Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

30 11 16

Fertuteazje

Wat liket dat skattich op fotootsjes net? De Fabryksfeart yn Stiensgea. Slingert o sa moai troch it doarp hinne. Wat beamkes der omhinne. Ek noch in histoarysk ferantwurde feart. Hy is al fan 1900. Spesiaal groeven foar de molkfarders. Koenen se de molkbussen deun by it fabryk delsette. De lju dy’t oan dy feart wenje, dy wenje op de Feartswâl. Sa ha se de dyk neamd. Moai.

Niks moai. De feart stjonkt. Want de feart wurdt inkel noch brûkt om yn te wyldpisjen. Of der oar guod wat je earne oars net kwyt kinne, yn te smiten. Der leit ek noch in molkekarre yn, fergetten troch in dronken molkboer of sa, en dat is sa lang lyn, dat dy kofjemolke no begjint te stjonken. Dy feart moat dus baggere wurde. Dan wurdt it ek wer moai yn Stiensgea. Ja, dat soe wol wat wêze, sizze oerheden.  Sil we ris útsykje hoefolle at dat kostet? Dat útsykjen duorret sa lang dat de feart noch folle smoarger wurden is. Dêr wurdt it baggerjen fansels ek wer djoerder fan. Hoefolle djoerder? Ja, dat moat we noch wer efkes útsykje. Sa kom je yn in perpetium mobilé, dy’t pas ophâldt fan draeien at der immen seit, “no is dat baggerjen fierstentedjoer wurden  hear, dat dogge we net mear”. En dan rinne se hurd fuort, earne nei wêr’t se noch nea fan it doarp Stiensgea heard ha.

Dy Fabryksfeart soe oars ek wol tichtsmiten wurden kinne, sizze de Feartswâlsters. Se dreame al fan moaie parkearplakken foar harren twadde auto. No, ik woe ek ris in likefolle stjonkend sleatsje mei smoarch wetter, efter myn hûs ticht smite. Woe’k sels wol betelje. Mar ik moast soargje dat der tichtby wer like folle grûn iepengroeven waard. Want we moat it wetter wol kwyt kinne.

Dat is foar it oare wol logysk. Wittenskippers yn it Poalgebiet sprekke har ferbjustering út dat se dêr yn novimber noch yn de koarte broek omrinne kinne. It tijt dêrre; tij betsjut wetter. Dat wetter moat earne hinne. In tsunami is net genôch, want dan streamt it likegoed de see wer yn. It klimaat hat ús hielendal yn de besnijing, mar we bin der net op klear. No ja, ik ha foar myn sleatsje in fjouwerkante meter fûn en der kin no wetter ynstreame, mocht de Gaastmar der ûnderrinne. Dat kin samar, want it wetterskip hat foar hûndert miljoen de boeredykjes om de mar hinne omheech brocht, sadat it wetter fan de mar aanst net op boerelân komt, mar inkeld noch op de hûzen fan de Gaastmar streame kin. Dy rinne dan ûnder. Dat bart mar ien kear yn de 30 jier en dus is fersekerjen goedkeaper as in ekstra gemaal op de dyk te setten. Ja mar soene we dan net…..  Ensafuorthinne. No ja, dy diskusje is al 20 jier oan de gong. Gemeenten ha koartlyn sels in wetterakkoard sletten mei wetterskip Fryslân. Proastich makken dy wetterwethâlders harren selfke by it ûnderskriuwen.

Mar se sil te let wêze. Sjoch je oeral: Fryslân dûnset de Ofslútdykpolka omt it regear 30 miljoen liket út te jaan foar de slûs by Koarnwertersân. Liket. Kom op jonges. We hienen it akwadukt by Skarsterbrêge al. Dat waard gewoan trochstreke. Der sit Sietske, al festrikt yn de glêsfezel, wer oan te skuorren. Mar se soenen dat dwaan tagelyk mei it wurk oan de rotonde. En no moat it letter en  apart. Dan is it wer folle djoerder. Dus giet it wer net troch. Sa sil de wettersteatsmannen of oare formalisten aanst ek noch wol efkes gear oer dy slûs. Fryslân sil der hurd mei oan de slach, mar se bin te let. Want it regear moat jild brûke foar definsje; de oarlochsdriging yn de wrâld is grutter as de eangst foar te folle wetter.

Wylst we dêr wol wat tsjin dwaan kinne. Mar net dogge, wertroch it aanst gjin doel mear hat. Aanst is in begryp wat oerheidsminsken net kinne. It duorret yn elts gefal net langer as fjouwer jier. Sa sil de Fabryksfeart aanst fertuteazje yn hieltyd mear geâldehoer en oare formalistyske saken fan oerheidswege. En at de Fabryksfeart fertuteazet, fertuteazet de Feartswâl ek. En at de Feartswâl fertuteazet, fertuteazet it doarp Stiensgea ek.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s