Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

22 02 2017

Jehannes Trump

It is noch altyd ûnlijich waar, mar ús beurs en Merk Fryslân rûke de simmer al. Mar earst maaitiid. Eartiids hienen we dan in putsje. It waard mar troch in lyts part fan ús folk dien, mar we pronken der allegear mei. Wy fertelden de rest fan de wrâld dat wy better op de ljip en skries passe koene as at dy fûgels sels diene. Fryslân, lân fan fûgelbeskerming. Al wie dat stuolle op it earst weiheljen en opfretten fan tûzenen ljipaaien. We dogge no definityf in stap tebek. It gie sels safier dat Rendert Algra, foarsitter fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten, yn de oankundiging fan de gearkomste weryn dúdlik waard dat it aaisykjen nei de bliksem wie, adfertearde mei sýn keunststof ljippen. Dan bin je wol fier ôfsakke.

De earste echte ljippen ha’k al sjoen. Dat rint ek noch wol sa’n bytsje. Mar de skries, haadfûgel fan ús hillige kulturele haadstêd, rêdt it net. We krije syn bern net mear grut. De Ljouwerter Krante sette fannewike in moaie foto fan skriezen yn Portugal op’e foarside, mar wittenskippers en fjildminsken sjogge mei pine yn it hert dat se op wei binne nei Fryslân. Want hjir sil it skriezebern aanst opfretten wurde troch de mûzebiter, de hoarnskrobber, de wikel, de roek, de stienmarter, de murd, de rôt en de foks.

In hiel soad lju sette de boer ek yn dat rychje. En dy hearde der ek wol in bytsje yn. Want hy makke syn lân net goed klear as skriezenbêd. Soks wurdt lykwols stadich oan better. Deputearre Jehannes Kramer betellet de boer foar in skriezenêst, en sadree it wurd jild falt krijt in boer optheden in orgasme. Boppedat kin we dy boer ek net sa mar deasjitte. In stienmarter of in foks wol. De oergrutte mienskip yn dit lân dy’t noch nea in skries sjoen hat, wol dat lykwols net lije. De ek al foar ferplichte weidegong stimmende Keamer hat gjin lover ferstân fan plattelân en natoer.

Mar Jehannes hat in probleem. We moat him yn dizze tiden dat it sa bot oer lannelike polityk giet dat de FNP net iens mear bestiet, mar efkes skewiele. Jehannes: it is ûnnoazel, watte, it is grouwélige stom om miljoenen út te jaan oan it behâld fan de skries wylst je witte dat it gjin soademiter opsjit fanwege dy boer en dy mûzebiter. No dy boer der praatst wol op yn, en ik begryp ek dast de banken no sa fier hast dat at in boer syn lân net blomryk ynsiedzje wol en at hy foar heal juny beslist meane wol, dat de bank dan net mear betellet. Dus dy boer komt wol. Mar dan skuort dy hoarnskrobber noch altyd yn de skriezeaaien om, want dy fleant fleurich oer de nije stekjes fan de natoerbeskermers hinne, dy bin sels noch te leech foar de fox.

Jehannes. Do stiest ta dat al dy frijwillige fûgelbeskermers skriemend ôfheakje omt se tsjintwurdich oan dossierfoarming en oare formalistyske troep dwaan moatte. Gean no ris rjochtop stean. Net dyn brûklike “we sil it efkes mei syn allen beprate en dan moat we mar ris sjen”. Nee. Doch it no ris in kear op de wize fan Trump. Lit de stêdsbewenners mar seure en kleije. Klap der yn. Dó joust ommers de subsydzje; it is dýn jild; dó bepaalst it. Meitsje yn de erkinde skriezegebieten yn Fryslân de jacht op de jager fan de skries sa yngreven mooglik. Mei alle middelen dy’t der binne. Skriezegebieten twa jier folslein sûnder skriezemoardners. Alle rôffûgels en oare moardners dea. Komt der wer ien, bam. Moarn begjinne. Oars komt it der nea fan, en dan wit we noch neat en bliuwt it ivich in diskusje sa’t we dy no al sa’n 20 jier ha. En dêr komt nea in ein oan ast it op dyn brûklike o sa netsjese politike wize dochst. Want sels de troch dy djoer betelle wittenskippers ha it antwurd noch net fûn. Wy wolle no witte at it helpe sil. Predaasje predeare om yn dyn terminology te bliuwen.

En smyt oars dy miljoenen fuort en tekenje dan daliks it skriezekondoleanseregister mar. En mocht it yn twa jier neat opsmite, dan freegje we Rendert wol om wat keunststof skriezen te meitsjen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s