Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

31 05 2017

Winsemius

In pear moanne lyn hie ik al foarsein dat Arno Brok der as kommissaris foar soargje sil dat der allerhande ferneamde lju nei Fryslân ta komme sille. De Paus is noch net bekaam fan Trump, dat duorret noch efkes. Ik wik jim dat kening Willem Alexander hjir fan’t jier noch komt. Dan moat hy wol wat aveseare, want yn novimber komt Sinterklaas al nei Dokkum. Dokkum sit mei syn ferline yn de tizen. Yn 754 ha se dêr namentliik de hillige Bonifatius deakneppele. En se wolle dat no goed meitsje mei it wolkom hjitten fan in oare hillige, út namme fan alle bern fan Nederlân. It hat wol kans dat de Bonifatiusbron dêrre dan ek omdoopt wurde sil ta Swarte-Piete-Plaske. Leve het duo Blok-Brok.

En dochs hiene we Arno Brok net ha moatten. Ja, it is in pûrbêste man. Mar mar ferline wike hâlde hjir in oaren in ferhaal dat sta sei. Wat binne wy kloaten. Dat ferhaal  toande oan dat we hím ha moatten hiene. Fansels, Pieter Winsemius. De meast on-VVD-eftige VVD-er. At Rutte en Zijlstra ris wat mear nei him harke hiene, dan hienen se Klaver yn de earms sletten en wienen oerrûn nei Grien Links. Sa’n man is dy Winsemius.

Hy hâlde de Rede van  Fryslân. Dêr is Fryslân mei de iepening fan it nije provinsjehûs yn 2012 mei begûn. Immen in oerke sa mar wat lulle litte. Teulings fan it CPB wie de earste. Fryslân seach der o sa moai út en dat moast mar sa bliuwe. Wientjes, de meast VVD-eftige VVD-er, hie gjin oplossing foar ús sosiale problemen. Gerdi Verbeet fertelde in jier letter dat Fryslân bestjoerlik in ûnderdiel fan Nederlân is. Dernei spruts de sjoernalist Olaf Koens; in beskamsum ferhaal, benammen oer himsels. En ferline jier wie hjir in Carlos de Bourbon dy’t fertelde dat we útkoarre promtabak wer brûke kinne, at it wat bedroege is. Hy neamde soks sirkulaire ekonomie.

Mar no, Winsemius. En Winsemius hie’t oer ús. Hy hâldt fan ús, der sit ek noch wol wat Frysk yn syn famylje. Mar hy prate net oer himsels. Hy prate oer ús bestjoerders, dy’t fierstentemin mei ús prate. En at se it wol dogge dan harkje se net nei wat wy sizze. At se dat no, lykas eartiids, wol wer dwaan soenen, soe it wurd mienskip echt wer betsjutting krije kinne. Mar it moaiste wat hy sei wie, en dat die hy twa dagen earder ek al foar de lannelike radio, dat Fryslân noch de ienige mienskip is weryn de mienskipssin wer stâl krije kinne soe. En sjoch dan nei it ferhaal fan mienskipskenner Klaas Sietse Spoelstra, moandei yn de Ljouwerter Krante, dat it kulturele haadstêd gedoch eins de boaijem wêze moat foar de wei nei in iepen mienskip yn 2030. Dan wit je dat de bestjoerders, en wy ek, no daliks oan de slach moatte.

No ha ik inkeld noch mar wat ôfstanneliks sein. Ik fertaal. Jim kinne dat ferhaal fan dat âlde lampehûske op it dykseintsje fan de Lemster fjoertoerwei. Gemeentebestjoerders woene dat ôfbrekke. In pear dagen letter stie hiel Lemmer al op dy dyk te sjongen fan bliuw mei de poaten fan ús rommel ôf. De gemeente gie fansels wol omlizzen, mar it blykt dat sokke bestjoerders noait ris troch de Lemmer kuiere, en dan prate mei of harkje nei minsken. Dy gemeente hâldt him no dwaande mei it útjaan fan biobakjes en fia de mail te melden dat at dat it dekseltsje kapot giet, en dat gean se allegear, dat je dan fanút Bakhúzen nei de Jouwer moatte om in nij dekseltsje. Begryp jim it ferskil?

Prate en harkje. We ha it ferleard yn dit lân. Deasonde. Mar dan komt Pieter Winsemius en dy leit op in gewoane toan út dat fanwege de folksaard en de noch net alhiel fertuteaze struktuer it inkel noch yn Fryslân kinne soe. En  wat dogge we dan, we litte him gewoan wer nei hûs ride. Mar we hienen him op de skouders nimme moatten en yn triomftocht troch Fryslân ferfiere moatten as in soart krúsing fan Marijke Meu, Grutte Pier en Pieter Jelles Troelstra. Mar nee, elk gie gewoan wer syn eigen paad. En dat rint nei in lân sûnder mienskipsgefoel.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s