Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

14 06 2017

Skylge oer al

At jim dit hearre bin ik al in pear dagen op Skylge. Dus dit is in bantsje. Ja, sa neamden wy dat eartiids. It sit no earne yn kompjoeters, en ik wit net iens hoe’t je dat neame moatte. Technikus Aise drukt op in knopke en hup, jim hearre my. De opmerking betsjut foar it oare net dat it net iepen stean soe foar saken dy’t troch de tiid feroarje. Dat ha’k ôfleard. Ik tocht bygelyks eartiids dat Oerol neat foar my wêze soe. Mar ik kom der no al jierren en sit dêr no dus ek. Fiif menuten fytse en je bin allinnich, en at je nei de drokte wolle wit je wêr’t dy is. Wy sitte yn in ûnderkommen tsien menuten bûten West-Terschelling. Alle dagen fyts of rin ik, soms wol fjouwer, fiif kear deis, dus by Baai Dellewal lâns.

De Boschplaat op Skylge is natuer- en natoerlik skitterjend. De Waaddyk bin ik fereale op, de briedende strânljippen kinne my al. De dúnen, de Noardseekust, spektakulair. Mar de Baai, de Baai…. hat wat spesiaals. Je wane je oan de kust fan Curaçao. Miskien ek wol oan oare kusten yn‘e wrâld, mar dy kin ik net. At je op Baai Dellewal  wat yn de hichte sitten gean, dream je fuort en sjogge hoe’t Michiel de Ruyter yn de lijte fan it eilân de grutte 17de ieuwske skippen ree meitsje liet foar de oarloch tsjin bygelyks Ingelân, want ek doe hienen we al Brexit. Je sjogge de fiskers yn harren yndertiid te lytse skipkes fuortsetten foar miskien wol de lêste reis, doe sieten se mear oer har sels yn as oer de byfangst. Under leit de jachthaven, njonken je hotel Skylge, in pear hûzen, en oan de oare kant de jeudgherberch mei wat rekreaasjehûskes. En op it swier begroeide dún der tusken yn sit ik.

Der is al in jierrenlange striid oer wat der mei Dellewal barre moat. Ein maaie wie der in ynfogearkomste mei noch trije suggestjes. Harry Westers fan Flylân wol syn hotel Skylge útwreidzje. Syn plan is no wat kompakter as it wie, mar rekkenje mar dat syn hotel byldbepalend wêze sil.

De gemeente sels set yn op wenten en apparteminten en hat in buro dêrfoar wat betinke litten. It plan is net oerdwealsk, lit ik it sa mar sizze, mar Dellewal krijt dan in wenbestemming. En wêr’t ik no sit, kin ik miskien wol net mear sitte, dan moat ik op it túnbankje op it hiem fan de finansieel wolstelde hûseigner.

En dan is der fansels noch de groep Natuurherstel Baai Dellewal, dy’t de echte natoerwearden wer werom ha wol op dat plak. Dat komt dan del op gjin hûzen, gjin hotel, dancing Dellewal net wer opboue, mar dat plak frij litte foar natoer. Op de ynformaasjejûn wiene de measte lju dêr wol foar, mar dat is ek logysk want sokke jûnen lûke no ienris mear minsken dy’t fine dat der neat barre moat. It gemeentebestjoer moat der no rille gau in beslút oer nimme.

Dan wit je hast wol dat it dy wenten wurde. It tuskenynse plan sismar. Ik sit hjir op dat dún súntsjes te flokken, want ik wol myn byld wol hâlde. Mar dan komt der in man njonken my sitten. Dy leit my út dat it gemeentesbestjoer miskien wol wat feroaret. Hy praat oer it Griene strân, oan de oare kant fan West. Jierren ha se dêroer oan it âldehoeren west. It strân drige fernield te wurden troch de bou fan grouwélige loadsen, heger as de tsjerke. En it gemeentebestjoer hat no sein dat soks net moat en dat dêr mar hûskes en apparteminten komme moatte. It tinken oer grouwélige bousels giet mei it ferstandige praat oer it yn stân hâlden fan de Noardseekust aardich fuort.

Seit dy man. En dan lit hy my sitte. Op dat dún. En ik tink ynienen at dan dy hûskes wol by it Griene strân komme, dêr wer’t se logysk stean, dan hoege der miskien gjin hûzen en apparteminten mear op Dellewal te kommen. En dan hoech ik net ôfrekkene te wurden dat ik nea wat feroarje wol. Ik pas my oan by de nije tiid en it nije tinken.

