Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

16 11 2016

Derogaasje

Tusken Balk en Wâldsein kin’k efkes fansiden sjen. Wol iIn moai stikje greidenatuerlânskip. Der sit no ek in hoekje plas-dras tusken. Yn it foarjier wienen der al wer bûterblommen. En wat reade surk, mar blau en rose waard it noch net. De beammen lâns de dyk  bin wat ûnlykmjittich kapt. Siet sykte yn tink, mar der is ek noch niks nijs. It lân is net daverjend. Der is teminsten net in goes te finen; dy komme echt op it fette gêrs ôf. Der bin wol oare fûgels. Sju, dêr stiet in wite riger. Hy ljochtet suver op yn it skiere dizenige moarnsljocht. Efkes fierderop in grouwe hoarnskrobber. En op wer in oar stikje noch in ienseme ljip, net meigien yn de sjarterflecht nei it súden. Dy tinkt dat aanst boppe Frankryk op ien ljip net sketten wurdt.

Hoe soe’t trouwens mei dy boeren dêr wêze. In dik jier lyn sieten se dêr noch oan de strôt ta yn de mûzen. Se dogge no de kij net iens nei bûten om it lêste gêrs op te fretten; dêr ha se skiep foar. Hjir en dêr gean se der sels noch mei de meanmasjine oerhinne. Dat hoecht net echt; in hiel bêste simmer hân wat kuil en hea oanbelanget. De boeren ha it wurk foar de winter dien, inkeld de provinsje moat noch wat hekkelguod lâns de dyk ophelje. Se wurde no wer fergaderboer. “Wêr giest hinne”, seit de frou, “wêrom giest sa hoeden fuort”. “We ha in stiekeme gearkomste oer derogaasje”. “Wat is derogaasje?”. “Dat is wat wy hjir yn Fryslân altyd dienen, mear stront oer it lân donderje as at Europa seit dat it ha kin. At we de kij no noch bûten hiene, dan moasten se krekt as de hynders op Skier in strontsek om’e kont ha. Mar ssst, stiekem”.

Want yn Brussel mei se net witte hoe’t ús lân der oan ûntkomme wol dat we hast 500.000 kij nei de slachter smite moatte en sa de hiele fleiswrâld wer yn ûnstjoer bringe. Mar ek Sita van Keimpema mei net stiekem meiprate yn it stiekeme petear, en dat betsjut dat we wer wis binne fan protestearende DDB-boeren yn Brussel dy’t de molke oer de skuon fan Juncker jitte.

Europa seit: net mear stront. Wylst ús boeren nei it opheffen fan de superheffing dochs allegear mear kij oanskaften en tochten dy tefolle stront reitsje we wol kwyt. Dat koe oars dochs ek. Nee dus. No wiene se ek frij dom, se stjoerden steatsiktaris Van Dam nei Brussel om it te regeljen. No dy sjocht der net út dat hy wolris tefolle sky. Dêrom wie dat stiekeme gedoch miskien ek wol goed, mar it hie fansels folle breder moatten. Net inkeld de Campina mei de LTO en banken en sa. Want wy, ynklusyf boeren, soenen no eindelik ris in ienriedich belied foar it bûtengebiet ha moatte mei op alle mêden in echt lykwicht tusken natoer en boer. Ja, ik wit ek wol dat it in fata morgana is. Mar we ha’t ek noch nea besocht.

Want al dy yndividuele oprispings doge net. Sa’n natuerwurkgroep yn Noardeast Fryslân dy’t wol dat se allegear twa kij de bunder ha. Muorrefêst en gjin aan fan ambysje en produksje. Sa’n steatsiktaris Dijksma dy’t noch mar werris ûndersykje sil at in ko net mear CO2 útboerd as de REC-skoarstien. Natuurbeskerming dy’t Van Dam bewege wol it natuerynklusyf lânboubelied no al wer om te smiten, wylst we krekt wat nijs ha. En dan dy stiekeme gearkomste moandei. Noch neat fan heard. Mar in belied foar in hiel lân, foar hiel Europa, is der echt net útkaam.

It moat oars: in stik as wat gewoane net al te âlde boeren; fjildmannen sûnder grize sokken; in jonge ûndersiker fan grûn en wat der op groeie kin; in boeresoan dy’t op it molkfebryk wurket; in studint fan Wageningen; it nije frommiske fan it wetterskip. Sok folk giet mei syn allen in jûn yn it bûthús sitten. Dy prate dan it lykwicht ôf oer de hoeke wêr’t se ynsitte. En dat moat dan de miljeuamtner, de bûterdirekteur, de LTO-foarsitter, Albert Heyn, politisi en oar establishment dan mar opfrette. Mar wit wol, dy bûthúsjonges en hotemetoten moat allegear wol ta de ponge. En wy ek.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s