Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

09 11-2016

Kampagne

In berjocht út it nijs .

Tsien Fryske gemeenten komme yn de oanrin fan de feestdagen mei in kampanje tsjin heling. Se roppe ynwenners op om de searjenûmers fan kostbere kado’s dy’t mei Sinteklaas en de Krystdagen útdield wurde, op te skriuwen en te registrearjen op de webside.

Ten earste: jo eigen webside dus, net dy fan de gemeente. Der moatte oeral wol wachtwurden by. It is it bêste foar elk kado wat jo registreare wolle in apart wachtwurd te betinken. Lykas sintjacob23, sintfeike15, krystjoline35, ensafuorthinne. Dy wachtwurden moat je dan ek wer earne ûnderbringe. Ek leafst apart, mar dan hâldt it nea op. Doch se dan mar yn it mapke ho. Dat betsjut wachtsje. Dat witte wy Friezen wol. Ja, se sizze yn Hollân ek wol ho, mar dêr wachtsje se noait. Dus begripe de dieven it net, want dat bin altyd hollanders. Wy Friezen stêlle nea wat. No ha se it yn it berjocht oer kostber guod wat jo fan Sinterklaas dan wol de Krystman krije. Ik moat earlik sizze, wy krije meast wat goedbedoelde rotsoai. En ik hoech dy sokken, wer’t nei trije kear oan dochs al wer gatten ynkomme net te registrearjen tsjin heling, want in dief dy’t se tsjinkomt smyt se achteleas fuort. Mar goed, ik ha wol begrepen dat in hiel soad minsken neat fan Sinteklaas en Kryst begripe. Dus ik hoech myn sokken of myn nij lêsboek net te registrearjen, mar jo moatte dy nije folautomatyske bûgde op ynternet oansluten tillefyzje wol efkes opskriuwe. It searjenûmer dus. En in wachtwurd. Jo kin it ek regelje mei jo fersekering foar in totaal ynboedel bedrach, mar je moat wat dwaan at jo sa’n tillefyzje yn jo skoech krije.

Wêrom dit formalisme. It berjocht ferfolget:

In goede registraasje makket de kâns dat dieven en helers pakt wurde grutter. Dêrneist jouwe de gemeenten tips om wenningen better te befeiligjen. Neffens de gemeenten waard der yn 2015 gemiddeld mear as 30 kear yn de wike ynbrutsen yn Fryslân.

Altyd wer dat freselijke befel om je wenning beter te befeiligjen. Ik begryp dat it no sa is dat as der by je stêllen is, dat der dan net immen mear komt. Se sizze gewoan dêr by de plysje, jo moat jo hûs better befeiligje. Dan begjin je te monkeljen dat je de doar wol op slot hiene, mar dan begjint dy man sa ferskrilik te laitsjen en hat hiele ferhalen oer tige djoere apperatuur, dy’t jo al láng ha moatten hiene.  “Dus jo hiene de saak net goed ôfslúten, dus wy komme net”. Jo lizze ferheard de tillefoan del. En lêze it berjocht fierder

Dielnimmende gemeenten (oan dy kampagne dus) yn Fryslân binne Achtkarspelen, De Fryske Marren, Dongeradiel, Harns, Hearrenfean, Ljouwert, Smellingerlân, Súdwest-Fryslân, Tytsjerksteradiel en Weststellingwerf.

Wêrom mar tsien gemeenten. Is it sa’n djoere kampagne dat it Bildt net meidwaan kin. Wurdt der yn Dantumadiel net mear stellen? Ha se yn Ferwerteradiel de folder fan de plysje oer de kop sjoen? No’t Opsterlân fan it jier ynienen net mear besunigt, komme dy der dan no wer by? Leau’t Littenseradiel net mear oan Sinterklaas? Docht Eaststellingwerf net mei omt Weststellingwerf wol meidocht?

Mar foaral: bin ynwenners fan de iene gemeente no oars as oare minsken. Der wie lêsten ek sa’n ferhaal oer in ûndersyk. Ik wit net iens mear wat, mar rekkenje mar dat it nijsgjirrich wie. Dêr docht dan ek de helte fan de gemeenten yn Fryslân mar oan mei. Sa kin we wol trochgean. Nim mar hiel simpel Omrin, dan giet it om serieuse  dingen, der bin ek al tal gemeenten ôfheakke. Je krije it akelige idee dat gemeenten harsels inkeld profileare kinne troch mar oars te wêzen as in oar. Wêrom. Ik ha der nachten fan wekker lein.

En wist it ynienen wer. De provinsje Fryslân hat net it fermogen, is net bysteat om in slúten ienriedich belied te fieren, werby alle ynwenners fan Fryslân gelyk behannele wurde. De grûn ek foar de hjoeddeiske eigengereide grimelerij fan gemeenten as it giet om weryndieling. Wer’t de ynwenners fan Fryslân ek rjocht op ha. Allegear.

Ik leau dat ik foar de Kryst wat nije deputearren freegje, mei wat krêft en moed. Dy wol ik dan ek noch wol registreare litte.

 

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s