Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

18 01 2017

Sûkerbôlle

Fansels moasten de regionale CDAjonkjes en famkes yn it wykein fan it CDA kongres besykje om de sneons yn de regionale krante te kommen. Mar at je lykas deputearre Sander de Rouwe dan mei krityk op de sûkerbôlle komme, dat brek je sawat alle klompen dy’t hjir ek noch makke wurde. It is deselde De Rouwe dy’t earst it Fryske MKB- fermidden sa rynsk priizge oer harren fernijing en eksport. Dat moast hy doe wol sizze, want hy die de subsydzjes derfoar omleech. Mar no ferklearret hy ynienen dat de bedriuwen hjir neat wurdich binne, omt se te min fernije en eksporteare. It MKB yn Fryslân Sander, soarget hjir foar in ekonomy mei wurk. We wurkje gemiddeld yn bedriuwkes fan fiif, seis man/frou. Wat ôfstimd op ús doarpestruktuer. At we dermei genôch wurk ha, werom soenen we dan ekstreem fernije. At we sûkerbôlle frette kinne, werom soenen we dan begjinne mei krintebôlle te bakken. At we de oune sa no en dan mar wer fernije. We ha der hielendal gjin belang by dat Fryslân ôfmjitten wurdt oan de knoarre guod dy’t de grins oergiet, wat op himsels ek noch bêst in soad is. Mar leaver tweintich sûkerbôllen nei Maastricht as twa kloskes fiterjen fan appelklokhúzen nei Leer, want dan fertsjinje wy teminsten wat. It byld fan de provinsje yn de eagen fan Sander der fertsjinje we neat oan.

“Lef tonen”, ropt De Rouwe. Zoals wíj doen met Tesla”. Se ha nammentlik as trije noardelike provinsjes besletten dat se in grut bedriuw fan elektryske auto’s hjir hinne helje sille. Dat dogge se op de Trump/Wilderswize: de Amerikaanske direksje fan dy fabryk bestoke mei allerhande twitterkes. Sa fan “kom hjir hinne, we ha grûn en arbeiders”. Net mear as wat gerop. Maar “we hebben succes”, rôp Sander, doe’t in hiele soad twitters ferstjoerd wiene. Dat is blykber dat lef. Skriemeriger metoade om je sels op in lege kaart te setten ha’k noch noait meimakke. Fansels komt dy Tesla hjir net, de hiele wrâld wol it wol ha. Boppedat, at it hjir komt komt, dan komt it hjír net, mar by de Eemshaven. Wat ha wy der dan mei. No ja, Sander hat ek in twitterke fertsjoerd.

Fryslân is fan de Grinzers wurden, wy sitte no ek yn it noarden. En dat hat in grutte ekonomyske takomst at we griene wetterstof produseare. Mar ja, dan moat we earst eins 57 miljard ha. En ierdgas, want dêr meitsje je wetterstof fan. Dat moat we dan mar út Ruslân helje, oars donderje der yn Grins noch folle mear hûzen yn elkoar. En  wetterstof wurdt hjir net brûkt, inkeld yn Rotterdam. Fernijing en eksport, der ha je bêst wat oan, mar it produkt wat je meitsje wolle moat te meitsjen wêze foar sa’n priis dat it ek kocht wurdt. Sels de elektryske auto rint net sa hurd as at se tochten. Wetsus docht syn úterste bêst, it fernijt om it leven en betinkt de produkten dy’t aanst ree binne om te eksportearen, mar ik bin bang dat healwe de rit de subsydzjestekker dêr wer útgiet, we krije ommers ek in nije regearing.

In ekonomy wurdt net bepaald troch it plak wat je op listjes steane. Je ekonomy wurdt bepaald at de minsken dy’t hjir wenje foldwaande fertsjinje om troch de tiid te kommen. Stel at hjir hûndert ûndernimmers komme dy’t fertsjinje oan fernijing en eksport. Wat ha wy as provinsje oan hûndert rike ûndernimmers. Dy betelje KH 2018 net iens.

Eins hoege we gjin eigen ekonomy, we libje yn Nederlân. En at der dan al provinsjegrinzen binne, okee, mar ús eigen ekonomy bestiet dan ek noch út toerisme en rekreaasje. Deryn rinne we yn dy ferdomde listjes wer foarop. En moat we dêr dan yn fernije, want eksporteare is dreech. Ja, der moat op’e tiid in nij kacheltsje yn de stakaravan, mar we bin slim genoch om dat leverje te kinnen. En at de stakaravan in hûske wurde moat, komt dat ek wol klear. At we dan ek noch ris gastfrij wurde, dan komme de bûtenlanders hjir wol hinne. Import smyt ek in soad op.

No hear ik jim freegjen: net gastfrij? Nee, no net mear, Sander hat alle sûkerbôllen ommers fuortdondere.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s