Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

05 07 2017

Burokrasy

It CDA yn Weststellingwerf hat in spesjaal meldpunt yn it libben roppen. Der kin minsken har dus melde. Net at se te min jild ha, of at se in minne fersoarging krije at se siik binne. Nee se kin har dêr inkeld melde at se lêst ha fan burokrasy yn de gemeente Weststellingwerf. It mei nammentlik net sa wêze, sa hat fraksjefoarsitter Albert van der Berg sein, dat burokrasy de minsken yn it paad sit at se wat regelje wolle by de gemeente. No hoopje ik dat at immen dêr yn Wolvegea freget om grûn foar in wapenfabriekje, dat Weststellingwerf dochs wol rigels hat om him tsjin te hâlden. Likegoed, Van der Berg hat gelyk. Oerstallige burokrasy  en formalisme is net noflik  foar de boarger. Wol foar de amtner, dy’t sizze kin dat neffens de rigels jo oer in trijekwart jier noch mar ris lâns komme moatte. Dan soe it moai wêze at der dan ek in rigel bestean soe dat amtners dy’t dat sizze daliks ûntslein wurde moatte. Mar dy amtner beropt him dan ek wer op burokrasy.

Myn fraach is, wêrom docht it CDA yn Weststellingwerf dit no. Is it dêr sa’n burokratyske bende, dat it CDA dêr no nei presies 500 jier lêst fan krigen hat. Want sa lang bestiet Weststellingwerf. It andert komt út Den Haach, Albert hat it net sels betocht. It grutte CDA hat al in tiid lang in webside mei as titel ”niet te geloven dat het zo erg is”. En at CDA-ers net leauwe is der wat slims oan de hân. Op dy webside freegje se elkenien om te fertellen wat foar oerstallige burokrasy der yn ús lân is. No ha de boargers al lang opjûn om dêr oer te klijen, want dêr hat noch nea in politikus of partij wat oan dwaan wollen. Dus moasten de CDA-ers sels oan de slach. Harry van der Molen krige de opdracht om DUO te skiljen. DUO regelt de stúdzjefinansieringen. Hy skille, en pas nei ien oere en fjouwer menuten krige hy immen oan de tillefoan. Myn earste fraach: is wat docht in CDA Keamerlid dy’t 64 menuten wachtsje moat foardat immen de tillefoan opnimt. Bidde of flokke? Wat foar fraach hie Harry eins foar DUO, want Harry studeart net mear. Lit we mar sizze dat it gie oer in eventuele skuld fan Harry oan it ryk foar stúdzjebydrage. Want oars hie Harry net belje moatten want it past Keamerleden net om drok oerbesette tillefoanisten fan har wurk ôf te hâlden, omdat je sa graach wat melde wolle oan de webside fan it CDA.

Fansels is it net noflik dat jo somtiden lang oan de tillefoan wachtsje moatte. Of dat je hieltyd trochferbûn wurde mei minsken dy’t je net ha moatte. Mar dat is gjin burokrasy. Want de ienigste oplossing dêrfoar is dat DUO mear minsken en lijnen ynhiere moat. En dan kostet de stúdzjefinansiering samar miljoenen mear. En dat moat wy dan ek wer betelje. Dus dat kin net. Nee, je soenen gewoan soargje moatte dat Harry genôch oare dingen te dwaan hat, mar dat sil wol nuodlik wurde at it CDA yn it regear komt, want dan hoecht hy inkeld mar hieltyd ja te sizzen. Yntusken regelje wy ús saken wol op de mail of de what’s app, je hoege ommers net mear te beljen. En miskien dat it CDA dan wat dwaan kin dat je ek net hieltyd belle wurde troch minsken dy’t de Libelle of in fakânsje oan je ferkeapje wolle.

No kin ik Albert van der Berg in bytsje en ik wol him helpe. Albert, doch de webside fan de gemeente oan, druk op regelgevingen van de gemeente. Blêderje dat ris troch. Sjoch it stean: agressieprotocol. Do wist net iens wat it is. Delete. En al dy oare dingen ek. Der stiet earne: besluit onder mandaat waarmerken en bekend maken in digitale verschijningsvorm van ruimtelijke instrumenten, plannen en besluiten. Fuort mei dy rommel. Njoggen fan de tsien rigels. Noait immen dy’t dat lêst of der mei wurket. Inkel de amtners yn Nederrlân sitte op bulten fan dy nutteleaze rigels en dat hindert de mienskip wol degelik. Do hoechst de minsken net te freegjen, do wist it sels wol.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s