Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

25 01 2017

Crowdfunding.

Crowdfunding. Da’s nochris in moai Frysk wurd om dizze kollum mei te begjinnen. Crowdfunding. Wy wolle as crowd takom jier de kulturele haadstêd fan Europa wêze, dêr ha we ússels al oan ferplichte, no dan moat we dat ek mar mei syn allen funde. Betelje. Ik gean mei it tsjerkeponkje by jim lâns en jim smite it jild der mar yn. Eeeh, jild? Pepermuntsjes, krekt as alearen yn tsjerke.

En jonges dat is te min. Deputearre Sietske Poepjes hat, fan ús gewoane jild, ôfrûne wykein nei it Deenske Aarhus west. Dy bin dit jier haadstêd. Sietske wie by de iepening. En se hat dêr allerhande dingen sjoen dy’t wy miskien ek dwaan moatte soenen. Ja Sietske, mar de provinsje leit echt gjin sint mear by dy kulturele haadstêd, dyn eigen CDA mjêkket al as in oanfretten murd oer dat jild. Sietske, we moatte crowdfunde.

Of sponsorje fansels. Mar ja, de bedriuwen yn Fryslân fernije net en se eksporteare ek gjin bliksem, dus dy ha gjin jild. En at se it wol ha dan donderje se it yn de dingen wer’t in soad publyk komt, Cambuur, Hearenfean, Thialf, datsoarte fan saken. Mar by de iepening fan de kulturele haadstêd takom jier om distiid komt inkeld de Deenske Aarhus-kollega fan Sietske Poepjes. Ja, miskien komt de crowd dêr ek wol, mar it liket allegear o sa keunstich, dat der gjin plak liket te wêzen foar Unox mutsen. Dus at de crowd der hinne wol, dan moat se mar funde.

Mar de crowd is deryn hielendal net sa ienriedich hear. Foardat se funde wol se earst wol efkes sjen wat der allegear barre sil. Mar we hearre net sa’n hiel soad. Wol ha we optheden oeral, dat wol dizze yn de alve stêdden, in bûtenlander dy’t it foarbyld fan in fontein sjen lit. It gefolch: oeral ha se spul as crowd at se it no wol of net moai fine en oeral ha se ek spul oer it plak wer’t de fontein komme sil. Moaiste wie’t yn Snits ferline wike, der hie de Dútske keunstner (se ha tusken heakjes in Dútser útsocht omt Snits altyd in soad dútsers krijt yn de fakânsje tiid) en dy Dútser woe dy fontein eins midden yn it wetter by de Wetterpoarte ha. Mar dat kin net omt de alvestêdetocht der lâns moat. Wy soenen sizze, dan set je dochs ’s winters dy fontein efkes út en dan kin je der moai om hinne reedride. Mar dat skynt net te kinnen. Dy Switserse hoarnblazer is sa grut dat hy alle wetter út de Kolk sûget en oer it iis hinne griemd. Dat hy komt no efter de poarte, yn it wat tsjusterder Hoogend, dan hoegt it Snitser skûtsje der mei de kryst ek net mear te lizzen.

En hoe’t it fierder mei de fonteinen komt witte al dy bestjoerders dy’t no de foarbyld ûntbleatsje ek net. Súdwest-Fryslân moat aanst seis fan dy dingen ûnderhâlde. Dat docht de crowd net. Dy wol dat ek nei 2018 harren gemeente in kulturele taak betelje kin. Want Fryslân jout de kommende twa jier safolle út, dat der dêrnei neat mear is. Hearrenfean hat al beslúten dat it museum dan mar ticht  moat. It wurdt tiid dat de deryn earde Domela Nieuwenhuis wer stean giet en as ferlosser seit dat dit net de wei is.

Dan kin je altyd noch better crowdfunde no. De boargemaster fan Smellingerlân betocht de eigen wize fan crowdfunding dy’t noch oer wie: de ferplichte. Alle gemeenten betelje aanst ien euro per ynwenner. Dus ek foar elke lytse krobbe dy’t berne wurdt en ek yn 2018 gjin aan hat dat hjir allegear bjusterbaarlike saken oan de crowd jûn wurde sille. No ja, miskien, want it is mar in foarstel fan boargemaster Van Bekkum. Yn 1966 ha we deselde sitewaasje hân. De gemeente Hearrenfean frege elke gemeente in stoer, dat is fiif sinten, yn de tiid dat we de gûne noch hiene, dus dat is no twa sinten per persoan, te beteljen oan Thialf. Yn Fryslân diene twa gemeenten net mei: Skylge en Smellingerlân. Presies, de gemeente dy’t no wol in euro per ynwenner ferplichte crowdfunding betelje wol. En sy krije net iens in fontein.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s