Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

01 02 2017

Sylroede

Ferline wike moast ik nei de Lemmer. En kaam telânne op in smotsige rûnwei. Se wiene yn de sleat dernjonken oan it wrotten. O ja, dy rûnwei wurdt ommers ferdûbele. Wylst noch net iens alle doarpen yn Fryslân al it statussymboal rûnwei ha, krijt Lemmer al in dûbelen. En no pas begjinne, dan ha we dus de hiele simmer lêst fan dat gewrot. No is dat ek wer net sa slim, want we ha dêr altiten al lêst. Foar de lju dy’t oan de sintrale as wenje en gjin aan ha fan de Falom, mar hielendal net fan de Lemmer: dy rûnwei stiet yn de simmer alle freedtejûnen muorrefêst. Smoarfol Dútsers, op wei nei harren Súdwesthoeke. Spesiaal nei Balk, want dêr ha se teminsten in boargerwacht en dêr hâlde Dútsers fan. Se kin nearne oars lâns as oer de Lemmer. Ja, se soenen noch oer St Nyk kinne, mar dan moat je oer Sleat prutse. Niks gedaan.

Yn dy rûnwei fan Lemmer sit in brêge. Oer de Sylroede. No bin der ek Dútsers dy’t, fanwege dy rûnwei, in dei earder komme. Dy farre al en dy wolle troch dy brêge. Oars moat se troch de grutte slûs, en dy leit ek op freedtejûn grôtfol mânske frachtskippen en je skoue jo sân meter jachtsje net graach njonken sa’n 110 meter skip. Binnentroch. Ek wol gesellich, de boaten lizze trije dik foar de Lemster kroegen. Dêrom wol ek wer lju fuort, en dy komme dan fan de oare kant by de brêge.

Dy brêge stiet dus lang iepen. En de Dútsers stean der foar. En wy stean dêr tusken, want de oare kant is de Lemmer net yn te kommen, en  de winkels en it strân en de bedriuwen sitte no ienris oan dý kant fan de Sylroede. En wy wolle fansels altyd oeral like hastich hinne. Boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân wol no in nije dyk njonken de spoarline Snits-Ljouwert. Dêr leit al in dyk, mar dêr ride we te hurd op. Sa wurdt de skries wurdt aanst definityf ek noch fermoarde troch asfalt.

Lokkich tinkt Sietske Poepjes alternatyf. Se wol no de brêge yn Lemmer mar fjouwer kear per oere iependwaan. Ja, mar hoe lang dan? It wie yndertiid by de Jeltesleatsbrêge yn de Hommerts ek sa, fjouwer kear per oere. Mar de boaten dy’t der troch woene sieten elkoar sa deun op de kont, dat de brêgewachter ‘m nea ticht krije koe, oars barden der ûngemakken. Dus oant en mei de bussen stie it dêr soms oeren fêst. Dêr is no in akwadukt. Der soenen  oeral akwadukten komme moatte. Mar Fryslân hat fan it begjin ôf gjin gelok hân mei dy dingen. Se lekke allegear as in tjems. En it bouen duorret seis jier langer as ornearre. Dat wolle de Lemsters net.

Sietske sit yn in spagaat. Der bin gjin oare mooglikheden. Krekt sa’t se ek gjin moogelijkheid hat om in farrûte nei Drachten te meitsjen foar grutte skippen. Je kin wol fine dat dy dêr komme moat, mar tagelyk fine de normale boargers ek dat der net mear frachtskipdruk op Earnewâld en Headammen komme moat. En in nije farrûte fan Grou ôf fernield natoer en rekreaasje, ús wichtigste programmapunten. Dus neat dwaan, de earste tsien jier kin it sa noch wol. En ik wit wol, it is griemen dêrnei, mar dat is net oars. Ik bin ek benijd hoe’t de provinsje wol gruttere skippen nei Hearrenfean ha wol. Dan moat der by Terherne noch al it ien en oar barre.

Fryslân is no ienris in wetterrike provinsje. Libje dêr dan mei. En slok ris in kear wat op. Krekt as no by Skûlenboarch. Domme skipper, alla, mar de dyk baas? No, at we yn Ljouwert Racing Expo organiseare, sliepe se dêr yn it hotel yn de reek, moat de plysje hûnderten boetes útdiele oan jeijende adrenalinejonkjes en leit der in stuntman op intensive care.

Lemmer. In nije dyk oer allerhande wetters docht noch mear sear. Mar dan hoech je dus ek net in rûnwei te ferdûbeljen wylst it gjin inkele sin hat, útsein dat je dan wat mear stilsteande Dútsers bergje kinne. Mar ach, je dogge wat no. Je donderje gewoan in kwak jild yn de Sylroede.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s