 

21 06 2017

Wetter

Pieter van Vollenhoven moat sa no en dan yn sikehûzen wat byskaafd wurde, mar oan syn holle mankearret noch neat. Hy sei fannewike dat de oerheid hieltyd mear oeral de hannen ôflûkt. En dat soks net goed is. Presies. De oerheid wol neat mei snie en sinne te krijen ha. Dat betsjutte  by de earste sinnestrielen fan it jier dat de Ofslútdyk ôfslúten wurde moast. Dêrnei is der wiken lang sûkerskjin Iselmar- en Waadwetter op dy âlde brêgen griemd, sadat se teminsten wer ticht kinne. Dat giet oant salang it Iselmarwetter ek te waarm is. Dan giet de Ofslutdyk definityf ticht.

Treinen ride net op tiid. Dy kin inkel funksioneare tusken twa en fyftjin graden, mar dan moat it net reine of waaie. Watte, allerhande technyske saken, lykas spoarbrêgen, yn de hobbel fannewike.

Ien ljochtflits fanút jo eachhoeke nei in moai famke en hup op Appelskea in bunder bosk nei de bliksem. Dêr is gjin bluswetter. Watte, op de Veluwe slaan se no ynienen wetterputten, dy bin dêr net iens. En yn de kranten mar jammerje dat yn Portugal de beammen sa ferskuorrende droech binne.

Ynienen krij we allegear berochten dat hitte ôfgryslik gefaarlik foar ús sûnens is. Watte, jongeren ha sûnt de klimaatferoaring gemiddeld ien jier letter pas seks. Te waarm.

Tink net: de bern efkes nei it swimad, want dan moat je ynienen lâns de ikeprosesjerûp yn Noardwalde. Watte, moandeitejûn seach ik ynienen mear as fyftich sweltsjes boppe ús tún. No doe wist ik it wol, dêryn , want dan sit de loft fol mei fan dy lytse ferfelende hytwaarmichjes dy’t ek noch stekke. En fierderop yn de loft hear je de Ljouwerter strieljagers; dat lûd klinkt noch in kear sa slim yn de hite wynstille jûnsloft.

At ik deputearre Kielstra wie, dan wie’k yn Sjina moai op bêd lizzen bleaun en hie my net wer nei Fryslân deporteare litten.

Want nei ien dei wat waarmer kaam it berjocht: Vitens hat net genôch wetter. Net allegear tagelyk ûnder de dûsj of oan de túnslang. Vitens is simpelwei it alâlde wetterliedingbedriuw Fryslân. Dus in bedriuw wat yn hannen is fan de provinsje en de gemeenten. Net dat dy har der bot mei bemoeie; twa kear jiers komme de wetterwethâlders fleurich by elkoar, nimme in borrel en ferdiele de sinten wermei wy dat wetter betelle ha. Fierder ynteresseart it harren net. Je dogge de kraan ommers iepen en dan is der wetter.

Nee dus. Nei ien dei tropysk waar soe Fryslân as earste provinsje al ruskdieltsjes yn it wetter sjen kinne; koe der brún wetter út de kraan komme. Brún wetter. En dat der ek wolris gjin wetter út de kraan komme kin, bygelyks at buorman  yn bad giet. Myn straaltsje begjint ek al te miezerjen….

Yn Fryslân-wetterlân hat wetter as in miegerich brún wetterstraaltsje. We moat wat dwaan. We dogge neat. Mar we ha hjir no dochs dat massale draaihouten gebou yn Ljouwert weryn Wetsus sit. Weryn wittenskippers, gelearden en studinten dageliks dwaande binne om de meast elementêre saken fan wetter te bestudearjen. En ek út te fieren, sadat we der mear mei kinne. Mar we há gjin wetter. En we hearden de politisi yn Fryslân dochs neat oars as roppen dat Wetsus krekt yn Fryslân goed te plak is. Wy brûke wetter, mar we ha der ek leafde foar. Mar studzjes oer wetter moat wetter ha. No, Den Haach jout aanst gjin lover mear foar Wetsus, studzje op ruskwetter in Fryslân droechtelân.

We hienen dus mear wetter út de grûn helje moatten by Noardburgum. Mar dat ha we net dien. Want, sizze se, we hiene net ferwachte dat de bedriuwichheid hjir sa grut wurde soe, sadat der safolle mear wetter nedich west hie. Dy selde politisi ha altyd bedriuwichheid easke en predike en no’t it der is kin we dat net oan. Ja, sliepende bestjoerders, dy grutte molkefabryken ha mear wetter as molke nedich. We ha altyd smaaklik lake om dy provinsjes dy’t wetter helje en suverje moatte út de troch de brêge by Koarnwertersân fersmoarge Iselmarwetter. No moat we dêr sels ek hinne, want oars dondert Noardburgum aanst yn de Grinzer dobbe.

Kin we dy slogan Fryslân-wetterlân ek weibargje?

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s