Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

10 05 2017

Dantumadiel

Dantumadiel. 18.000 ynwenners op 87 fjouwerkante kilometer. Alve doarpen. Damwâld, ûntstien út Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld; Feanwâlden wêr’t de earste suvelfabryk fan Fryslân kaam; Broeksterwâld mei de beroemde amateurfuotbalklub Broekster Boys, wêr’t eartiids better betelle waard as by Hearrenfean en Cambuur; Rinsemageast, it earste haadplak fan de grietenij; Walterswâld wêr’t ea in bolle nei my ferneamd is; Driesum, wêr’t Rinsma State it gemeentehûs wie, mar dat hat Dirk Scheringa yntusken ferkocht oan in Rus; de Valom, it plak wêr’t dy idioate Friezen eartiids skippen oer it lân lutsen; Readtsjerk, in namme as in contradictio ynterminus; Sebrandehûs wer’t yn ‘63 Reinier Paping holpen waard troch 4 foarriders; en net te ferjitten de Westerein, in eigensinnich apart doarp mei goudearlike minsken dy’t lykwols wat te gau ûnrjocht sjogge en dan wâldsk reageare.

Dizze wâldgemeente, mei in rike histoarje fan 1242 ôf, giet in frjemde takomst temjitte. Se ha no in amtlike fuzje mei Dokkum, Ferwerteradiel en Kollumerlân. Dat giet need, sa ha’k fernaam. Der sit net ien amtner mear op syn eigen plak en se witte lang net allegear wat se wol of net dwaan moatte. Dantumadiel docht mei oan dy amtlike fuzje, mar net oan de bestjoerlike. 1 jannewaris 2019 beoarderje dy miskien noch wol wat omtoarkjende amtners twa gemeenten: Noard-East Fryslân en Dantumadiel. Ik kin my der neat by foarstelle. Is der aanst ien amtlik kommunikaasjekantoar, en moatte dy dan aanst de miening fan én Noard-East Fryslân jaan én fan Dantumadiel? No, dat bin somtiden heakse mieningen. Dy amtners moat allegear aparte en oare regelingen beoarderje, dêr wurde se hartstikkene gek fan. Gaos.

Dêr tinke se yn Dantumadiel net oan. Dy hurdkoeters bin op dit stuit gewoan dwaande te formulearen hoe’t in nije boargemaster der út sjen moat. Se ha sûnt jierren net in gewoane, mar in waarnimmende boargemaster. Waarnimmers beneame omt de gemeente dochs opgiet yn in fuzje, wie de ienigste provinsiale strapats dy’t kommissaris Jorritsma úthelle hat. Fierder wie der inkel mar in grut provinsiaal swaktebod; der barde nammentlik neat. In goed provinsiaal plan hie der foar soarge dat we no net yn allerhande idioate sitwaasjes sitte, werby de ien wol en de oare net meidocht. Wat hie’t moai west en ek ferstandich, Harns as haadplak fan de Waadhoeke, stêd fan see en lân. Mar nee.

Dantumadiel wol selsstannich bliuwe en dus wol se in gewoane  boargemaster ha. Brok giet der ek noch yn mei. Se beskriuwe de man  of frou no en it blykt dat de ynwenners eins in soarte fan Sicko Heldoorn ha wolle. Dy is dêr no waarnimmend boargemaster. Mar Heldoorn docht aanst net mei, hy sollisiteart net. En hy hat gelyk. Hy is beneamd as waarnimmende fúzjeboargemaster, en al fynt hy no miskien ek wol dat de arguminten benammen op finansiële grûnen wol goed binne om Dantumadiel Dantumadiel te litten, dan noch hâldt hy dat fúzjeaureoaltsje.

Dantumadiel bestean litte is noch slimmer as it gedoch fan Harns. Want Dantumadiel hat yn it ferline grutte stikken gemeente ferlern oan oaren. Kollum en gâns oare plakken bin ôfskieden en waarden yn 1350 Kollumerlân. In oar fûn grutter wurde wichtich. Dokkum hat  grutte happen pikt fan Dantumadiel, te min want Dokkumers gean noch te winkeljen yn Damwâld. Janum en Birdaard giene yn 1984 oer nei Ferwerteradiel, oars bleau dat sa alderheislikste lyts. It waard Dantumadiel allegear ôfpakt. Mei fúzje hiene se dat werom krigen. Mar nee.

We rinne hjir yn Fryslân hopeleas efter by oare lânsdielen op allerhande mêden. Dat komt omt we lang net bestjoerskrêftich genôch binne. Te ferdield mei al dy ferskate en te lytse gemeenten mei al dy ferskillende ynsichten en regelingen. En at je net fierder sjogge as de grins fan jo eigen gemeente en de provinsje docht neat dan ha we takom jier kulturele haadstêd yn in ferdielde provinsje. Willem Schoorstra hie it juster op dit plak noch oer in selsstanniger provinsje. Willem, sa bestjoerskrêftich kin dizze ferdielde provinsje echt net wurde. Eartiids wol. We fochten wolris, mar we giene as ien man nei Rome, Brussel of Den Haach.

Wat sei Sicko Heldoorn ferline wike ek al wer by de 4 maaie betinking yn Dantumadiel.

Wa’t syn eagen slút foar de skiednis, is blyn foar de takomst.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s