Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

05 04 2017

Doarpen

Je dogge it allegear wolris yn in petear. Dan siz je ynienen ”at we it no ris sa dogge, soenen we dêr ek ris nei sjen kinne”. Hayo Apotheker die it ek in kear en woe wol dat er it nea dien hie. It docht sear dat je aanst yn jo nekrology lêze dat je it plattelân fan Fryslân ôfbrekke woenen. Mar dat domme geâldehoer oer de dyk Ljouwert-Snits rûn him ris oer de skuon. Hy wit dat at se har dêr gewoan oan de snelheid hâlde dat der dan neat oan de hân is. Dus bromde hy dat we dan mar sjen moatte nei in nije dyk by it spoar lâns. Hy hie’t oer in doarpesparjend dykje, mar dat kaamn et yn de krante. No, hy kin bliid wêze dat hy op tiid fuortgiet en de doarpen net mear wolkom hjitte hoecht yn syn gemeente, oars soene se him de doar útkwakke.

Tsien doarpen ha har nammentlik no ferbûn yn in protest oer eat wêrfan hielendal neat op papier stiet en wat net ien Hayo neisein hat yn gemeente of provinsje. Mar dy doarpen tinke dat der al plannen klearlizze, dat der efter de skerms al oer tocht is. Dat Apotheker dus net samar wat sei, mar foartidich in stikje rapport op it kleed lei. Miskien. Apotheker kin net bewize dat soks net sa is, de doarpen ek net dat it wol sa is. Dus it docht der net ta.

Mar it is in moai begjin fan in geweldige diskusje dy’t we hjir yn Fryslân krije sille oer ús 422 doarpen. Doarpen dy’t eartiids, en miskien noch wolris, dreamden fan in moaie nije rûnwei, sizze no lûdop dat der gjin stikje asfalt harren rykdom, de greide, de romte, de natoer ferniele mei. Sju, ús regear is der mei begûn. Alle rotsoai dy’t der wie, ôffiere wolle nei it plattelân. “Jim ha wol gatten, dêr kin it sikenhûsôffal wol yn. Of kearnôffal yn de gasputten. Wynmûnen ha jím wol plak foar”. Datsoarte teksten, mar dan fertaald yn rapportetaal. Mar no bin de provinsiale en gemeentlike oerheden ek safier. Se sjogge nei de struktuer fan de doarpen en tinke fan, no der sit gjin libben mear yn, der kin we wol  wat misbrûk fan meitsje. Eins wie de sintrale as it earste fan dat tinken. Mar doarpen komme yn it ferhef. Gjin wynmûnen, gjin oare rommel, gjin grouwélige bedriuwen. Doarpen wolle doarp bliuwe, ek al hyt soks tsjintwurdich krimpdoarp.

De krimpdoarpen yn Littenseradiel dy’t har ferbûn ha yn Nij Baarderadiel ha mei syn allen net mear as 4000 ynwenners. Kin net iens mei syn allen in steatelid kieze, dus ramme mar. Dy Apotheker mei syn idioate praat. Dan ha we gjin romte mear, gjin natoer mear, gjin lannelike omjouwing mear en ús wengenot is fuort. Dat soks no foar Skearnegoutum, Dearsum , Raerd en Tsienzerbuorren wol jild, skriuwe se net op. Eigen doarp earst no.

Sa tinkt Nij Baarderadiel: Baard, Bears, Easterlittens, Hilaard, Húns, Jellum, Jorwert, Leons, Mantgum en Weidum. At je trochride kom je yn Wurdum. De sponsor fan SC Hearrenfean, dat driuwt op minsken út de doarpen yn Fryslân, wol dêr in sinnepanielpark boue. Earst wie der in Dútse ûndernimmer. Dy woe der 41 bunder sinnepaniel ha. Wirdum lake, dat kin net. Mar it wie in opsetsje, want doe kaam dat GroenLeven mei 17 bunder. Wirdum skrok. Dit wol we net, ús grûn, ús doarp, ensafhuorthinne. En doe flústere wethâlder Henk Deinum de Wirdummers yn dat se mar by de Ried fan Steate oanklauwe moasten, want hý koe dit net tsjinhâlde. It stiet nammentlik al lang en breed yn de gemeentelike plannen. Net dat in Wirdummer dêr ea yn sjoen hat, mar se bin dudlik: de plakynnimmende rotsoai kin wol nei de doarpen. No wennet Henk ek yn in in doarp en wit dus wol hoe’t se dêr tinke. Hy fynt dat ek wol.

Dus dan moat no in PvdA-wethâlder fan Ljouwert flústerje oer in Wirdummer gong nei de Ried fan Steate om dêrmei wat mear tiidwinst te krijen, sadat hý yn elk gefal net mear mandelich is oan in omjouwing fernielend mar wol yn de geast fan Paris bout sinnepanielepark yn Wirdum. Want ja, yn it folgjende kolleezje sitte gjin PvdA-lju mear.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s