Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

08 03 2017

Keunstich

Doe’t ik noch in lyts jonkje wie, wennen we oan de Burgemeester Wuiteweg yn Drachten. Skean tsjinoer de Lawei. Dy waard boud doe’t ik tsien jier wie. Wy fûnen it in nochal nijmoadrich gebou, en it is dêrnei noch in kear as fiif yngreven ferboud om by de tiid te bliuwen. Myn âlders fûnen it net te nijmoadrich, se giene nei Wim Kan en Toon Hermans. Laweidirekteur Roel Oostra wie in kabaretleafhawwer.

Efkes fierder oan dy Burgemeester Wuiteweg stie de ambachtsskoalle. In âlde skoalle. Doe al. Niks nijmoadrich. In somber grut heech rjochtút  hoekich gebou. In grutte tún derfoar. Jim sjogge it no efkes troch myn doetiidse berne-eagjes. At it tsjuster wie woe’k der wol gaueftich foarby rinne, ik krige lytse rillinkjes oer it rechje. En  yn dy skoalle sieten grutte brede jonges. Karbouwen. It wiene de takomstige dóggers yn de mienskip. Wý giene oan de stúdzje, hienen gjin aan fan wat der yn dy ambachtsskoalle barde. Dat wie in oare wrâld. It duorre in jier as fiif ear’t dy misfetting foarby wie, mar doe wennen we al net mear oan dy wei.

Dy skoalle stiet der noch wol. Aardich fertuteaze. Logysk, bout yn de fyftiger jierren, brûkt foar allerhande foarmen fan ûnderwiis. Ambachtsskoallen bestean net mear. Der binne de technyske opliedings yn it vmbo en mbo foar yn it plak kaam. It gebou is no yn hannen fan de griffemearde skoallemienskip Gomarus. Kristeliken   sizze dat yn de polityk net, mar se bin echt wol fernijend, hear. Der komt dus in nije skoalle. En no bin der ynienen 800 lju dy’t al in petysje tekene ha om de foarkant fan dy âlde skoalle bestean te litten. Sa markant fine se dy. Ik kin der folslein neat markants oan fine, mar ja 800 razers op sosiale media bin optheden it alderwichtichst yn ús mienskip. En in petysje fia facebook is it swierste krêftmiddel yn de hjoeddeiske polityk. Dat wit Omrop Fryslân mar al te goed optheden, mar dêr bemoei ik my net mei, al davert dat noch wat fierder as de ambachtsskoalle. Dy’t lykwols miskien wol stean bliuwt. In moaie útdaging foar in arsjitekt. Ek al slacht it yn stân hâlden fan sa’n gevel nearne op at je it inkel ha oer: “och heden wat sonde, dat soks ferdwine soe”.

Mar Drachten hat wat yn te heljen. Drachten hat gjin kultureel histoarysk sintrum. Of tsjerken. Drachten wie eartiids in yn twaën ferdield earm plakje; In lyts kwakje hûzen om de Drachtster  Kompagnonsfeart hinne. Mar Philips hie yn de hiele wrâld socht mar fûn op de heide allegear earme minsken dy’t wol foar in botsen  arbeidzje woene. Dus dy sette dêr in fabryk del en no wurdt der yn Drachten sels al in brêge nei him neamd. Mar yn dy tiid kamen der ynienen gâns lju yn de nije pro-vinexwenten. En doe kaam de Lawei, dan koenen de lju ek noch in pear kear yn it jier laitsje. Ik oerdriuw wat. Drachten wie ek it plak fan Jan Planting, Ids Wiersma, Pier Pander, Theo van Doesburg en de Rinsma’s. Dy wiene echt wol ferneamd. Mar net yn Drachten. Dat wie in saaklike kearn, der moast wurk bliuwe en by komme.

De lêste jierren draait dat byld in bytsje. Likegoed skrok ik fannewike  doe’t ik lies dat Drachten fjouwer grutte nije keunstwurken ha wol. Niks KH2018, yn Drachten kin se alle Ljouwerters wol skite. Mar ik bin ek al wer teloarsteld. Dy fjouwer keunstwurken moat  stêdsmarkearingspunten wurde. Drachten moat sichtberder wurde.   Dat is in saaklik útgongspunt. Eartiids ferstoppen je dy bedriuweterreinen efter beamkes, no moat se iepen en bleat as prostituees lâns de dyk stean.

Mar ach tink je dan, der komt yn elk gefal wat kultuer by. Dan krijt sa’n plak ek wat mear kasjet. It kostet wol in kwak jild. En fansels allegear bûtenlânske keunstners, jim kinne it byld fan Fryslân sa linkendewei wol. Lokkich witte politisi dat se de úteinlike kar dwaan litte moatte troch de befolking. Dy moat meidwaan. Dus aanst wurde se by elkoar roppen, krekt as by de fonteinen yn de alve echte stêden. Moat jim ris sjen, moai hè.

Mar de ynwenners fan Drachten wolle folle leaver de foargevel fan de âlde ambachtsskoalle behâlde.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s