Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

14 12 2016

Alvestêdetocht

Fansels sieten der twa lju mei Willempiehelm op by de ledegearkomste fan de alvestêdeferiening. Likegoed wie der net folle kommintaar op it boadskip fan it bestjoer dat we de kommende alvestêdetocht 25.000 tûzend lju op redens sjogge, mei in hesje oan en in helmke op. It formalisme fan de tsjintwurdige tiid yn optima forma. Miskien kin we ek al ynskriuwe mei in appke. Ja, ik wit wol dat dy hesjes binne om de swartriders tsjin te gean. En ja, ik wit wol dat je goed pine harsus ha kinne at je derop knoffelje, mar it wurdt my suver wat te nijmoadrich. En dat moat net, want it gewoane  libben wurdt ek oars. Dus we moat ús mar dellizze by dat twitter en facebookop in nije alvestêdedei hielendal fêst sitte, omt al dy 25.000 yn elke stêd in selfie fan harsels rûnstjoere. En dy 2 miljoen besikers ek. Yn eardere tiden molk in boer syn kij, riidt de alvestêdetocht en gie nei hûs om wer te melken, net ien hie’t fernaam. No ja, it wie Abe de Vries, letter blykte ek noch dat er wûn hie. Mar dat bin foarbije tiden. It moat no professioneel.

Sterker, ik ha al tocht soenen de wedstriidriders ek earkes yn ha meie? Yn 1997 lei de twadde sterke groep yn Harns noch mar in pear menuten efter. Ooh, had it dat geweten sei Jan Eise Kromkamp letter tsjin my, efkes trochride en we wiene der by kaam, hienen we in oare wedstriid hân. Earkes lost dat op, mar ik ha der noch net fan heard. Snijfêste pakken? Fan efteren ôfslipe redens. Helms mei lampkes? Yn 97 wie Heideman de ienige op klapredens, mar wat dogge se no. Se ha fansels al lang spesiaal materiaal. At der bûteniis leit trene se al op alvestêdetrajekten, se witte no al wer’t har minsken stean mei in stikje bôle foar ûnderweis. Ja, bôle? Of soe der yn in nije alvestêdetocht noch net op doping kontroleard wurde?

Hjoed is it 14 desimber. Tweintich jier lyn kaam de wyn doe noch út it sudwesten, it wie 3,9 graden, it waaide hurd. We hienen noch gjin aan dat yn trije wike der in alvestêdetocht komme soe. It wie wol sa, 4 jannewaris 97. It alvestêdebestjoer is himsels goed bewust dat je yn dy tweintich jier yn in nije tiid kaam binne. Se ha dus hieltyd saken oanpast. It startplak hat op papier de fleanbasis west, dat is no alwer de Elfstedenhal wurden. Soldaten net brûkt. Bestjoersleden dy’t noch nea in tocht meimakke ha  bin ek al fersliten. Sels potentiele winners bin al fan de redens. En dan kin je wol mankelyk sjen nei de de man dy’t mei sa’n grien kaartebakje de ynskriuwing die en dan hiel sekuer neiseach at dy man wol lid wie of net, dy tiid is foarby .

En dochs is it produkt wat se leverje, in alvestêdetocht wol eat werfan je mankelyk wurde kinne. Der bin safolle ferhalen, elk dy’t him ea riden hat, hat syn eigen ferhaal. Evert Wilstra, hy wie sportferslachjouwer by ús, sei yn 1985 jonges ik bin der net, ik wol ride. En hy riidt, wie by de earsten fan de toertocht. In jier dêrnei sei er jou my mar in tillefoan mei, en hy riidt efteroan. Wat er dy dei net belibbe hat en oer dy tocht oer de radio fertelde : machtich. En elke kear at ik wer mei ien fan dy âlde strûken praat, ferhaal. Mar de feriening bliuwt der net yn hingjen, se wolle miskien al jongeren as 18 ride litte, ûnder it motto dat guon 15 jierrigen in snellere 5 km  ride as at Jeen van der Berg ea dien hat.

It alvestêdebestjoer is bewust fan de nije tiid. Sa bewust, dat se falle oer dat ûnnoazele pealtsje dêr by de finisj op de Bonke. Dêr soe in keunstwurk komme moatte, al stiet der al ien by de Elfstedenhal. Mar goed, set dêr ek wat del, stiet der wat by start en finisj. Mar dat wol se dwaan yn de mande mei KH2018. Hâldt dat no sels yn hân. Betink dat at der yn 2018 in alvestêdedei is, dat dy mear foar Fryslân betsjut as alle oare 364 kulturelehaadstêddagen.

 

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s