Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

17 05 2017

Mear wetter as jild

Freed stiet de Martinitsjerke yn Frentsjer fol mei ûntwerpen fan fonteinen. It is wol goed dat it langstme fan Fryslân om dizze wûnders ien kear by elkoar te sjen, yn in tsjerke is. Font, wer’t it wurd fontein fanôf komt, is it Latynsk wurd foar bron. En de tsjerke is de bron. Fan oarlogen. Fierder bin fonteinen inkeld mar fersiersels sûnder betsjutting. Manneke Pis is de meast ferneamde fontein yn de wrâld. Hy pisset Brussel ûnder, en is yn hiel wat túntsjes neimakke. Dêr stean ek wol ivich pisjende túnkabouterkes. Moai.

Dus gjin ferkeard wurd doe’t hjir in tal jierren lyn sein waard dat net inkeld de kulturele haadstêd, mar ek de tsien oaren yn de alvestêderûte, in fontein krije soenen. Net dat we doe begrepen wêr’t se it oer hienen, se sprutsen hieltyd, en noch, fan eleven fontains. Freed sjogge we dan dat it gewoan om alve fonteinen giet. Nee, ik sei net gewoane fonteinen. Wylst we dêr eins ek neat fan ha. Hjir en dêr is der in histoaryske holle op in kraantsje monteard. En dêr foar de Lawei yn Drachten spuitet der sa no en dan ek wat yn je broeksboksum. Mear net, dus eleven fontains hearde suver wol moai.

Mar no komme se aanst echt. En ha wy fragen. Wat is moai en wat net. Hie Ids Willemsma ek net in fontein yn elkoar soldeare moatten ynstee fan al dat bûtenlânske folk. It plak wêr’t se komme, stiet de mienskip net altyd oan. En wa sil it aanst allegear betelje, dy dingen moat ek ûnderhâlden wurde. Mar it giet wol troch, want it is ûnderdiel fan de hillige kulturele haadstêd.

Dêr yn Ljouwert krije se twa witte hollen dy’t mei de eagen ticht neitinke oer de takomst op it Stasjonsplein. Wêr’t wetter útkomt is net dúdlik. Snits wurdt noch riker as it al is; it krijt de hoorn des overvloeds, mar dêr komt inkel wetter út. It komt by de wetterpoarte, omt net ien it dêr ha wol. Drylts krijt in swimbad fol fel-kleure jitizeren stinzeplanten. Yn Sleat hat in famke in ljip op’e hân, en dy ljip hat wer ferlet fan wetter. Yn Starum komt aanst it wetter út de bek fan in grutte fisk, om sjen te litten dat de fiskers dêr no inkeld op garnalen fiskje. Yn Hylpen komt it wetter út de Levensbeam, en dernjonken kin je sitte op de hoarnen fan in Hinde. Warkum krijt twa wapenliuwen op it gêrsfjildsje by de jachthaven yn it sintrum. Boalsert in flearmûs by de Broeretsjerke en Harns in walfisk op de Súderpier. Dokkum op de Merk in iisfontein; safolle iis dat je der net mear parkeare kinne. En yn Frentsjer komt efter de Martinitsjerk in tige oerdrachtlik en dus frjemdeftich keunstwurk, dat  foar jeugd en ûnstjêrlikens stiet.

Friezen bin dus jonge fiskers, dy’t flearmûzen, liuwen, ljippen en hindes ha, neitinke oer takomst, mar tagelyk de oerfloed opfrette en opsûpe. O ja, en it hillige iis. De fonteinen wurde soms ek noch ferljochte. En der komme bankjes en dêr sit aanst safolle mienskip op dat der hiel gau romte makke wurde sil foar patat- en fiskkarren.

Dêr sil it jild wol weikomme moatte. Of we moatte tastean dat de mienskip hieltyd jild yn de fonteinen smite mei. Sneon stiene wat oare projekten yn de Ljouwerter. Mei in analyse dy’t like op in oerdreaune ûnfryske en ûnsjoernalistieke reklamefolder. Dat blykt ek wol, want guon projekten kin net iens útfierd wurde, te min jild. De provinsje wurdt aanst noch miljoenen ôftroggele, want dy kin kulturele haadstêd net stjêrre litte. Alle gemeenten sil aanst frege wurde om in euro per ynwenner. De diskusjes dêroer bin noch oan de gong at 2018 al begûn is. Mar ek dy 650.000 euro sil net genôch wêze. KH18 is in typysk produkt fan jieren herwerts: yn it begjin entosjasme, no fraachtekens, ûnrêst, útstel fan ynformaasje en in lege beurs. Normaal prate we sa’n perioade mei de frijwilligers, dy’t wat yn de holle ha. En dan witte we wat der bart. No ha we al dy lju dy’t dêr jierren mei dwaande west allegear betelle. Sûnder dat der mar ien wist dat it net gie.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s