard board wurdt. At it dêr al fersakket kin we it doarp altyd noch wol nei Grins ôfskoue. Net oars as Grins by dy bieb fan Grinzer Pein. Grins hat yn Drinte in fleanfjild. Eelde. Dat fjild kin net út, want hjir bin te min lju yn’e buert dy’t nei Barcelona wolle. Dus freget Grins no Fryslân jild foar Eelde. En dan doart ús FNP, dy’t ek altyd freget om jild foar gas wat se net wolle dat it út de grûn helle wurdt, dy FNP wol no, en se raze it út, dat Fryslân net meibetellet oan Eelde. Da’s fan harren, fan Grins. At in oar profiteart: diele. At in oar lijen hat bin we net tús. Der bestiet op de wrâld gjin inkel ús mear. It wurd mienskiplik wurdt skrast yn it Frysk Wurdboek.

 

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s